Tsjin hope op hope

image-un_swords_into_plowshares_statuePreek foar Advint 2016

Lêzingen:

Jesaja 2: 1-5 of Jesaja 11: 1-10
Brief oan de Romeinen 13: 8-12

Bêste minsken,

1.
Yn it Dagblad Trouw skriuwe heit Max en dochter Natascha van Weezel elkoar om de wike in kollum oer wat harren dwaande hâld. Se binne beide sjoernalist en kinne omraak skriuwe. Ofrûne woansdei skreau Natascha in kollum mei as titel ‘Welke zekerheid kan ik mijn ongeboren baby bieden?’ Se skriuwt oer har eangst om yn dizze wrâld dy’t sa tsjuster is, in bern te krijen. En dat wylst, skriuwt se, ‘ik de laatste tijd wordt overstelpt met geboortekaartjes van vriendinnen en andere leeftijdsgenoten die aan de lopende band baby’s lijken te krijgen’. Fierderop yn dyselde kollum betink se har dat it liket dat de skiednis him werhellet. Want ek har âlders hienen bot twivele oan it krijen fan bern. Beide har heit en mem binne fan Joadske ôfkomt en fregen harren ôf oft de noch takomst wêze koe ‘nei Auschwitz’. En dat spile by har âlders ek nochris doe’t de ‘Koude Oorlog’ op syn hichtepunt wie. De minsken wienen bang foar ‘de bom’.

2.
Wy libje no yn ’e advint fan Anno Domini 2016. Wy begjinne, yn de tsjerklike kalinder, net samar oan in nij jier. Sa fan: ‘31 desimber, feestje, en hup no is it nije jier begûn. Folle lok en seine.’ Nee, wy hawwe in perioade fan tarieding, fan ferwachting, fan advint. Adventus: we ferwachtsje de komst fan Kristus. Adventus: we ferwachtsje de ynkomst fan Kristus yn dizze wrâld, krekt sa’t de keizer nei in militêre oerwinning de stêd Rome ynkaam. As oerwinner.

As jo it sá sizze, dan wurde wy al wat foarsichtich. Earst fanwege de militêre konnotaasje. Mar twad, feroaring, ljocht, nij begjin, adventus? Is dat net al te nayf? Doare wy en ferwachtsje op in feroaring? It is ommers elk jier itselde. Elke Advint en Kryst besauwe wy ús oer wat der wol net geande is yn ús libben en yn ’e wrâld. Is it net bot nayf om dan mar wer dy teksten te lêzen en te wachtsjen op de yntree fan Kristus yn ’e wrâld? As in oerwinner?

3.
Ik begryp Natacha van Weezel wol. Sels hawwe wy dy gedachten ek hân foar’t wy bern krigen. Op hokfoar wrâld komme se telâne? Wat kinne wy biede oan takomst en feilichheid? Oan de ein fan 2016 freegje âld en jong har ôf: ‘Hoe moat it komme. Yn hokfoar wrâld binne wy belâne?’ Oan de iene kant in presidint yn Ruslân dy’t tinkt yn termen fan de macht fan de eigen naasje. Oan de oare kant in kommende presidint dy’t ék tink yn termen fan macht en eigen naasje dy’t ‘great again’ wurde moat. Se hawwe in soad fan elkoar, dy twa. En beide binne oan de macht kaam troch de kristenen fan it lân. Ik skamje my de eagen út ’e holle.

En de oarloch giet mar troch en Aleppo lit ús suver al kâld. PAX (fan Pax Chrsiti en IKV) die begjin Advint in oprop: ‘Ontsteek een kaars voor Aleppo. Afgelopen weekend werd het laatste kinderziekenhuis in Oost-Aleppo door bommen verwoest. Onze Syrische partners en vrienden smeken ons hen niet te vergeten. Namens hen vragen we je een kaars te ontsteken.’
En dan neam ik allinne inkele haadpunten út it nijs. Tink derom, it giet echt net allinne om fier fuort. It giet like goed om wat der yn Nederlân en Fryslân bart oan pine, oan iensumens, oan fertriet, oan ûnbegryp yn famyljes en gesinnen. Ach tink ik faak, hâldt it dan noait op?

