Louter leafde as wapen

Stille Zaterdag 2015 (FD)Preek foar Goed Freed 2015

Gemeente fan Kristus, bêste minsken,

1.
Goed Freed. It is hjoed in aparte dei, miskien wol de mistreastichste dei fan it jier, nammentlik dat wy betinke dat Jezus ombrocht en stoarn is. Jezus hat jierren lang de goedens fan God toant oan de minsken. Jezus hat ‘in levende lijve’ it goede fan God foar-libbe. Hy hat de minsken toant wa’t God is. Hy hat sjen litten wat genede betsjut, wat ferjouwing is, leafde, genêzing, en rjochtfeardigens! Hy joech minsken fertrouwen, hope en takomst. 

Mar tagelyk: de wrede wrâld woe der net oan. It goede fan God wie in bedriging foar in soad minsken. Want safolle minsken profitearje ommers fan sûnde, ûnrjocht en ellinde. En safolle minsken sitte fêst yn harren bestean, wolle net feroarje, binne bang foar Gods goedens. Op dizze Freed komme alle ferkearde machten en krêften by elkoar en dogge der alles oan om God út dizze wrâld te bannen, fuort te dowen, te ferjitten. It goede fan God is ommers té ljocht, té earlik, té rjochtfeardich, ja té gefoelich foar in soad minsken. Foar ús minsken.
Fuort dermei, dea meitsje, krúsigje! Dan binne wy der fanôf.

En soks docht sá sear. Omdat wy witte dat it hjoed de dei faak ek sa giet.  Dat it hjoed de dei ek liket as oft sokke machten it foar it sizzen hawwe. Dat it goede fan God fuortdien wurdt, sa fier mooglik ferdrukt nei de râne. Fuort dermei.

2.
Op Goed Freed 2015 sjogge wy om ús hinne. Soks dogge wy faak rûn Kryst en Peaske, twa fan de wichtige feesten yn it grutte keunstwurk dat ‘tsjerklike jier’ neamd wurdt. Mominten om stil te stean, de balâns op te meitsjen .

En wy sjogge dat der in soad swierrichheden binne yn ús wrâld. Oarloch yn Europa. In fleantúch út ‘e loft sjitten. En as der fan ûnderen net sjitten wurdt, is der wol in sike geast dy’t in fleantúch moedwillich delstoarte lit. Minsken reitsje op drift troch de ellinde yn harren lannen. Se sykje yn grutte groepen om in bettere takomst. Wy sjogge de bylden fan minsken dy’t omkomme op see. Parten fan de Islamityske wrâld radikalisearje en nimme har taflecht ta ekstreem geweld, net allinne yn it Midden Easten. En der binne gewoanwei in soad minsken dy’t har foardiel dogge mei de ellinde fan oaren. Dêr kin ik poer om wurde…

Is de hiele wrâld dan ferkeard? Nee, fansels net. En aldergelokkichst net. Der binne altyd noch in soad minsken fan goede wil. De measten! Dy fine wy oeral. Dat kinne wy net yndiele yn groepen. Yn alle lannen, groepen, geloven en tradysjes fine wy goede en oprjochte minsken. Minsken mei in waarm en goed hert.

3.
Dy goedens fan minsken wurdt lykwols wol op ‘e proef steld. Hoe geane wy om mei in wrâld dy’t te kear giet? Mei de driging, mei it geweld fan oanslaggen, mei it misbrûk fan minsken. En net allinne mei de hurdens fier fuort. Hoe geane wy om mei de hurdens fan ússels en minsken om ús hinne. Hoe geane wy om mei de ûnferskeligens? Want al dy dingen fan de grutte wrâld, spylje op in lytsere skaal ek yn ús eigen libben. Hoe geane wy dêr mei om??

Ik moat dêrom tinke oan in gebed dat wy faak brûkt hawwe yn de ôfrûne 40-dagen. Ik ha it brûkt yn ús tsjinsten en hiel regelmjittich by Nijkleaster, elke wike suver wol:

Ivige, goede God
wij waarmje ús
oan de belofte fan
in goede, in hielmakke skepping.

Wij hâlde it by
louter de leafde as ienige wapen,
bliuwe sykjen nei fersoening en frede,
bliuwe langjen nei freonskip.

