Preek foar snein 11 oktober 2009
Gemeente fan Kristus, bêste minsken.
1.
Dit is hjoed net sa’n maklik ûnderwurp. Dêrom earst mar in mop. En dan fansels oer Joaden. ‘Twa Joadske rabby’s komme elkoar tsjin yn Jeruzalim by de kleimuorre. Seit de ien tsjin de oare: ‘Hoe giet it mei dy?’ Seit de oare: ‘No, ik mei net kleie.’
2.
Wy hawwe hjoed twa teksten (I Tessaloníkers 2: 15-16 en Mattéus 27, 15-26) lêzen dy’t troch de ieuwen brûkt binne tsjin de Joaden. Twa teksten dy’t it antysemitisme stipe en fuorre hawwe. Antysemitisme is in oar wurd foar Joadehaat. It is diskriminaasje fan Joaden om harren etnisiteit of godstsjinst. Letterlik betsjut anty-Semyt dat men tsjin de Semiten is, de bern fan Sem (dat wie ien fan de bern fan Noach). Dat soe dan wêze tsjin alle Semityske folken, folken dy’t in Semityske taal sprekke. En dus ek tsjin de Arabieren dy’t in ek in semityske taal sprekke. Mar sa wurket it net. Antysemitisme giet om Joadehaat.
Ferskate teksten út de Bibel hawwe meiwurke oan de Joadehaat. De wurden út it Mattéus-evangeelje (27, 25) hawwe dêr in sintrale rol yn spile: ‘Lit syn bloed oer ús en ús bern komme!’ (‘Zijn bloed kome over ons en onze kinderen’). It wie sels sa slim dat der tiden west hawwe dat der ‘spontaan’ pogroms (folksgerjochten) tsjin Joaden ûntstienen op Goedfreed wannear’t dy tekst yn tsjerke lêzen wie. Sy, de Joaden, hawwe ús Hear Jezus ommers ombrocht!
3.
De tekst út De earste brief oan de Tessaloníkers (2, 15-16) hat it fûnemint jûn oan it kristlike antysemitisme:
15 Dy (de Joaden) hawwe de Heare Jezus en de profeten deade en ús fûl ferfolge. Hja dogge net wat God hawwe wol en geane tsjin alle minsken yn. 16 Om de mjitte fan har sûnden foar altiten fol te meitsjen behinderje se ús ek noch om ’e heidenen har behâld te ferkundigjen. Mar de grime fan God is dan ek foargoed oer har kommen.
Ik ha der muoite mei om dy wurden út de Bibel te lêzen. Krekt ek die it my sear by de lêzing. Jim binne altyd al goed oandachtich, mar by de lêzing waard it noch stiller. Bêste minsken, der is sa’n lange en slimme skiednis fan antysemitisme dat wy eins hast net fierder prate kinne… Mar dat helpt ús ek net fierder. Wy sille dy skiednis ûnder eagen sjen moatte en der oer prate moatte. Want wy lêze dy wurden net yn de situaasje sa’t Paulus it skreaun hat. Wy lêze se nei in lange skiednis. Fan it begjin fan de tsjerkeskiednis oant hjoed-de-dei ta hat der sprake west fan Joadehaat. En hast al ús grutte tsjerkfaars hawwe dêr moai oan mei dien, Marten Luther net yn it minst. Wy lêze de wurden oer ‘de Joaden dy’t de mjitte fan har sûnden foar altiten fol meitsje’ en ‘de grime fan God dy’t foargoed oer har kommen is’ (allinne al dy wurden ‘altiten’ en ‘foargoed’) nei in pynlike skiednis en nei de twadde wrâldoarloch. Nea sille wy sokke wurden oer it joadske folk wer ‘gewoan’ beharkje kinne!
4.
Mar it giet hjoed om de fraach hoe’t it mei Paulus sit. Is Paulus no in Joad of is er sels in antysemyt? Hoe moatte wy sa’n tekst as I Tessaloníkers 2, 13-16 lêze? En fansels moatte wy dan antwurdzje dat Paulus in Joad wie. Hy wie berne yn Tarsis út in joadske famylje en hy wie oplaat ta in ortodokse Joad. Hy hat sitten oan de fuotten fan Gamaliël, in ferneamde rabbi. Yn Hannelingen 22, 3 seit Paulus oer himsels: ‘Ik bin in Joad, te wrâld kommen te Tarsus yn Cilicië, mar opbrocht hjir yn dizze stêd Jeruzalem; as learling fan Gamaliël sekuer ûnderwiisd yn ’e wet fan de foarâlden’. (Sjoch ek Hannelingen 5, 34). Fansels wie er in Joad! Mar hoe kin er dan sokke taal brûkt ha oer de Joaden?
