Preek foar snein 9 oktober 2011
Kleastersnein fan de gemeente Westerwert.
Gemeente fan Kristus.
Bêste minsken,
1.
De gelikenis fan de ûnfruchtbere figebeam út Lukas 13: 6-9 klink earst wol wat fertrietlik en somber: der hingje gjin figen oan de beam, en de eigener sprekt dy aaklige wurden: ‘Hou him mar om’. Der liket net safolle posityf elan út te gean fan dizze lêzing fan fan ’e moarn.
Mar miskien falt it noch wol wat ta? Foar’t ik dêr op yngean wol ik jimme earst in ferhaal fertelle. In ferhaal fan thús, út de pastorijtún yn Wurdum. Jierren ferlyn, doe’t wy krekt yn Wurdum wennen, waard de Grifformearde tsjerke efter ús hûs ferkocht. En de tún krige in útwreiding fan hast 30 by 3 meter. Minsken, wat wienen wy dêr wiis mei. De tún hie mar behindich west en ynienen krigen wy romte om te libjen. Ja, der wie no sels plak foar in teamke hinnen.
Wy wienen doe krekt werom út Kameroen, dêr’t wy wenne en wurke hienen. Us studinten op it seminaarje waard leard om altyd yn de pastorijtún fruchtebeammen te plantsjen (papaya, mango, sinasappel, sitroen, avokado ensfh.) Ommers, dêr soenen de opfolgers altyd profyt fan hawwe. As no elkenien dat die, dan koe elkenien yn de takomst der ek de fruchten fan plukke (de dominys waarden somtiden elk jier nei in oar plak stjoerd!)
Dus wy planten trije fruitbeamkes yn ús nije stik tún. Twa appelbeammen en ien parrebeam. En dat sloech bêst oan. Ik hearde dizze wike de siswize: ‘Boompje groot, plantertje dood’, mar dat is by ús beammen hielendal net it gefal. De appelbeammen groeie ús no nei 5-6 jier al hielendal boppe de holle en de rispinge is geweldich! Dat jildt foar de appelbeammen mar … jim fiele it al oankommen. De parrebeam wie in hiel oar ferhaal. It bleau in lyts beamke en it krige mar gjin bluossem. Op de blêden sieten nuvere, rustige plakken. En jier op jier fregen de bern: ‘Heit, sille wy de parrebeam no mar omhouwe? Dan hawwe wy wat mear romte om te fuotbaljen. Dy ferhipte parrebeam stiet ús altyd yn it paad.’ En elts jier krigen wy deselde diskusje, it waard suver in toanielstikje. Dan fertelde ik noch mar wer ris it ferhaal fan de ûnfruchtbere figebeam. En ik eindige steefêst mei deselde wurden: ‘Jonges, lit him noch dit jier stean. Dan sil ik der earst nochris omhinne grave en him dong jaan. As er dan frucht jout, yn oarder. Mar sa net, hou him dan mar om!’
En wat barde der dizze maitiid? Wy koenen it hast net leauwe. De noch lytse parrebeam stie folop yn ’e bloei. Hy wie der wrachtsjes hielendal wyt fan. En der kamen al gau safolle lytse parkes oan dat de takken swier omleech delhongen. Ik ha doe de helte derôf helle. Dat gie fierstente mal yn ien kear. Twa wike ferlyn hawwe wy de earste rispinge fan ús parrebeam helle: twa kistkes fol mei stoofparren. Ien fan dy kistkes stiet hjir tsjin it alter oan. It is gjin wûnder?
2.
Wêrom fertel ik dit ferhaal? Omdat ik myn gelyk helje wol foar de bern oer? Och hearken nee, ik twivele miskien noch wol folle mear. Ik tocht elts jier wer: ‘ik wit it net, dit komt noait wer goed.’ Nee, ik fertel dit ferhaal fanwegen de kleastersein dy’t wy hjir hjoed yn de tsjerke fan Jorwert belibje. Om ien aspekt fan ús doel mei Nijkleaster te fergrutsjen. Fansels is it doel fan Nijkleaster mearfâldich: wy sykje in plak fan mienskip en gastfrijens, in nij model fan gemeentewêzen, in plak om te oefenjen foar de Fryske tsjerke, in plak fan gebed en liturgy, fan wille en re-kreaasje.
Ien aspekt lykwols hat foaral te krijen mei dit ferhaal fan hjoed. In kleaster (of tsjerklik sintrum) is in plak om better te wurden en op te weidzjen. Om jin werom te lûken en ta jinsels te kommen. In plak om ‘deromhinne grave te litten en dong te krijen’. Want wy witte it allegear. It libben is de muoite wurdich en, by riten, geweldich. En dêr binne wy tige tankber foar. Mar wy witte likegoed dat wy allegear kwetsber binne, en ek skeind wurde troch it libben. Wy rinne allegear, ien foar ien, earder of letter skea op, yn it lichem of de geast of beide. Dat heart blykber by it libben.
