(Ynkoarte preek foar snein 9 febrewaris 2014. De earste snein fan de Olympyske Spelen yn Sotchi)
Op dizze earste snein fan de Olympyske Spelen bûch ik foar de olympyske sporters. Wat moatte se der in soad foar dwaan en litte! Altyd mar wer op skerp stean, trochsette, ynkassearje, dissipline hawwe, alles der foar oer hawwe.
Ik bin wei fan sport en al hielendal fan de Olympyske Spelen. Dat is begûn mei de winterspelen fan Sapporo yn 1972. Mei mem (gek fan reedriden) siet ik op ûnmooglike tiden nei it riden te sjen. Ard Schenk wûn dat jier trije kear goud. Hy wie ús held!
Twivel
Mar tagelyk bekrûpt my de twivel oer de Olympyske Spelen. Yn ‘e rin fan de jierren is de romantyk der wol fanôf rekke. It giet oer grutte projekten, prestiizje en korrupsje. Dit jier is it noch helte slimmer: de spullen binne djoerder dan alle foargeande Olympyske Spelen byinoar. De minsken yn en rûn Sotchi moatte it belije. Natuer en miljeu komme op it twadde plak. De minskerjochten komme sa krekt net. Homoseksuele minsken (en oaren) binne har libben net feilich. En sa mar troch.
Winne
Mar der is mear reden ta twivel. Dat hat ek mei de sport sels te meitsjen. Yn prinsipe giet it by de Olympyske Spelen mear om it meidwaan as om it winnen. Mar earlik sein liket it tsjinwurdich allinne noch mar te gean om it winnen. Alles draait om it bêste, it heechste, de ultime prestaasje. Dêr wurdt alles foar dien en litten. Alle oandacht giet út nei de winner. Twadde wurde is foar guon al hast itselde as ferlieze.
‘Nûmer ien’.
De Bibeltekst fan hjoed (Markus 9:33-37) lit sjen dat de striid om it earste plak net in nijmoadrige útfining is. Jezus freget oan syn freonen ‘Wêr hienen jim it ûnderweis oer?’ En de reaksje: ‘Se seinen neat, want ûnderweis hienen se der mei-inoar oer praat wa’t nûmer ien wie.’ Blykber is de striid om it earste plak universeel, sels by de freonen fan Jezus.
Doe gong Jezus sitten, rôp de tolve by Him en sei:
As ien de earste wêze wol, dan moat er de alderlêste
wêze en de tsjinner fan allegearre.
Hy naam doe in jonkje, sette dat midden tusken harren yn,
sloech de earm om him hinne en sei tsjin harren:
Wa’t om My sa’n bern opnimt, dy nimt My op.
En dy’t My opnimt, nimt My net op,
mar Him dy’t My stjoerd hat.
Earst en lêst
Sa makket Jezus byldzjend dúdlik hoe’t it der by him om en ta giet. It jonkje stie yn de hiërargy fansels hielendal ûnderoan. By Jezus giet it blykber net yn de gewoane folchoarder. Earst en lêst wurde omdraait. Immen dy’t ‘earst’ wêze wol, moat ‘alderlêste’ wurde. Om earste te wurden by God moatte wy blykber earst bûge: lêst en lyts wurde. It jonkje wurdt yn ‘t midden pleatst. Wa’t him opnimt, slút Jezus yn syn hert. Mear noch, yn it opnimmen fan it jonkje komt God te plak.
Spiritualiteit fan Jezus
Dit byld seit alles oer de spiritualiteit fan Jezus. Yn syn hiele optreden, alles wat hy docht en seit, giet it om de omkearing fan wearden. Al syn wurden en dieden geane yn tsjin de oerhearsking en it misbrûk fan minsken. Tsjin de gewoane hiërargy yn komt Jezus op foar eltsenien ûnderoan ‘e ljedder. En al krijt hy in soad tsjinstriid, Jezus bûcht nét foar de minsken dy’t wend binne altyd te winnen. Hy bûcht en makket him wól lyts foar de minsken dy’t gjin kant opkinne: de earmen, de siken, de bûtensteanders, de misbrûkten. En hy is trou oan de ein ta. Dy spiritualiteit fan it bûgen (en lyts wurden om in oar) giet oan it krús ta: ‘Hy bûgde de holle en joech de geast.’ (Johannes 19:30)
Om nei te folgjen
De freonen fan Jezus wurde útnoege om dy spiritualiteit nei te folgjen. Mar dat is sa’n poepetoer. It giet yn tsjin alles dat wy leard hawwe. Wy wolle ommers ek graach earst wurde en winne. Wichtich wêze! Wy wolle gjin ‘losers’ wêze, mar wolle ek op it heechste poadium stean en bejubele wurde. De ‘spiritualiteit fan it bûgen’ wol ús lykwols net lyts meitsje of fernederje. Beslist net! It wol ús de eagen iepenje foar wat der werklik ta docht yn it libben. It bûgen jout ús in nij perspektyf op de wurklikheid, hast letterlik. It winnen blykt dan bot fergonklik en beheind te wêzen.
Ik bûch foar…
Fansels hâld ik grut respekt foar al dy Olympyske topsporters. En fansels hoopje ik op prachtige resultaten foar de Nederlânske en Fryske sporters: dat wy it útskreauwe kinne fan bliidskip en grutskens. Mar wichtiger is it om oandacht te freegjen foar de earmen yn Ruslân dy’t miljarden misrinne. Foar de minsken dy’t harren grûn en hûzen kwytrekke binne. Foar natuer en miljeu dy’t skandearre binne. Foar homoseksuele minsken en safolle oaren dy’t gjin frijheid hawwe.
Ik bûch no, leau ik, net mear foar de sporters. Ik bûch by dizze Olympyske Spelen wol djip foar Jezus’ wiisheid en spiritualiteit:
As ien de earste wêze wol,
dan moat er de alderlêste wêze
en de tsjinner fan allegearre.
Amen.
(ds. Hinne Wagenaar, Westerwert/Nijkleaster te Jorwert)