Om dat begripe te kinnen, moatte wy witte yn hokker situaasje Paulus sokke wurden skreaun hat. Wy moatte goed rekken hâlde mei de tiid, de situaasje, de oanlieding dêr’t in tekst yn ûntstien is. Alle teksten wurde skreaun yn in bepaalde kontekst en dy kontekst moatte wy goed yn de gaten hâlde. En dat jildt ek foar de teksten dy’t yn de Bibel steane. Paulus hat syn brieven net skreaun as bibelteksten. Hy hat de brieven skreaun as antwurd op fragen, en as brieven oan gemeenten dêr’t er mei ferbûn wie.
Om út te lizzen hoe’t it miskien gien is mei Paulus sil ik jimme in eigen foarbyld jaan. Dan komt it wat tichterby. In pear jier ferlyn hie ik ûndersteande wurden wol sizze kind oer de Feriene Steaten fan Amearika (ik ha dat net publikelik dien, mar ik hié it sizze kind):
‘Dy aaklige Amerikanen, ik bin der mislik fan. Bush en syn trawanten hawwe de mûle fol oer Kristus en it leauwe, mar yn werklikheid mishaagje se God. De hiele wrâld is langer tsjin harren. Se binne altyd mar wer op it oarlochspaad, se brûke geweld op geweld, se achtsje de minskerjochten net, se lige deryn om en se litte har eigen earmen omkomme! De folken fan de wrâld hawwe der skjin harren nocht fan. Dat der oanslaggen binne is net goed te praten mar wol te begripen. De maat fan de Amerikaanske sûnde rekket fol. It oardiel is foargoed oer harren kommen!’
Dy wurden hie ik yn in lilke bui skriuwe kind.
As ien fan jimme my hjoed-de-dei freegje soe ‘Dominy, binne jo noch altiten sa tsjin it Amerikaanske folk, kinne se noch gjin goed dwaan?’, dan soe ik freegje: ‘Hoe bedoele jo, wêr hawwe jo it oer’. ‘Ja mar, soks hawwe jo dochs in pear jier ferlyn skreaun?’ Mar dat wienen fansels gjin wurden foar ivich en altyd. Dat hie ik skreaun op dát stuit en yn dý spesifike situaasje. It wie krityk út leafde, leafde foar in lân dêr’t wy wenne en studearre ha, en dêr’t wy goede freonen hawwe. Aldergelokkichst is dat no feroare. Hjoed de dei (in pear jier letter) is it ommers folslein oars. Hjoed-de-dei kin ik in lofrede skriuwe op in nije presidint, dy’t no al de Nobelpriis foar de frede krigen hat. En nei myn miening terjochte. Wat in feroaring yn in pear jier! Ik bin in fan fan Obama!
5.
Sa is it ek mei Paulus gien. Paulus wie sels in Joad. Hy hie libbe neffens de strangste ortodokse regels en wist krekt wêr’t er it oer hie. Paulus wrakselet tige mei syn relaasje mei syn folk en religy. Yn de brief oan de Romeinen komt dat hiel dúdlik nei foarren (haadstik 9-11). Hy jout dêr oan hoe’t it joadske folk it folk fan de ferkiezing is én bliuwt. Mar tagelyk hat Paulus safolle striid hân mei joadske minsken dêr’t er mei te krijen hie. Hy krige safolle geseur en tsjinstân, dêr wie de ein fan wei. Syn brieven steane der fol fan. En dat hie foaral te krijen mei de sintrale ropping fan Paulus. Paulus wie fan miening (nei syn omkearing/ nei’t er it Ljocht sjoen hie) dat it evangeelje foar alle folken en minsken bedoeld wie. Hy besocht it evangeelje te ferkundigjen oan de ‘heidenen’. En dat wie de measte ortodokse Joaden ferhipte min nei ’t sin. Dat wie foar de measte Joaden in stasjon te fier. Foar de Joaden wie it dúdlik wa’t by it ferbûn mei God hearden. Allinne de bern fan Abrahan fansels. Allinne de minsken dy’t besnien wienen. Allinne it joadske folk mei de joadske (spiis)wetten. Oare minsken en oare folken wienen no ien kear heidenen. Dy wisten fan God noch gebod! Dy stienen derbûten.
En Paulus? Dy woe dy minsken, dy ûnreinen, dy heidenen, dy ‘Parten, Meden en Elamiten, ynwenners fan Mesopotamië, Judéa en Kappadoasië, Pontus en Asia, Frygië en Pamfylië, Egypte en dat part fan Lybië dat by Cyrene leit, Romeinen, lju fan Kreta en út Arabia (sjoch Hannelingen 2, 9-11) derby belûke? Harren by Kristus hearre litte? Dêr wie dochs de ein fan wei? Dat wie doch ûnmooglik? Dêr koe in fatsoenlik Joad dochs net mei omgean, lit stean mei ite en bidde? Dat wie dochs ûnhillich, heidensk en smoarch folk?