En, bêste minsken, dan is it wichtich dat der plakken binne dêr’t men telâne kin. Dat binne ûnder oare ús tsjerken op snein. Mar der moatte ek plakken wêze op oare mominten fan de wike, en foar langere tiid. Op sokke plakken wurdt dan net sein: ‘do bist ûnfruchtber, do hellest alle deugd út de grûn, do bist eins neat wurdich. Omhouwe mar!’ Want dat gefoel hawwe wysels wol wannear’t wy op ús kwetsberst binne. Dat moat in oar foaral net sizze! Nee, dan hawwe wy in mienskip fan minsken nedich dy’t tiid jout, dy’t akseptaasje útstrielet. Dy’t net freget om opbringst en fruchten. Dy’t net tinkt yn termen fan ekonomy en winst. Nee, krekt oarsom, dan hat men in plak en in mienskip fan minsken nedich dy’t yn harren wêzen útdrukke: ‘sille wy dy tiid jaan, en sille wy der noch mar ris omhinne grave en dy lucht jaan? Hast dong nedich? Mei oare wurden, dan is der in mienskip nedich dy’t weet hat fan in libben út goedens en genede.
Dat is ien fan de doelen fan Nijkleaster. In feilich honk. It ropt it byld op fan de Nijkleastermienskip as hofker, dy’t foarspraak docht foar eltsenien dy’t it gefoel hat ûnfruchtber te wêzen.
3.
Wie der noch in reden om dizze tekst hjoed te lêzen? Ja, mar dat is mei in knypeach nei it Iepenloftspul fan Jorwert. Underoan it nijs fan it Iepenloftspul stiet altyd: ‘Oant sjen ûnder de parrebeam’. Dit jier hie it stik de titel ‘Bohemia’. It giet oer de sjonger Roel dy’t him út syn karriêre weromlûkt en him te wenjen set by oaren op Bohemia: muzikanten, skriuwers, skilders en teatermakkers. Syn frou is stoarn. Hy wol wat oars, op ’e nij begjinne. Hy siket om te hieljen en om ynspiraasje. En nettsjinsteande alle swierrichheden yn Bohemia om de holle boppe wetter te hâlden, slagget it him om te ‘wurkjen’ oan syn ferline en om nije nûmers te meitsjen. Der groeie ripe fruchten oan syn parrebeam.
It is dit jier sa wol moai om in fergeliking te meitsjen tusken Bohemia en Nijkleaster. Sa’t Bohemia in plak foar keunstners is om ta harsels te kommen, sa wurdt Nijkleaster in plak foar libbenskeunstners om ta harren sels, en oaren en oan God ta te kommen … Of better, om God oan ús takomme te litten.
4.
Miskien moatte wy no noch ien stapke fierder. Wannear’t wy fierder geane mei Nijkleaster en oer net al te lange tiid in begjin meitsje sille, dan sil ek fêst frege wurde nei de fruchten, krekt as de eigner dat die oan de figebeam: ‘Sjoch, al trije jier kom ik hjir om figen fan dy beam te heljen.’ En wa wit, moatte wy dan ek wol sizze dat it sa hurd net rint. Dat wy de ekonomyske realiteit net oan kinne. Dat sa’n inisjatyf net in soad jild opsmyt. Dat soks tiid, losse grûn, lucht en dong nedich hat.
Ik sis net dat it sa rinne sil, mar it sóe kinne. En sels dan hat dizze tekst ús noch in soad te sizzen. Want yn dit ferhaal hearre wy oer ús eigen ûnfruchtberens (ûnfermogen) en ús ôfhinklikens fan de hofker. Dit ferhaal wol ommers net sizze dat it yn it leauwen om opbringst en ekonomy giet. Sá liket it yn earste lêzing wol. Mar it giet om it antwurd fan de hofker: om syn foarspraak, om tiid, om útstel, om de kâns om te groeien en te libjen.
En dan is it foar eltsenien dy’t behelle is by Nijkleaster fan belang om yn te sjen dat wysels like ûnmachtich en ôfhinklik binne fan goedens en genede. Wolle wy oaren helpe of foar koarte of langere tiid gastfrij ûntfange, dan moatte wy ferhipte goed begripe dat wy sels net libje fan ús eigen fertsjinsten, fan ús prachtige ideeën, en fan ús ferbylding hoe goed oft wy wol net binne. Krékt dan moatte wy witte fan de hofker, fan de fersoarger, en fan ús eigen ôfhinklikens fan Gods goedens en genede. Allinne wannear’t wysels ek leard hawwe om mei lege hannen te stean, en de hannen iepen dien hawwe om te ûntfangen, allinne dán kinne wy oaren gastfrij ûntfange. Om te helpen, genede en goedens ûnderfine te litten, moatte wy sels earst ek weet hawwe fan it holpen wurde. Dat ús libben folslein stiet yn it teken fan Gods goedens en genede. Want Gods goedens, dêr is de ein fan wei!
Ik soe sizze, oant sjen ûnder de parrebeam!
Amen.
(ds. Hinne Wagenaar)