Krêft foar ûnderweis

Preek foar snein 16 oktober 2005
5de snein fan ’e hjerst
(Matteüs 17: 1-13)

Gemeente fan Kristus.
Bêste minsken,

1.
Yn it jier 563 stapte in Ierske muonts oan ’e wâl op it lytse eilân Iona foar de Skotske westkust. Hy neamde him Colomba en mei 12 oare bruorren boude hy in kleastermienskip op dat rûge eilân fier fan ’e bewenne wrâld. It wiene muontsen neffens de Keltysk-kristlike tradysje, in tradysje dy’t it libben hâlden hie nei de delgong fan it Romeinske Ryk yn ’e fyfde ieu. It Keltyske Kristendom wie net ûntstien as kombinaasje fan Kristendom en Romeinske kultuer, lykas rûnom yn West-Europa wol it gefal wie (sa ûntstie de Romeinske, Roomske Tsjerke) mar earder in griemmank fan it Kristendom en de Keltyske kultuer. It foel benammen op dat sy hiel deun by de natuer stienen. Noch singelierder wie dat de Keltyske muontsen en misjonarissen de ynlânske kultuer fan de minsken net fersmieten of lytsachten.

Dy aparte Keltysk-kristlike kultuer koe it lykwols ek net hâlde doe’t de (universele) tsjerke fan Rome opkaam fan it Europeeske kontinint ôf. It kleaster kaam yn ’e 13de ieu yn hannen fan de Benediktinen. Dy bouden it yn de lette midsieuwen út ta in ymposant kompleks. De muontsen libben binnen de muorren fan ’e abdij neffens de regels fan Benediktus. In pear ieuwen dêrnei, lykwols, makke de Skotske reformaasje in ein oan it kleasterlibben op Iona. De Iona-abdij waard ferlitten en rekke ta ferfal. Oant it begjin fan ’e 20e ieu bleau it in ruïne.
(Soks is hiel oars wat as yn Fryslân. Mei de reformaasje binne yn Fryslân, yn opdracht fan ’e Fryske Steaten (1518) alle kleasters oan ’e grûn ta ôfbrutsen. Net ien kleaster is bewarre bleaun, noch net in ruïne)

2.
No geane wy in hiel ein fierder yn ’e tiid. Yn 1930 waard Ds. George McLeod predikant yn in arbeiderswyk yn Glasgow. It wie yn ’e tiid fan de grutte depresje. De finansjele merken fan Europa foelen as in kaartehûs in inoar en rûnom wie wurkleazens. Fansels ek yn ’e wyk fan ds. MacLeod. Hy wie ferbjustere doe’t er fernaam dat de tsjerke gewoan trochgie mei it ferkundigjen fan it ‘geastlik’ boadskip sûnder har yn werklikheid om it lot fan ’e minsken te bekroadzjen. Hy wie ûntdien doe’t er de grutte ôfstân, tsjinstelling kin men wol sizze, seach tusken snein-moandei, tsjerke-wrâld, geastlik-materieel. Dêrfandinne dat syn gemeente útein sette mei projekten ta stipe fan ’e earmen en wurkleazen. Dat wie wat: de tsjerke dy’t wurk makke fan de klassestriid!
Ds. MacLeod hie in protte arbeiders en hantwurkslju yn ’e wyk. Wurkleas rûnen dy dêr wat om en sa fertoarken sy mei-inoar! Op dat stuit kaam hy mei it idee om de ruïne fan ’e abdij fan Iona, dy’t sûnt it begjin fan de 20ste ieu yn hannen wie fan de tsjerke fan Skotlân, op ’en nij op te bouwen. En dat is yndie bard ek! Fansels is it ferhaal folle langer, yngewikkelder en kleurriker as ik hjir no sa hjoed efkes sketse kin. Mar fan 1938 oant likernôch 1967 (30 jier) is der boud oan ’e restauraasje fan it abdijkompleks. It waard dien troch arbeiders yn oparbeidzjen mei teologystudinten (dy’t it echte libben kinnen leare moasten!) ûnder lieding fan ds. MacLeod. Hy soarge foar de finansiering, al moast hy it bytiden, as pasifist, ek by de baronnen fan ’e wapenyndustry weihelje!