Sjoch, dêr hie Paulus mei te krijen. Paulus hie striid mei Joaden yn Judea en yn de diaspora dy’t it yn en om de synagoge foar it sizzen hienen. Dat wie doe de dominante groep. En eltse kear wer op ’e nij krige hy spul mei harren. Want Paulus woe dat alle minsken en alle folken fan Kristus hearre soenen, én ek by Kristus hearre koenen yn harren eigen taal en kultuer. Foar Paulus wie it net nedich dat se earst Joad waarden. Dêr gong de striid hieltyd wer oer. Hieltyd wer dy tsjinstân. Paulus koe net oer dy diskriminaasje, dy minachting fan de minsken út de folken dêr’t hy syn gemeenten begûn wie. Dêrom wie er sa lilk. Dêrom spuide er sok raar guod. Hy koe poerrazend wurde om sok praat.
6.
As wy hjoed-de-dei de kâns krigen om Paulus te freegjen nei syn miening en freegje soenen: ‘Wienen jo in antysemyt?’, dan soe er ús nei alle gedachten nuver oan stoareagje. En hy soe ferheard sizze:
‘Ik, in antysemyt? Hoe komme jim derby? Ik bin dochs sels in Joad? En hawwe jim myn oare wurden oare Joaden dan net lêzen, bygelyks yn Romeinen 9-11? Ja, ik koe wol nuver út de hoeke komme. Mar ik woe it paad iepenje foar de folken. Ik wist dat der yn Kristus frijheid wie en ferskaat fan minsken. En dy Joaden dêr’t ik mei te krijen hie, wienen sa ferhipte xenofoob, sa sletten, sa haatlik tsjin oare folken. Ik koe sa no en dan net oars as raar guod spuie. Mar dat wienen gjin wurden foar ivich en altyd! En ik wist dochs net dat it brief oan de Tessaloníkers yn de Bibel komme soe en dat jim dat lêze soenen ieuwen en ieuwen letter? Foar my stie doe fêst dat der yn Kristus gjin ferskil mear wie tusken Joad en Gryk, slaaf en frije, man en frou. Yn Kristus makket dat neat mear út. (Galatiërs 3, 28)’
7.
Paulus gong dus oer de grinzen hinne. Hy wie tsjin diskriminaasje en socht om ienheid tusken minsken en folken. Hy wie tsjin it ivige superioriteitstinken dat de Joaden hienen. En dat safolle folken doe én hjoed hawwe! Paulus moast de diskriminaasje en it rasisme skerp feroardielje. Apart no, dat no krekt de teksten fan Paulus sa brûkt en misbrûkt binne dat dy de basis foarmje koenen foar it antysemitisme. Wylst Paulus krekt sa wraksele tsjin de diskriminaasje. It kin raar rinne. Wy soenen tsjin Paulus sizze wolle: ‘Miskien hienen jo dat sa net sizze moatten, foaral net skriuwe moatten. Soks kin in eigen libben begjinne te libjen’. Mar dat witte wy hjoed-de-dei. It is dêrom in les foar ússels. Hoe kwetsber religieuze teksten binne, hoe maklik teksten misbrûkt wurde kinne!
En wy meie op ús iepenst wêze op it mêd fan diskriminaasje, rasisme, superioriteitstinken en sa fierders hinne. Soks is wer oan de oarder fan de dei en it liket wol dat it wer tastien is om sa te tinken, dat it wer gewoan wurdt. Wy moatte as gemeente fan Kristus op ús iepenst wêze tsjin sokke tendinzen. Dat wy net meigeane yn de ieuwenlange tradysje fan Europa fan rasisme en antysemitisme. Dat wy sykje om ienheid. Wês wach! Wês alert!
Ik sei oan it begjin fan de preek al dat it gjin maklik ûnderwurp wêze soe. Swiere kost! Dan no noch mar in grap. Ik bin begûn mei twa kollega’s oan joadske kant (twa rabbys by de kleimuorre). Wy swinke de kamera no nei it St. Pitersplein yn Rome, nei twa roomsk-katolike prysters. Dy hawwe it oer it selibaat. It sit har net lekker en de iene seit tsjin de oare: ‘Tinkst dat wy it noch belibje dat de Paus it selibaat opheft?’ Seit de oare pryster: ‘Wy net, mar ús bern wol!’.
Mar sjoch no ris wat ik doch. It is sa maklik om in grap te meitsjen oer in oar. Oer joadske en roomsk-katolike kollega’s. No wit ik fansels wol dat dy der wol oer kinne. En ik bin der wis fan dat se sels noch hurder om sa’n grap laitsje as wy. Mar dochs. It is sa maklik om oaren yn in hoeke te setten. En der om te laitsjen. Dêrom noch in kear (en ik ha it dus ek tsjin mysels): wês wach, wês alert, sykje om ienheid en akseptaasje. Ha earbied en omtinken foar in oar!
Amen.