Midsimmer!
It is in ljochte en stille simmerjûn. Op it hôf fan de Jorwerter tsjerke is it rêstich krekt as hast altyd. De toerswellen fleane gierend om de tsjerke hinne en oer de dakken fan de huzen. In inkelde ûle begjint ûnrêstich te wurden en wachtet op in bytsje mear tsjusterens. Dan wurdt de rêst fersteurd troch minsken dy’t tsjin njoggen oere nei tsjerke ta opgeane om by Nijkleaster de midsimmer te belibjen en de Canto Ostinato fan Simeon ten Holt te beharkjen. De Canto sil op twa fleugels spile wurde troch de artysten Wiebe Kaspers en Johannes Hibma. In bytsje nei njoggenen is de tsjerke oant de lêste stoel beset. Ik hjit de minsken wolkom, doch inkelde meidielingen en stek tsien kearzen oan op de foarste rige fan de hearebanken. En twa kearzen by elk fan de pianisten. Dat is harren ljocht jûn by de partituer. Under de Canto wurdt twa kear in midsimmer-meditaasje útsprutsen wylst de muzyk ferstille trochgiet. De helte fan de kearzen wurde dwêste nei de meditaasjes. Tsien minuten foar de ein wurde de fjouwer kearzen fan de pianisten ek dwêste. It rint dan nei midsimmer en it is folslein tsjuster wurden yn tsjerke. De artysten spylje mei sa’n passy dat wy hast betsjoene wurde. Immen skreau de oare deis: ‘En toen die slotcadansen! Diepe ontroering. Toen voelde ik: met het licht in de rug kun je het duister aan. En als ook de muziek dooft, dan houden we even de adem in en zeggen luidkeels: dank je wel!
1.
Bêste minsken, wy harkje jûn nei de hast tiidleaze muzyk fan Simeon ten Holt syn Canto Ostinato: in hieltyd werheljend canto, in liet dat hieltyd werhelle wurdt. Wy dogge dat net op samar in plak en samar in tiid. Nee, wy sitte hjir hjoed yn de Jorwerter tsjerke én op 21 juny 2017. It is Midsimmer, de sinne makket in kear, in oergong. It is de jûn fan de sinnewende, de simmerwende.
Wy sitte hjir jûn op in oer-lokaasje, op ’e terp fan ’e Redbadtsjerke. Ik skat yn dat de foarrinner fan dizze tsjerke bout is rûn it jier 1000. It wie de earste tsjerke yn de fiere omjouwing. In tsjerke waard meastentiids boud op in plak dat al hillich wie foar de minsken. Us foarfaars kamen hjir, op dit plak, earder ek al by inoar as plak fan mienskip. Yn tiden fan feest, fan driging, fan rjochtspraak.
Us foarfaars – en memmen – libben doe mei de seizoenen en de goaden dy’t dêr by hearden. Se wiene folslein ôfhinklik fan de natuer, de seizoenen en it waar. De see koe it libben fan de minsken meitsje en brekke. Faak moasten se har fege liif rêde hjir op it heechste punt fan ’e terp. Sykte yn it fee of it gewaaks hie daliks hongersneed ta gefolch. Se libben mei de seizoenen en kamen by de wikseling fan de seizoenen by inoar. De winterwende wie in wichtich momint fan oergong. Yn it tsjuster fan ’e winter seagen hja út nei it ljocht. Yn ’e simmer wie by it langst fan ’e tiid de ûngetiid foarby en kaam de kear fan de sinne. It waard simmer, mar tagelyk begûn de sinne alwer lytser te wurden. Foar de minsken in like wichtige kear yn ’e tiid. En ek al giene de seizoenen troch en troch, it wie wichtich om stil te stean by dy mominten fan omkear.
Doe’t de Tsjerke yn ’e Fryske lannen kaam, bleaune dy mominten fan oergong ek fan grut belang. Winterwende en simmerwende. It feest fan de winterwende krige nije wurden en symboalen mei it feest fan ’e berte fan Jezus Kristus. Winterwende waard Krystfeest. Ek de simmerwende krige nije wurden en symboalen. Johannes de Doper wie neffens it Bibelferhaal in heal jier âlder as Jezus. Dêrom waard de simmerwende ferbûn mei Johannes de Doper, St. Jan. Hy wie de profeet dy’t ferbûn wie mei de idee fan oergong, fan transformaasje, fan persoanlike feroaring en groei. Hy wie de man dy’t sein hie: Kristus moat yn my waakse en ik (myn ‘dikke-ik’) moat lytser wurde.
Sa kamen de minsken yn de midsiuwen hjir op dit plak gear, by it feest fan de sinnewende mei de nije namme: it feest fan St. Jan. En se tochten oan de trochgeande syklus fan de seizoenen. Syklysk as muzyk, syklysk as de weagen fan de see. En se tochten oer de sykly fan har eigen bestean. De oergong fan maitiid nei simmer; fan bern nei puber; fan jongere nei troude man of frou; fan it âlder wurden (as jo gelok hiene); nei de lêste grutte oergong. Fan de trochgeande soargen fan iten en drinken, simmer en winter, geweld en oarloch. Hja tochten nei oer de betsjutting fan it libben, fan libben en dea. Mar op de midsimmerjûn wie it feest, it feest fan de waarme sinne, fan iten en drinken, fan moai waar en lange dagen. De waarmte, de fleur, de kleuren, de wurden: se sûgen it op as in spûns en bewarren it foar mindere en swierdere tiden…
No op dizze langste dei fan it jier wurdt it dochs stadichoan tsjuster.
