Paulus: homohaat of manljusleafde?

Preek foar snein 24 jannewaris 2010

Gemeente fan Kristus, bêste minsken,

1.
Yn de oanrin nei de Paulus-musical yn maart ha wy fiif learhûsjûnen ynroastere. Moandei 11 jannewaris hawwe wy ús yn it learhûs mei sa’n 25 minsken bûgd oer de tematyk fan de (homo)seksualiteit. Nei de tema’s fan de diskriminaasje fan Joaden (Joad of antysemyt) en de ûnderdrukking fan froulju (Seksist en feminist), binne wy hjoed ta oan de hâlding dy’t Paulus hie foar homoseksualiteit oer. Wer sa’n fleurich ûnderwerp ☺. It is net oars, wy komme der net ûnderút. Want Paulus syn wurden wurde yn guon rûnten oanhelle, en mar wer op ’e nij sitearre as bewiis fan Gods tsjinsin en ôfkear fan homoseksualiteit. Wy hawwe yn in earder stadium al nei ferskate teksten sjoen. Dat wie doe’t wy in beslút nommen hawwe oer it segenjen fan beide hetero én homoseksuele relaasjes yn ús gemeente (learhûs fan 2007-2008). Hjoed sjogge wy dan spesifyk nei dé sintrale teksten fan Paulus op dit gebied.

2.
Ek al hawwe wy yn eardere jierren in beslút nommen oer it segenjen fan relaasjes, dan wol dat noch net sizze dat de diskusje sletten is. Der binne ommers grutte groepen kristenen dy’t Paulus op sa’n wize ynterpretearje dat er homoseksualiteit ôfwiist. De measte tsjerken yn ’e wrâld hawwe sa’n negative miening, of binne hertstochtlik ferdield op dat mêd. Hjoed-de-dei is de Anglikaanske tsjerke slim ferdield. Earst hawwe se it swier hân mei de ordinaasje fan froulike prysters en biskoppen, en no komt de diskusje oer homoseksualiteit deroerhinne. De ordinaasje fan de homoseksuele pryster Gene Robinson ta biskop fan New Hampshire hat alles op skerp set. Dy pryster hat, tusken heakjes, in wichtige rol spile by de ordinaasje fan Barack Obama ta presidint.

Mar de diskúsje is net allinne noch lang net sletten omdat der minsken binne dy’t it mei homoseksualiteit yn tsjerke net iens binne. Wichtiger is dat homoseksuele minsken noch altyd stride moatte foar har bestean. Yn tal fan lannen stiet der de deastraf op, of in (libbens)lange finzenisstraf. Yn Nederlân moatte homoseksuele minsken altyd wer oppasse en foarsichtich wêze. Hoe faak net wurde sy ynelkoar slein? En hoefolle jongelju hawwe it net swier mei it útfinen fan har seksuele identiteit? Der binne in protte dy’t har (ûnbewust) bepale litte troch de negative hâlding fan har miljeu. Ik sjoch tal fan minsken dy’t sa net ta har bestimming komme. Hjir yn ús doarpen ek.

3.
Wy hawwe hjoed de wichtichste teksten fan Paulus lêzen dy’t altyd oanhelle wurde yn dizze diskusje (I Kor. 6, 6-9 en Rom 1, 26-27). Ik wol earst wat sizze oer Paulus’ wurden yn de Korinte-brief. En dan aanstens oer de wurden út de Romeine-brief. Dat binne twa te ûnderskieden aspekten yn de diskusje.

De wurden dêr’t it om giet yn de Korinte-brief binne ‘skandejonges’ (schandknapen) en ‘jongesskeiners’ (knapenschenders). It giet om de seksuele kontakten tusken folwoeksen manlju (jongesskeiners) en jonge(re) jonges (skandejonges). Dat wie yn de Grykske âldheid net alhiel ûngewoan en kultureel ynklaaid. Mar yn Paulus syn tiid wie dat (fer)wurden ta seksuele útspattingen fan folwoeksen manlju dy’t jongere jonges brûkten foar har geniet en befrediging. Wêr’t it by Paulus hjir dus om giet is seksueel misbrûk. Neat mear en neat minder! Dêrom set Paulus it ek yn in rige fan oare ûndeugden! Hy set it yn in rige fan ûnakseptabel moreel gedrach: ûntucht, ôfgoaderij, troubrek. En hy hat it oer dieven, ynklauwers, sûplappen, lasterders of rôvers. Soks heart net by God en net by it keninkryk fan God. Dy punten wurde yn de diskusje trouwens net faak oanhelle. It binne altyd dy twa wurden: ‘skandejonges’ en ‘jongesskeiners’ dy’t oanhelle wurde tsjin homoseksualiteit. Mar wêr’t Paulus it hjir oer hat, hat perfoarst neat te meitsjen mei in seksuele leafdesrelaasje fan twa minsken fan ien selde geslacht (want dat is dêr’t wy it oer hawwe mei homoseksualiteit yn de moderne diskusje). It giet hjir dus wier net oer homoseksualiteit, ek al hat it wol te krijen mei seks tusken twa minsken fan itselde geslacht! It hat te meitsjen mei seksueel misbrûk fan jongere jonges troch machtige en rike manlju sa’t Paulus dat meimakke hie yn de havenstêd Korinte. Dêr is er poer op tsjin. Dat set er yn in rige fan ûndeugden dy’t net passe by it ryk fan God.

