Digitale dominy

De digitale dûmny

De digitale dûmny

DDD en WWW
Dit blog hat in miskien wat kryptyske titel meikrigen, mar it giet oer De Digitale Dominy yn relaasje ta it World Wide Web. Ik hie mysels te’n doel steld om yn myn stúdzjeferlof ris wat nei te tinken oer in media-strategy foar dominy’s. No’t ik fiif wike op De Feanhoop yn de Skriuwersarke sit, kin ik hjir moai oer neitinke. Ik ha hjir gjin lêst fan digitale ûnrêst: televyzje noch ynternet; ‘smartphone’ noch ‘tablet’. Gjin better plak om nei te tinken oer in media-strategy. Want wat moat ik as dominy mei alle digitale útdagings? Moat ik aktyf wurde op facebook? In eigen webside bouwe? Twitterje? Ik ha der no al wurk fan om alle e-mail op tiid te beänderjen.

Ik wurd hinne en wer slingere tusken tsjinstelde tinzen. Ik wol fansels net foar âlderwetsk fersliten wurde: ‘sjoch, dy dominy hat syn preek noch op papier, en net digitaal op ‘facebook’ of webside.’ Of: ‘sjoch, dat is dy saaie dominy dy’t syn preken net tagonklik makket mei moaie plaatsjes op de beamer’. Of: ‘sjoch, dat is dy dominy dy’t net iens twitteret’.

Oan de oare kant kin ik myn tiid wol op yn myn gewoane wurk. Hoe kom ik ta oan al dy digitale kontakten? Ik ha kontakten genôch! Ik wol ek net allinne imazjinêre kontakten hawwe mar minsken ‘live’ meimeitsje. Ik wol gjin ‘community’ op ynternet bouwe, mar in gemeente fan minsken dy’t elkoar ‘live’ moetsje: fan minsken dy’t harren gelok en fertriet, harren ynspiraasje en frustraasje by elkoar kwyt kinne. En dy’t tagelyk op ’e nij opladen wurde troch wurden en symboalen dy’t ús fier te boppe geane.

Oan de iene kant wol ik ferhipte graach in iPhone hawwe. Wat in prachtige technyk. En in iPad is ek ferhipte maklik. Dan kin ik oeral e-maile en twitterje en bin ik net beheind ta myn thúswurkplak. Bin ik oeral en altyd ‘on-line’. Mar oan de oare kant bin ik skeptysk. Sûnt wannear kin it bliid boadskip twitterjendewei ferkundige wurde? De preken binne miskien wol koarter wurden, mar om it boadskip no ta 140 tekens te beheinen? Wy binne as dominy dochs de minsken fan it wurd! En gjin kwinkelearjende fûgels? Mar tagelyk betink ik dat de earste kristenen yn Rome der ek al wat fan koenen. Dy betochten yn de tiid fan de ferfolgingen koarte boadskippen. Ichtus, it Gryksk foar fisk, foarme yn wurd of tekening in geheim boadskip. De earste letters fan de Grykske wurden: ‘Jezus Kristus, Gods Soan, Rêder’ meitsje Ichtus. Dat binne 25 tekens en ek noch ris ôfkoarte ta 6!

De útkomst fan dit yngeande ûndersyk is fansels dat eltse dominy sels syn of har kar meitsje moat. It hat mei styl en foarkar te meitsjen. Mar wy kinne net hielendal sûnder. Ik kin my net yntinke dat der dominy’s binne sûnder e-mail. Dy elektroanyske post hat ús wurk yn 20 jier folslein feroare. En dat sil yn de kommende jierren trochgean mei nije ûntwikkelingen. It is ôfwachtsjen hokker kant it opgiet. Nije techniken en kultuerfoarmen binne net ferkeard, it is mar krekt hoe’t wy dy brûke, ek yn tsjerkewurk. Foar mysels jildt dat ik gewoan skerp hâlde moat wêr’t it om giet: it heechhâlden fan Jezus syn boadskip fan leafde en genede, fan frede en rjocht.

Ik bin der sa njonkenlytsen al aardich út. Foar my earst gjin ‘smartphone’ of ‘tablet’ mei digitale mooglikheden op alle oeren fan de dei. Dat past net by my. Ik wol net hieltyd mei twa of mear saken tagelyk dwaande wêze. As ik rin, dan rin ik, as ik bid, dan bid ik, as ik lês, dan lês ik, as ik mei immen praat, dan praat ik mei immen. As ik digitaal gean wol, dan gean ik digitaal op myn eigen tiid en oere. Mar der komt wol in webside mei myn eigen profyl. DDD is te finen op it WWW. Wa’t my dan nedich hat, kin my fine.

1 july 2011