(Ik dwêst de helte fan de kearzen)
2.
Bêste minsken, wy harkje jûn nei de hast tiidleaze muzyk fan Simeon ten Holt syn Canto Ostinato: in hieltyd werheljend canto, in liet dat hieltyd werhelle wurdt. Wy dogge dat net op samar in plak en samar in tiid. Nee, wy sitte hjir hjoed yn de Jorwerter tsjerke én op 21 juny 2017. It is Midsimmer, de sinne makket in kear, in oergong. It is de jûn fan de sinnewende, simmerwende.
En de seizoenen geane troch en rige oanien ta jierren, en de jierren geane troch en wurde ta desennia, en de desennia steapelje op en wurde iuwen, en de iuwen rige har oanien en wurde in milennium. Sa lang komme de minsken al gear op dit plak fan gebed en mienskip, fan trou en gelok. Ek fan fertriet. En altyd wer dy seizoenen dy’t mei de sinne op en ôf geane. De sinne, de mjitter fan ús jierren.
Troch de iuwen hinne is der in soad feroare. De oergong fan Germaanske foar-kristlike tiid nei Roomsk Katolike tsjerke rûn it jier 1000. Sa’n 500 jier letter fan Roomsk Katolyk nei de Protestantske tsjerke. En rûchwei wer sa’n 500 jier letter de oergong nei in tiid dat de tsjerke it net mear foar it sizzen hat en de kennis ek weirekket. We witte suver al net mear dat St. Jan (Johannes de Doper) ferbûn is mei midsimmer. De blommen hjir yn tsjerke getuge der trouwens wol fan: it St. Janskrûd dat bloeit rûn de langste dei fan it jier. Wy geane hjoed de dei mear en mear ús eigen yndividuele gong. Mar likegoed: dit hûs bliuwt in hûs fan stilte, besinning en ferbining. Fan stilte, gebed en meditaasje, fan muzyk en keunst. Moai oare wurden: it bliuwt in plak fan mienskip dêr’t wy op eigen wize tinke oer de spiritualiteit fan ús libben.
Wy komme hjir no ek by inoar op dizze jûn fan ’e sinnewende, it feest fan de simmer. Gjin St. Jan mear, miskien moatte wy in oare namme betinke? Mar tagelyk giet it wol oer de oergongen yn ús wrâld en de transformaasjes yn ús eigen libben. Ek hjoed de dei hawwe wy en hat ús maatskippij ferlet fan ‘dikke-ikken’ dy’t mar better lytser wurde. En dat der, sa neam ik it no earst mar, Kristus-kwaliteit yn ús waakse mei. Wy stean stil by de transformaasjes yn ’e wrâld. It politike toaniel dat hurd feroaret. Mar it geweld en de oarloch: dy’t moatte blykber altyd bliuwe. Hjoed wie in kop yn deiblêd Trouw: ‘Wapenhandel maakt gouden tijden door’. De skea oan ús natuerlike omjouwing; de lânskipspine dy’t ús troch murch en bonken giet; de tragens fan de feroaringen. In politike formaasje yn ús eigen lân dy’t stikken rint op migraasje, op minksen dy’t ek skûlje wolle op ús terp.
En krekt as eartiids giet it hjoed ek oer de oergongen yn ús eigen libben. Hoe wolle wy libje en feroarje? Wat is ús eigen dream, ús eigen djipste langstme? Hokfoar oergong ha wy krekt meimakke en stiet der te kommen? Feroaringen yn ús relaasje: fernijing of breuk? Feroaringen yn ús wurk. Oergong fan jong nei âlder, fan midlife en menopauze nei stadichoan âld wurden (as dat ús jûn wurdt). Sa steane wy yn de trochgeande syklus fan de seizoenen. Jier yn jier út, iuw yn iuw út. Syklysk as muzyk, syklysk as de weagen fan de see. Op dy wize binne wy jûn ferbûn mei alle geslachten foar ús, en mei de geslachten dy’t noch komme.
Mei dizze sinnewende fiere wy it feest fan de simmer. Wy sûgje de waarmte yn ús lichem en yn ús geast op as wetter yn in spûs. Wy garje waarmte, fleur en kleur, wurden. Wy nimme de klanken yn ús wêze op foar tiden dat it libben gjin moai waar en lange dagen mear jout. Wy binne bliid dat de simmer begjint, dat wy libje, dat wy it libben fiere kinne, dat wy troch de muzyk meinaam wurde yn de grutte syklus fan it bestean…
No op dizze langste dei fan it jier wurdt it dochs stadichoan tsjuster.
(Ik dwêst de oare helte fan de kearzen)
Hinne Wagenaar
21 juny 2017