4.
It liket oars yn de Romeine-brief. It liket mear op homoseksualiteit dêr’t Paulus it no oer hat. Der stiet ommers:

‘Dêrom hat God har oerlevere oan skandlike hertstochten, want de froulju hawwe de natuerlike omgong fan ’e geslachten ferruile foar dy tsjin ’e natuer. Krekt sa hawwe de manlju de natuerlike omgong mei froulju oerjûn en binne no gleon fan begearte nei elkoar. Sa slane manlju op skandlike wize mei-inoar om en krije dêrmei yn harsels it fertsjinne lean fan har ôfdwaling.’ (Romeinen 1, 26-27)

Dat minsken dat lêze as ôfwizing fan homoseksualiteit, dêr kin ik better ynkomme. Yn de Korintebrief is it fier socht. Hjir liket it mear op homoseksualiteit yn de moderne sin. En it wurdt as skandlik bestimpele.
Mar wy moatte no net ferjitte dat Paulus gjin idee hie fan homoseksualiteit sa’t wy dat hjoed de dei kenne. Hy gong út fan de seksuele omgong neffens syn opfetting fan de  natuer: manlju mei froulju. Hy hie gjin weet fan relaasjes fan leafde en trou tusken minsken fan itselde geslacht. Seks tusken minsken fan itselde geslacht kaam wol foar, mar net as in alternatyf foar de leafdesrelaasje tusken minsken. Dus wannear’t wy de wurden fan Paulus streekrjocht tapasse op wat wy hjoed de dei as homoseksualiteit kenne, dan liket it dat wy it oer itselde hawwe, mar yn werklikheid hawwe wy it oer ûngelikense fenomenen.
Mar wêr hat Paulus it dan wol oer? Krekt as yn de Korinte-brief bewiist er hjir ek wer dat hy tige kontekstueel tinkt. Hy hat weet fan de lokale situaasje en gong derop yn. Yn Grikelân oer de jongesskeinders. En yn Rome hat er weet fan de seksuele losbannichheid fan de bestjoerlike en militêre elite. De seksfeesten en de orgyen binne bekend út it hiele Romeinske ryk mar benammen út Rome. Dêr wie wat rykdom, lúkse, iten en drinken, en klean oanbelanget gjin nee te keap. Mar de oare kant fan de macht en lúske wienen ek te finen: machtsmisbrûk, slavernij, earmoed, ‘moord en doodslag’. De feesten wienen legindarysk en sprekwurdlik. Dêr wie al hielendal gjin nee te keap. Foaral op it mêd fan iten, drank, stimulearjende middels en seks! Yn sokke situaasjes rekken manlju en froulju gleon op elkoar. Dêr giet Paulus hjir tsjinyn. Hy sjocht ûntwikkelingen dêr’t minsken allinne mar dwaande binne mei har eigen lusten en befrediging. Dêr’t it allinne noch mar giet om eigenbelang, sûnder noarmen en wearden. Dêrom neamt er hjir ek al dy oare morele ûndeugden. It giet net allinne om dizze seksuele útspattings. Hy set it op ‘e nij op in rychje: Se sitte fol fan ûngerjochtigens, minnens, ynklauwerigens en ferkearden. Se binne smoarfol oergeunst, moardsucht, tsierderij, bedragerij en gemienens. It binne rabbelskûten en lastertongen, haters fan God,  brutale opskeppers. Se fine alderhanne kwea út, binne ûnbetrouber ensfh. By eintsjebeslút seit Paulus: ‘sy kenne gjin leafde en begrutsjen’ (zonder liefde en barmhartigheid). Sjoch dêr giet it Paulus om! De wurden fan Paulus steane yn in grutter ferbân (krekt as yn de Korinte-brief). Wy hoeve der net ien punt allinne mar út te heljen. Paulus striidt tsjin in libben sûnder leafde en begrutsjen. Dat wol hy de kristenen yn dizze Romeine-brief meijaan.