Mar, bêste minsken, krekt dêrom wol ik dochs dy teksten lêze. Want der is in earste en in twadde dea. Dat klinkt wat te heftich, ik bedoel ‘dea’ as ‘geastlik ferslein wêze’. De earste kear is wannear’t wy ferslein binne troch alles wat der oan ellinde, tsjuster en fertriet bart yn dizze wrâld en yn ús libben. It twadde nivo fan ferslein wêze is dat wy tinken en leauwen geande dat it sa heart. Dat it gewoan is. Dat it no ienkear sa giet en noait oars wurde sil. Dy twadde laach fan geastlik ferslein wêzen komt wannear wy belies jouwe, wannear’t wy ús der by dellizze. En dan is der noch ien stap fierder te gean: dan geane wy meidwaan, want it is gewoan. Dêrom wol ik krekt no de teksten út ’e Bibel lêze. En kies ik derfoar om nayf te wêzen. En kwetsber, dat wit ik wol. Want wy steane meast mei lege hannen. It is leauwe tsjin hope op hope!

5.
Ik fyn it dêrom geweldich om yn dizze Advint de teksten fan Jesaja wer te lêzen en te hearen.

Dan sille se har swurden omsmeie ta ploechizers
en har spearen ta sichten.
Gjin folk sil langer de wapens
opnimme tsjin in oar folk,
en se sille har net mear op fjochterij útlizze.
(Jesaja 2: 4)

Dan sil de wolf te gast wêze by it laam,
de panter him deljaan by it geitebokje,
keal en liuw sille mei-inoar weidzje,
en in lytse jonge sil derop passe.
De ko en de bearinne geane freedsum mei-inoar om,
har jongen jouwe har njonken inoar del;
de liuw fret strie likegoed as it hoarnfee.
(Jesaja 11: 6-7)

En dan dy wurden út it brief fan Paulus oan de Romeinen. Wurden dy’t hast like ymposant en klassyk binne as de teksten fan Jesaja. Wat in gelok dat God ús dizze wurden jûn hat:De leafde docht de neiste gjin kwea, mei leafhawwen wurdt de wet folbrocht.

Wat in gelok dat de hillige Geast it de minsken noch altyd yn de sliep ynjout. Dat de Geast Paulus sokke wurden yn de mûle lein hat:
 De nacht is hast om, it wurdt gau dei. Lit ús dêrom ophâlde mei alles dat by it tsjuster heart en lit ús it wapenreau nimme dat by it ljocht heart.

Wat in gelok dat wy net oerlevere binne oan it tsjuster en oan de hurde realiteit fan alle dagen! Dat wy kwetsber binne mar niet hielendal mei lege hannen steane. Want wy nimme yn alle kwetsberheid it wapenreau oan dat by it ljocht heart: leafde en waarmte, fersoening en ferjouwing, rjochtfeardigens en frede.

Wat in gelok dat God net tocht hat ‘Wat voor zekerheid kan ik mijn pasgeboren baby bieden?’ Nee, God hat sels foardien hoe’t it moat en wêr’t it om giet. Krekt yn it tsjuster moast God sels in plak krije yn de wrâld. God sels moast berne wurde.

Wat in gelok dat dat ferhaal syn triomfantlike yntocht dien hat yn de foarm fan de berte fan Kristus. Fansels, lyts en kwetsber. Fansels, gjin keizer dy’t mei geweld de wrâld oerwint. Fansels, gjin grutte held dêr’t elk by opsjocht en bang fan wurdt. Nee, God wurdt berne yn it gewoane libben, by gewoane en kwetsbere minsken. It is in kwetsber ferhaal. It giet oer leauwe ‘tsjin hope op hope’. En der is yn al it tsjuster eins mar ien remeedzje: dat wy ús yn de advint iepenstelle foar de grutte yntocht fan Kristus. Dat God berne wurdt, in plak krijt yn ús libben.

Dat sil dan wol nayf wêze. Mar it is myn treast en myn freugde. Ik kin en ik wol net oars.
Amen.

(ds. Hinne Wagenaar)

Geef een reactie