Elkoar skinke wy
oan jo hoede
oan elkoars omtinken en soarch.

De wurden ‘louter de leafde as wapen’ hawwe my dêrby hieltyd rekke. It is ommers ‘gewoan’ dat wy yn situaasjes fan geweld en bedriging sels ek geweld brûke. Dat wy weromslaan wannear’t wy slein wurde. Dat wy foar ús eigen belang geane, wannear’t oaren dat ek dogge. Dat wy ûnferskelich wurde te midden fan alles wat der bard yn ús eigen libben en te midden fan alle bylden dy’t op ús ôfkomme. It is net mear as gewoan wannear’t minsken harren fûsten balje yn situaasjes fan bedriging en ûnrêst.

‘Louter de leafde as wapen’?

4.
Jezus libbe de goedens fan God. Hy hat de minsken toant wa’t God is. Hy hat sjen litten wat genede betsjut, wat ferjouwing is,  en leafde, genêzing, en rjochtfeardigens! Hy joech minsken fertrouwen, hope en takomst. Hy gie de minsken foar op it paad nei it keninkryk fan God.

Yn syn tiid wienen der in soad minsken dy’t dêr nei longeren. Dat wienen foaral de minsken dy’t gjin kant mear út koenen: in soad froulju, earmen, siken, slaven, rjochteleazen. Mar der wienen ek in soad minsken dy gjin feroaring woenen. Feroaring is in grut kwea foar minsken dy’t it goed hawwe. Feroaring ropt altyd konservative krêften op. En slimmer: ljocht makket minsken bang dy’t fan it tsjuster libje. Sûnde en ûnrjocht hawwe in ferslaavjende wurking! Op Goed Freed liket it dat alle it kwea alle krêften bondelet om it goede fan God de wrâld út te helpen: de Romeinen en de setbazen fan de Romeinen likegoed as de (religieuze) lieders fan it Joadske folk. Alle macht giet no tekear.

En wat docht Jezus en wat dogge syn folgelingen? Se wolle noch in fûst meitsje en ien grypt nei it swurd. Jezus seit dat it sa wol ta kin (Lukas 22: 51). En makket it slachtoffer better. Yn it Mattéus evangeelje seit Jezus dêrby: ‘Doch it swurd wer op syn plak, want dy’t it swurd brûke, sille troch it swurd omkomme’ (Mattéus 26:52).

Fierders is Jezus warleas en kwetsber. Hy wurdt oppakt, ferret, ferlitten, martele, húnd, belachelik makke en by eintsjebeslút op in ferskriklike wize ombrocht.

Jezus hie as kening fan de Joaden, as Messias, as de Kristus dochs alle reden hân om in fûst te meitsjen, om geweld te brûken, om syn macht jilde te litten, om lilk te wêzen, om syn wanhope te uterjen. En it wurdt him ek hieltyd sein: ‘Rêd josels!

Mar syn lêste wurden binne wurden fan ferjouwing oan syn beulen
‘Heit, ferjou it harren want se witte net wat se dogge.’
Mar syn lêste wurden binne wurden fan hope en takomst oan de misdiediger neist him:
‘Wier, ik sis jo, hjoed sille jo mei my yn it paradys wêze.’
Mar syn lêst wurden binne wurden fan fertrouwen yn it djipste fan ellinde oan syn Heit:
‘Heit, yn Jo hannen betrou ik myn geast.’

5.
Sa libbe en sa stoar Jezus mei louter de leafde as wapen. En it krús is it symboal wurden dêr’t syn folgelingen him mei symbolisearje. Apart no: hoe kinne jo no in martel wurktúch  dêr’t Jezus mei ombrocht wurden is,  brûke as symboal? It krús as teken fan syn kwetsberens, syn geweldleazens, syn leafde.

Dat wie en is beslist net de maklikste wei om te gean,
mar it is de wei fan de wierheid en it libben.
It liket yn it tsjuster op te hâlden,
mar it is de wei fan it ljocht.
It liket op de dea út te rinnen,
mar it is de wei fan de opstanning.

Dêrom neame wy dizze mistreastige dei:
Goed freed.

Wij hâlde it by
louter de leafde as ienige wapen,
bliuwe sykjen nei fersoening en frede,
bliuwe langjen nei freonskip.

Amen.