3.
Nei dizze rite fan bou en opbou moast de Iona-mienskip beslute oer hoe no fierder. De leden woenen net in religieuze mienskip yn ôfsûndering fan de wrâld. Sy wienen (en binne) fan betinken dat it evangeelje hannen en fuotten krije moat op it plak dêr’t minsken yn ’e wrâld libje. Lang om let giet it dochs oer “Lit Jo Keninkryk komme en wil dien wurde op ierde lykas yn ’e himel” (Matt. 6:10). Minsken kinne lid wurde fan ’e mienskip en libje neffens de regels (fan de Iona-mienskip) op harren eigen wenplak! Sa foarmje sy in (kleaster) mienskip, dy’t stuollet op protestantske grûnslach. De Iona-abdij foarmet foar de leden in soarte fan ‘thús by mem-en-dy’ dêr’t sy geregeldwei weromkomme. Sy binne om sa mar te sizzen ferbûn mei Iona as mei in spirituele nâlestring.
Sûnt de Iona-abdij ôfboud is stiet dy ek iepen foar besikers. Der wurde minsken fan rûnom oer de wrâld ûntfongen. Hokker (soarte) fan minsken? Minsken dy’t sykje nei rêst en ferstilling, minsken dy’t op azem komme wolle, minsken dy’t nije ynspiraasje opdwaan wolle, minsken dy’t ôfstân nimme wolle of moatte fan thús, minsken dy’t hielens brek binne, minsken dy’t liturgyske fernijing ûnderfine wolle, minsken dy’t lekker (Iona-) lieten sjonge wolle, minsken dy’t genietsje wolle fan ’e mienskip; minsken dy’t graach kuierje meie. Foar de measte gasten sil it in kombinaasje fan dy motiven wêze. Hoe dan ek….. de minsken dy’t de relatyf lange reis nei Iona ûndernimme, moatte ferplichte harren hastigens ôflizze. De reis mei de trein, ferrie en bus jout jin wier it gefoel te reizgjen ‘oan ierdryks einen ta’ (Hannelingen 1:8). Ienkear op it eilân sels is men oerlevere oan de eleminten fan wyn en waar, oan de stiltme, oan de keale lânsdouwe. Alle hulen falle hjir ôf. Dêr kin men net mear weikrûpe foar de realiteit fan it libben sels, foar de djipte fan jins siels. De regelmjitte fan it abdijlibben (mei in tsjinst om 9.00 oere moarns en jûns) konfrontearret jin hoe dan ek mei jins libben, mei jins leauwen. Dêr wurdt men stil foar God.

4.
Sa reizge ik yn ’t lêst fan septimber as pylger nei it hillige Iona (en Glasgow!) mei 14 oare kollega’s. It wie yn ien wurd in geweldige reis. Om ’e lizzing en de natuer fan Iona, om ’e ymposante ploech kollega’s, en om ’e spiritualiteit yn ’e abdij, wie it in nea wer te ferjitten ûnderfining. Ik fielde my hiel deun ferbûn mei de natuer, mei de minsken om my hinne, mei mysels, en mei God. It wie in religieuze toperfaring. Wylst ik dêr wie, tocht ik: ‘Hjir soe ik wol bliuwe wolle. Hjir kin ik myn tintsje wol opsette. Hjir kin myn libbenstocht, myn pylgertocht wol ta in ein komme. Hjir fiel ik my ferbûn mei de oarsprong fan it bestean. Hjir stiet myn libben yn it folle ljocht.’ En hjir krekt luorket it gefaar! Winliken wist ik it ek wol. It ferhaal fan Jezus op ’e berch (Mattéus 17: 1-13) wie dy hiele wike in fêste reisgenoat.

