
Achte harkers, bêste minsken
Wy fiere hjoed de 50e dei nei Peaske, it Pinksterfeest. It is de bertedei, de jierdei fan de tsjerke! Mar de betsjutting fan Pinkster is net sa maklik te begripen of út te lizzen. Sjoch it Krystfeest, dat begripe wy wol. Wa kent net de fertedering by it sjen fan in lytse poppe? Mei it Peaskefeest, de dea en opstanning fan Kristus, wurdt it al wat dreger om it allegear wat te begripen. Mar by it Pinksterfeest wurdt it yngewikkeld. It is mear in saak fan fielen en ûnderfining as fan begripe mei de holle.
Koartlyn hienen wy mei ús LYTS&grut fiering, de tsjinst mei de bern (en gruttere minsken), al in lytse Pinkster try-out. Wy besochten it de bern út te lizzen troch earst op it hiem fan kleaster Westerhûs mei harren te fliegerjen, te draakjefleanen. Ommers, it Pinksterfeest hat te krijen mei wyn. En dy wyn wikselt hieltyd, dy hat syn riten. By it draakjefleanen moatte wy meibewege, de wyn heine. Goed sjen en fiele hoe’t de wyn waaie wol. Wy hawwe de bern besocht út te lizzen dat it ûntfangen fan de hillige Geast liket op it heinen fan de wyn by it draakjefleanen. Libje yn e Geast liket net allinne op draakjefleane, mar miskien noch mear op it libben fan it draakje sels. Mei Pinkster oefenje wy de wyn op te heinen, om as in draakje te bewegen op de wyn.
De freonen fan Jezus sille op it earste Pinksterfeest wol net tocht hawwe oan draakjefleanen. Mar nei in tiid fan grut fertriet en betizing, krigen sy de Geast. Der wie dy deis in protte wyn en fjoer, in bulte taal en spirit, ien en al entûsjasme. Sy waarden út harren fertriet en letargy lutsen. Ynienen snapten se dat se de ynspiraasje fan Jezus ûntfange koenen en sels fierder koenen yn de Geast fan Jezus. Se snapten dat sy it ferhaal fan Jezus sels fierder fertellen en libje moasten. En dat joech in eksploasje oan enerzjy en bliidskip. Ynienen wie der frijheid sûnder eangst. Ynienen wie der taal, de taal fan it hert. En alle minsken koenen it ferstean yn harren eigen memmetaal. Want de taal fan it hert, dat ferstiet elkenien!
Dat wy yn de mear as tûzen jier Fryske tsjerkskiednis ús taal hast net brûkt hawwe yn tsjerke is in grut fertriet, mar ek in grutte skande. It is ien fan de meast sichtbere tekens dat it leauwe op ôfstân bleaun is, net de taal fan it hert wurde koe. It leauwe kaam fan bûtenôf en fan boppen, kaam letterlik fan de hege preekstoel. It leauwe waard oplein en makke minksen faak net frij, mar makke harren earder bang en lyts. Mar dat hat nea de bedoeling west. Mei Pinkster mocht elk it ferstean yn har eigen taal. En yn it boek Hannelingen wurd dúdlik dat it ferhaal fan Jezus net giet oer oerhearsking, mar oer frijheid. Elk mei yn frijheid wyn heine en geastkrêft ûntfange. En sels kieze om Jezus te folgjen op eigen wize. Yn eigen taal, kultuer, hûdskleur, seksualiteit en identiteit. En net ien kin dat fan boppeôf oplizze. De tsjerken hawwe dat mar al te faak net begrepen. Mar it giet yn tsjerke net om minsken te fertellen wat se ferkeard dogge of wat se leauwe moatte. Nee, it giet der krekt om om minksen langje te litten nei de Geast fan Jezus, om har te learen de wyn te heinen, om it draakjefleanen te oefenjen!
Leave a Reply