Preek foar Wite Tongersdei 2021 (lêzing út Matt. 26, 1-16)
Wy hawwe jûn lêzen fan de frou dy’t Jezus salvet yn de spannendste perioade fan syn libben, flak foar de tiid dat hy ombrocht wurde sil. In wichtich ferhaal want yn alle 4 evangeeljes komt it ferhaal foar.
It ferhaal oer dizze frou sûnder namme stiet yn tusken twa aaklige dielen, twa dielen oer striid en ferried. Foarôfgeand hearre wy dat de hegeprysters en de âldsten ûnder lieding fan Kajafas by inoar komme en in beslút nimme om Jezus, flak foar it Peaskefeest, yn it geheim op te pakken en te fermoardzjen.
En nei it ferhaal fan dizze frou heare wy dat Judas Iskariot it hielendal mei Jezus hân hat. Soe hy sá teloarsteld yn Jezus west ha dat hy Jezus ferriede woe? Hat hy sá it jild kompensearje wollen dat ferlern gien wie troch de djoere salve? Of hie hy it gefoel dat Jezus it rjochte paad hielendal kwyt wie no’t hy himsels troch in frou ferwenne liet mei djoer guod? ‘Binne wy ús idealen dan hielendal kwyt?’ Wa wit woe hy Jezus foar slimmer behoedzje, net wittend dat Jezus ombrocht wurde soe… ?
En tusken dy twa aaklige ferhalen yn, oer de plannen fan de tsjinstanders fan Jezus en it ferried yn eigen kring, stiet dan it ferhaal fan de frou dy’t Jezus salve. Wa’t de frou is, witte wy net. Wêr’t sy weikomt likemin. It is in kompakt ferhaal sûnder details. Mar de frou brekt yn it manne-ferhaal yn, en jit djoere oalje oer Jezus syn holle. Foar de oanwêzigen wie dat in folslein dúdlike hanneling. Sokke handelingen waarden dien troch profeten dy’t in kening salven, sa’t bygelyks Samuel dat die by kening David.
Mar fansels net op sa’n manier. Soks koe fansels net! In frou, samar ien sûnder namme! Wat tink se wol net? It jild hie better brûkt wurde kind foar de earmen. Wat in fergriemerij. In wiere aktivist sa as Judas fynt soks ûnbegryplik. Want dy binne altyd serieus, tinke oeral goed by nei, moatte altyd goed dwaan. Dy hawwe it net sa maklik mei it goede fan it libben.
Dizze frou docht Jezus in deugd, seit hy sels. Yn de swierste tiid fan syn libben wit sy wat hy nedich hat. Wol stipet, fersoarget, koestert him! Hja salvet him ta Messias. Mar tagelyk begrypt se dat dizze Messias deroan gean sil. Se salvet in Messias dy’t lije sil. Dit is de tarieding foar stjerren. Sy salvet en balsemet yn ienkear.
En de mannen? De mannen fergaderje, meitsje plannen foar harren eigen belangen. De mannen poche mar begripe der by eintsjebeslút mar in lyts bytsje fan. Dizze frou praat net oer Jezus mar komt by him en soarget foar him. Sy fersoarget syn lichem en geast foar de swiere reis dy’t der oan stiet te kommen. Wat in ferromming moat dat foar Jezus west hawwe.
En de mannen? De mannen dreame noch grutte idealen oer macht, oer pracht en praal. Dizze frou wit dat Jezus hieltyd lytser en lytser wurde sil, dat hy lije moat en stjerre sil om sa de wrâld te rêden.
Der is neat muoiliker dan lyts te wurden, dan op te jaan, om los te litten. Der is neat muoiliker dan trou te bliuwen oan dizze wei, sûnder frustrearre te reitsjen, sûnder oan te passen oan de tsjinstander, sûnder te wurden as de ‘draken’ dêr’tsto mei te krijen hast.
Jezus giet dizze wei en bliuwt trou oan syn ropping. Dizze frou begrypt him, fersoarget him en helpt him om steande te bliuwen yn syn striid tsjin de ‘draken’, tsjin de machten fan dea en ferdjer. Troch it salvjen fertelt sy har ferhaal: op Him kinst fertrouwe en dyn libben bouwe. Hy is de wei wei, de wierheid en it libben.
Bêste minsken, hast soenen wy dit ferhaal net lêzen hawwe. Want yn it lêsroaster fan ús tsjerken stiet op dizze Wite Tongersdei it ferhaal fan de ‘voetwassing’, it fuotwaskjen, út it Johannes evangeelje. Hoe moai dat ferhaal ek is, dochs hat it wat wrangs. Jezus seit dochs net neat foar neat ‘Ik sis jimme: oeral wêr’t op de wrâld it bliid boadskip brocht wurdt, dêr sil ek, om har te betinken, ferteld wurde wat hja dien hat’? Om har te betinken!
Is it net wat apart dat wy faak wol goed de ferhalen witte fan Kajafas en de Joadske lieders? Dat it ferried fan Judas wy yn ús kollektive ûnthâld griffe stiet en dat wy wol witte fan de ‘zilverlingen’? Dat wy kear op kear lêze dat alle learlingen en freonen Jezus yn de steek litte, en wol allegear ûnthâlden hawwe hoe’t Petrus Jezus trije kear sitte litten hat? Bang en laf as hy wie?
Mar dit ferhaal is faak yn it skaad stean bleaun. En sa ferjitte wy, op dizze jûn fan betinken, hast ek de frou dy’t Jezus in deugd dien hat. Sa ferjitte wy ek mar al gau de rol fan de minsken yn dizze wrâld dy’t gjin namme hawwe meie, de minsken dy’t mar gewoan en lyts binne, de minsken dy’t gjin praatsjes hawwe mar dogge wat dien wurde moat (net poche mar dogge), de minsken dy’t ‘sjogge’ wêr’t in oar ferlet fan hat, de minsken dy’t God fersoargje en dy’t God as it wiere op hannen drage.
Dizze frou stiet model foar alle minsken yn de skiednis dy’t God op hannen drage en droegen hawwe. Dy’t net yn de skiednisboeken telâne komme, dy’t gjin namme krigen hawwe. It mei blykber gjin namme hawwe. Mar de hiele tsjerkeskiednis troch hat de tsjerke libbe fan sokke froulju, fan sokke manlju.
Wy tinke miskien dat de skiednis foarme wurdt troch wichtige minsken, no ferjit it mar! De ierde draait noch omdat der safolle minsken binne dy’t goed dogge yn it ferburgene. De meeste mensen deugen, ommers! Tsjerke en wrâld libje by de graasje fan al dy saneamde ‘gewoane’ minsken dy’t yn it ferburgene skreppe, soargje en fersoargje: dy’t God op hannen drage! En dy’t troch God droegen wurde (oft se it no witte wolle of net)
Op dizze jûn fan betinken ferjitte wy har en al dy oaren dy’t sy fertsjinwurdiget net. Sa’t Jezus it sei by syn salving: ‘Ja, Ik sis jimme: Oeral wêr’t op ’e wrâld it bliid boadskip brocht wurdt, dêr sil ek, om har te betinken, ferteld wurde, wat hja dien hat.’ Amen.