Jezus jout him, tegearre mei Petrus, Jakobus en Jehannes ôf om allinnich wêze te kinnen. Krekt dêr, boppe op ’e berch, yn alle rêst en stiltme, dêr bart it. ‘Foar har eagen feroaret Jezus fan gedaante, it antlit strielt him as de sinne en de klean wurde him wyt as it ljocht’. Dy tekst fan Matteüs 17 beskriuwt de religieuze ûnderfining fan Jezus en de learlingen, boppe op ’e berch. Ut ’e drokte wei, út ’e swierrichheden fan al den dei. It is in religieus hichtepunt, de ûnderfining fan ferljochting, it djippe ynsjoch fan it begripen. Petrus hat dan, lykas altyd, in lumineus idee. ‘Hear, it is goed dat wy hjir binne. As jo wolle sil ik hjir trije tinten opsette’. Petrus wol, en dat is folslein te begripen, dy geweldige ûnderfining fêsthâlde en boppe op ’e berch bliuwe. Hy wol de ûnderfining fan it goede net kwytreitsje. Net werom nei de drokme en swierrichheden fan ’e wrâld. Net werom nei de hurde wurklikens (fan de haadstikken út it Mattéus – evangeelje dêrfoar): de moard op Jehannes de Doper, de kloften minsken dy’t har folgen, de siken dy’t hiel wurde woenen, it harsensskrabjen mei de fariseeërs, de striid om ’e
macht en autoriteit, de opdracht om it krús op te nimmen en Jezus nei te folgjen. Nee, seit Petrus, it is in lust en wês hjir op ’e hege berch. Lit ús dizze toperfaring, dizze religieuze boppeslach, fêsthâlde. Lit ús hjir ús tinten opsette.

Lykwols, Petrus (hy wie noch net iens útpraat) wurdt daliks it leksum lêzen troch in stim út ’e wolk: ‘Dit is myn Soan, myn ynleave Jonge, dêr’t Ik sa wiis mei bin. Harkje nei Him’. Oars sein: ‘Harkje net nei Petrus. Hear nei Jezus en folgje him’. Fuortdaliks dêrnei nimt Jezus de learlingen mei werom nei ûnderen, nei de hurde wurklikens, nei it plak dêr’t it evangeelje libbe wurde moat, dêr’t it hannen en fuotten krije moat. It giet by Jezus en it evangeelje nammers om it heil foar de wrâld, om de striid foar it Keninkryk, om hiel te meitsjen al itjinge dat brutsen is, om it sykjen fan frede en gerjochtichheid, om leafde en genede, om ferjouwing en fermoedsoening.

5.
Bêste minsken,
It gefaar fan plakken lykas it eilân Iona is dat it hillige plakken wurde, beafeartsoarden dêr’t leauwige minsken in religieuze ‘kick’ (fan) krije. Op himsels is dat moai. It risiko bestiet lykwols dat der in soarte fan religieus toerisme ûntstiet dêr’t guon minsken (benammen rike minsken, of privilesjearre dûmnys op stúdzjereis) ris noflik bytaapje en ferromme sykhelje kinne. En dat dy minsken dan as sy weromkomme yn harren deistich libben gjin part hawwe yn ’e striid foar it keninkryk mei alle hurde ûnderfiningen en wjeraksel dy’t dêr by hearre. Kathy Galloway, de hjoeddeiske lieder fan ’e Iona mienskip, utere har soarch dêr oer yn in petear dat wy mei har hienen: ‘bytiden tinke wy wolris dat de abdij fan Iona earder in tûkelteam as in foardiel foarmet foar ús mienskip. Gauris wolle minsken stomme graach nei it prachtige Iona, mar wolle neat hearre fan ’e striid dy’t de Iona mienskip fiert yn ’e efterôfbuorren fan Glasgow. Meitsje se leaver net de hannen smoarch oan ’e striid foar frede en gerjochtichheid, tsjin rasisme, foar in minsklik asylbelied, by it oan ’e kaak stellen fan ’e wrâldekonomy, of by it fersoargjen fan aidspasjinten.’
Dyselde Kathy Galloway wit, as gjin oar, hoe wichtich it is en haw in hillich plak. In plak dêr’t jo ferromme sykhelje en hielje kinne, fan gebed en liturgy, fan rûge skientme. Ek sy wit fansels dat leauwige minsken harren, lykas Jezus, geregeldwei efkes weromlûke moatte om kontakt te krijen mei harren sels en mei God. Om op azem te kommen, te hieljen, jin op ’en nij te ferbinen en ús ropping te befêstigjen. Mar it giet altyd oer ‘hinne en werom’, ‘by de hichte op en by de lichte del’, ‘nei binnen en nei bûten’, ‘gebed en aksje’, ‘religieuze toperfaring en hurde wurklikheid’.

