Nijkleaster jierdei-preek, hâlden op 19 oktober 2014
‘Jou jim hjir mar wat del ûnder de beam’ (Genesis 18:4b)
Bêste minsken,
1.
Wy harkje hjoed nei it oer-ferhaal oer Abraham en Sara. Twa moedige minsken, dy’t it natuerlike ferline efter harren litten hawwe en sykje nei nij lân, nije takomst, nije berte. Dy takomst, docht bliken, is wreed en wier net ienfâldich. Dizze earste laach fan it ferhaal giet sûnder mis oer de deistige en natuerlike realiteit fan lân, fruchtberens en neiteam. Mar wy sykje hjoed djipper as dy earste laach, sa’t wy by ferhalen út de Bibel eins altyd dogge.
Dat oerferhaal oer Abraham en Sara giet – op in oar nivo – oer it fuortgean út jins ferline. Oer it efterlitten fan âlde patroanen en ferbannen. It ûnderweis wêzen nei nij minske-wêzen. It pylgerjend sykjen nei nij lân, it hoopjen op nije ‘berte’. Om fruchtber wêze te meien en nije takomst te finen. Net allinnich foar dysels mar ek foar oaren. Wa wit foar in mannichte ûntelber as de stjerren dy’t, sa dichtet Barnard, ‘berne binne fan omheech en úttein út ’e nacht’.
Mar de wei om te gean leit der noch net, de takomst is dizenich, de fruchtberens loas, it betrouwen wif, de hope útdwêste. It hat te lang duorre. Bist wurch yn Mamre. En ynienen steane dêr trije(!) manlju by de tinte. En do fljochtst dyn tinte út, dy ‘pop-up-wenning-foar-ûnderweis’, en do bûchst dy djip: ‘Jo soenen my in deugd dwaan, as jo jo tsjinstfeint net foarbygongen. Wês ús gast en jou jo wat del ûnder de beam.’ En ynienen is it as is hiel Mamre oan it bakken, der wurdt in moai keal slachte (och ,wat begrutlik) en der is ‘bûter, molke en moal’ foar de fegetariërs (hè, gelokkich).
Wylst de frjemdlingen ite, komme se mei in nea tocht en ûnferwachte berjocht. Der sil fruchtberens wêze en takomst. Mar Sara laket, se laket har slop. It fisioen fan nije berte is ferwylge…, Abrahams hope útdwêste. Soe de âlde leafde foar my noch weilein wêze? freget Sara harsels ôf. Kin ik myn dream noch wer oppakke? Kin ik it fisioen op ’e nij ûnder it hert drage en berne wurde litte?
Ja, jo laitsje jo stikken oer sokke dreamen en fisioenen as jo sels stikken binne. As jo net mear witte hoe’t it fierder moat. As synisme it betrouwen oernommen hat en ûnferskilligens de hertstocht útblaasd hat. Letter, as bliken dien hat dat it wòl oars koe, dat sy dochs fruchtber wêze koe, dàn komt it har yn it sin dat sy sa synysk wie en dat it ‘om dy dea te laitsjen’ wie. De nije berte kriget in namme. Hy hjit Isaak/Jitzak. Dat betsjut ‘hy laket’! De takomst laket jo dan ynienen ta.
2.
Us hjoeddeiske wrâld wurdt karakterisearre troch reizen, mobiliteit en frjemdlingskip. Minsken, en wy binne dy minsken, bewege der fleurich op los. Foar in soad minsken is it ûnderweis-wêzen lykwols gjin ûntspanning of avontuer mar bittere needsaak. Sy moatte flechtsje en sykje nei nije takomst, nij libben. Sy wurde frjemdling en flechtling tagelyk.
Us maatskippij wurdt hieltyd mear tekene troch eangst en hate tsjin frjemdlingen. En dy eangst is begryplik yn in wrâld op ’e drift. Dy frjemdlingen komme ommers allinnich mar om te heljen!
Mar Abraham bûcht him djip en noeget harren gastfrij út. ‘Jo soenen my in deugd dwaan, as jo jo tsjinstfeint net foarbygongen. Wês ús gast en jou jo wat del ûnder de beam.’ En wat docht bliken (letter)? De trije frjemdlingen yn dit ferhaal binne God sels. Of fertsjintwurdigje God. Se binne mei harren trijen. God is nammentlik nea allinnich, sy binne altyd mei harren trijen. As wy ien fan de trije ûntfange, is dat al bysûnder. Mear kinne wy eins net iens oan.
Yn de wrâldkontekst fan frjemdlingskip en mobiliteit wol Nijkleaster in plak wêze om gastfrijens te oefenjen. In plak dêr’t wy ús bûge foar de gasten en sizze: ‘Jou jim mar del ûnder de beam.’ Wy wolle oefenje om in plak te wêzen dêr’t gasten romte krije om âlde patroanen en ferbannen efter harren te litten. Om ûnderweis te wêzen nei nij minske-wêzen. Om pylgerjend te sykjen nei nij lân, om te hoopjen op in nije berte. Om fruchtber wêze te meien en nije takomst te finen. Net allinnich foar harren sels, mar ek foar oaren. Wa wit foar in mannichte, ûntelber as de stjerren dy’t ‘berne binne fan omheech en úttein út ’e nacht’. Yn ús wrâld is ferlet fan fêste plakken dêr’t gastfrijens oefene wurdt. Dêr’t bûgd wurdt foar frjemdlingen.
Ik wit dat gastfrijens net de spesjaliteit fan Fryslân of Nederlân is. Wy hawwe it sa drok. Wy binne sa yndividualisearre. Wy libje sa op ússels en foar ússels. Dêrom wolle wy yn Jorwert gastfrijens oefenje en mienskip koesterje. Yn it oefenjen fan gastfrijens besykje wy ús hannen iepen te dwaan en dêrmei te ûntfangen. Om gasten te ûntfangen, mar ek om fan harren te ûntfangen. Gasten en frjemdlingen komme altyd om wat te heljen, mar sy bringe sûnder mis net betochte en ûnferwachte berjochten. Berjochten en wysheid hawwe wy nedich om fruchtber wêze te kinnen. Yn ús maatskippij hawwe wy ferlet fan in soad fan soksoarte plakken fan gastfrijens. Huub Oosterhuis skriuwt: ‘Wy hawwe ferlet fan in keatling fan ‘besiele-ferbân-huzen’ (Jij, die mij ik maakt, 61). Plakken fan gastfrijens, mienskip en besieling.
Dàt wolle wy as Nijkleaster graach wêze en oefenje. Om in gastfrij plak te wêzen, iepen om frjemdlingen yn te heljen. En om djip foar God te bûgen mei de wurden: ‘Jou jim hjir mar wat del ûnder de beam.’
Amen
(Hinne Wagenaar)