Mar hy reagearret net op leafdesrelaasjes fan minsken fan ien en itselde geslacht. Dat bestie net foar him. Hy giet tekear tsjin misstannen dêr’t minsken allinne noch mar by dwaande binne mei har eigen macht, posysje, befrediging en gjin each mear ha foar oaren. Oaren binne dan allinne noch mar gebrûksfoarwerpen om eigen genot te berikken en eigen macht te befêstigjen.

5.
Sjoch, dan komt it ynienen ferhipte tichteby ússels. Dan giet it oer ús allegear. Dan brûke wy de teksten net mear as stok om oaren te slaan, mar om nei ússels te sjen. Want dat hat it boadskip fan de tsjerke altyd west foar ús allegear, nammentlik dat God in God is fan leafde en trou en dat wy dat beänderje meie yn ús libben. Dat wy leare te libjen yn leafde en mei barmhertigens (in liefde en barmhartigheid). Dat jildt foar al dy ûnderdielen dy’t Paulus neamt.

As wy dat fertale nei ús eigen libben fan hjoed-de-dei dan sjogge wy by dizze gelegenheid wat spesifiker nei dy teksten dy’t altyd oanhelle wurde yn de diskusje oer homoseksualiteit. Want der is genôch te sizzen oer it seksuele misbrûk dêr’t de Korinte-brief it oer hat en oer de misstannen dêr’t de Romeinebrief de finger by leit. Ynstee fan te praten oer homoseksualiteit kinne wy it no ha oer it misbrûk dat plakfynt mei bern en jonge minsken. No hawwe wy it ynienen oer berneporno (kinderporno), oer sekstoerisme nei Thailân (en nei safolle mear plakken yn de wrâld), oer it misbrûk fan de swaksten yn jongerein‘gangs’ en  finzenissen. Dan tinke wy oan heiten en leararen dy’t misbrûk meitsje fan harren macht en posysje. En prysters en dominy’s! Wy hawwe it oer it ferskynsel fan ‘leafdesjonges’ (loverboys). En it giet dan net om hetero, homo of pedoseksualiteit, it giet om misbrûk fan macht en seksualiteit, hoe dan ek!

En as wy de tekst yn de Romeine-brief yn eagenskou nimme, dan giet it om de ûnbedimme gleonens. Om ûnbedimme eigen befrediging, dêr’t blykber alles by tastien is. Seksualiteit stiet net mear yn it teken fan leafde en barmhertichheid, mar minsken wurde brûkt en misbrûkt foar de eigen ‘kick’, de befrediging fan de eigen gleonens. De segeningen fan de moderne media binne op dit mêd net te priizjen. Foaral it ynternet helpt mei oan in pornografyske eksploazje. En jimme witte wol, ik bin wier net keken (preuts), en ik ha yn eardere tsjinsten ek wol in lofsang songen op de seksualiteit. Mar de smoargens dy’t men hjoed-de-dei tsjinkomme kin, dêr is de ein fan wei. Dêr wearzgje ik fan. Dat hat neat mear te meitsjen mei leafde, mei soarch of mei yntimiteit en waarmte.

6.
Wie Paulus in homohater of in foarstanner fan manljusleafde? Och hearken, nee. Hy wist net iens wat it wie, teminsten net op de wize sa’t wy dêroer tinke. Hy hie syn eigen tinzen en wie kritysk oer wat er yn de grutte wrâld om him hinne seach, oft it no wie yn Grikelân of te Rome. Hy brocht it boadskip om God te earjen mei it hiele libben en dêrmei dus ek it hiele lichem. Om net te libjen mei ûntucht, ôfgoaderij en troubrek. Net as dieven, ynklauwers, sûplappen, lasterders of rôvers. Om net te libjen yn ûnrjocht, minnens, ynklauwerigens en ferkeardens. Om net smoarfol te sitten fan oergeunst, moardsucht, tsierderij, bedragerij en gemienens. En om hiel hoeden en sûnder misbrûk om te gean mei seksualiteit. Dat boadskip stiet hjoed-de-dei noch hielendal sintraal. Dat wy libje meie yn leafde en barmhertigens!

Amen.