6.
Nei ien wike Iona en in deimannich Glasgow kamen wy werom. By de lichte del, noch hieltyd justjes sweevjend tusken himel en ierde. It moast allegear wer efkes wenne. Mar as jimme no tinke dat ik allegeduerigen mei de holle op Iona bin, dan hawwe jim it net by’t rjochte ein. Iona hâldt my wol dwaande, mar op himsels giet it fansels net om Iona. It ferwûnderet grif nimmen dat my hieltyd ien fraach dwaande hâlden hat. Wat kin in projekt lykas Iona betsjutte foar Fryslân? Iona is fansels prachtich, mar wy wenje hjir no ienkear!
De measten fan ús sille nea nei Iona reizgje kinne, om’t sy it net oan tiid hawwe, soks kostet ek noch al wat, en dan is dêr fansels ek de taalbarriêre. En Iona is fansels neat mear of minder hillich as ús Fryslân. Soks soe ommers spirituele healwizens wêze. Wy hoege wier net fier om útens te reizgjen om ússels of God te moetsjen. ‘Fan de Heare is de (hiele) ierde mei al wat derop is’ (Ps. 24:1) Doe’t ik dwaande wie dizze tsjinst ta te rieden, haw ik wol in oere lang by it tsjerkje fan Swichum yn ’t sintsje sitten. Ik fielde my dêr like bot ferbûn mei de ieuwenlange tradysje, mei de minsken, mei mysels en mei God.

No is ’t fansels de fraach oft wy yn Fryslân ek in plak brek binne lykas de abdij fan Iona. Sûnt de tiid fan ’e Reformaasje (doe’t alle kleasters ôfbrutsen binne) hawwe wy (suver) net in plak mear dêr’t religieuze mienskippen mei-inoar libje, wurkje en bidde. Mar der is wis wol ferlet fan yn dizze tiid fan kâlde drokte, yndividualisme en sekularisaasje.
Persoanlik jou ik posityf antwurd op de hjirboppe neamde fraach. Wat soe it net skoan wêze en haw sa’n soarte fan plak hjir yn Fryslân! In plak dêr’t wy as leauwigen út in ferskaat oan (tsjerklike) rjochtings gearkomme kinne om op azem te kommen, om te learen, te hieljen, diele yn ’e mienskip, mei-inoar God lof te sjongen en te earjen yn in liturgysk ritme, ynspiraasje te krijen, mei-inoar de hannen gear te dwaan om te wurkjen, te bidden en te libjen as ien lichem fan Kristus. In plak dêr’t wy dat op ús eigen-wize (!) dwaan kinne, ferbûn mei ús eigen taal, ús eigen skiednis en ús eigen kultuer!
Ik hoopje en bid dat wy yn Fryslân sa’n soarte fan plak bouwe meie. Om myn part op ‘e púnheapen fan ús (fer)brutsen ferline (lykas op Iona) en op ’e lege plakken fan ús ferlerne en fersmiten identiteit.

In hillich plak,
as in hege berch om allinnich wêze te kinnen, stil foar God,
as in rêstplak yn in wrâld dy’t net ta rêst komme kin,
as in oaze fan mienskipssin yn in wrâld oan iensumens,
as in plak fan hieling en genêzing yn in wrâld dêr’t je siik fan wurde soenen,
as in plak fan spiritualiteit yn in wrâld fan synisme en moedeleazens,
as in plak om Frysk, from en frij te wêzen,
as in plak om nije krêft te krijen foar ûnderweis!

Amen.

(ds. Hinne Wagenaar)

(Dizze preek is hâlden yn Wurdum op snein 16 oktober. Mar tagelyk wie hy ek in bytsje ornearre foar de 14 kollega’s dy’t mei op reis wienen nei Iona. Dy blieken tige nijsgjirrich te wêzen nei wat ik hjir no krekt mei wolle soe yn Fryslân. Dêrom wie dizze preek earst yn it Hollânsk skreaun. Hy is lykwols troch Jan Douwe Tiemersma oerset nei it Frysk)