Preek foar snein 15 novimber 2009
Parochy, gemeente, bêste minsken,
1.
Yn de oanrin nei de Paulus musical yn maart hienen wy fiif learhûsjûnen pland. De sneins nei it betreffende learhûs jouwe wy der dan ek omtinken oan yn de tsjinst. No hawwe wy ôfrûne moandei ús twadde learhûs hân mei as tema: ‘wie Paulus no in seksist of earder in feminist?’ Dat stiet dus no ek sintraal yn dizze preek. Wie Paulus sa’n ien dy’t it net ferneare koe dat froulju in plak yn tsjerke krigen? Wie hy wier in seksist (dat is immen dy’t froulju diskriminearret fanwege harren geslacht, harren frou wêzen?) Of is dat wat der fan makke is, en wie Paulus sels immen dy’t socht om frijheid, ek foar froulju? Wie hy earder in feminist (dat is immen dy’t siket en stribbet nei lykweardichheid tusken de geslachten, tusken manlju en froulju)? Hjir hawwe wy it oer hân yn it learhûs en hjir sil ik no besykje yn it koart ien en oar oer te sizzen.
2.
Wy hawwe mei it each op dizze problematyk twa teksten lêzen út it Nije Testamint. De earste is hiel bekend as it giet om de miening fan Paulus wat froulju oanbelanget. Dy wurden út it earste brief fan Paulus oan de Korintiërs (14, 34-40) wurde altyd wer sitearre en fan stâl helle: ‘Froulju moatte yn de gearkomsten swije! It jout no ienris gjin foech foar in frou om yn tsjerke it wurd te dwaan’. Dit is ien fan de wichtige teksten tsjin it wijen fan froulju yn tsjerken as diaken, pryster of dominy. Wy witte fansels dat dit in hjit hangizer is yn de Roomsk Katolike tsjerke. Mar lit ús net ferjitte dat it yn in soad protestantske tsjerken krekt sa giet. Wy hawwe der weet fan yn ús eigen tsjerke, mar ek yn de anglikaanske tsjerke en evangelikale of pentekostale tsjerken leit it yngewikkeld. Om noch mar te swijen oer de Eastersk ortodokse tsjerken. Mei oare wurden: dizze tekst is hiel wichtich by it ôfwizen fan froulju as religieuze lieders foar fierwei it grutste part fan de kristlike tsjerken.
De kristlike tsjerke hat sa’n negative hâlding tsjin froulju net samar betocht. It is foar in grut part oernommen fan de joadske tradysje. Net om al te negatyf te dwaan oer de joadske tradysje, mar om Paulus te begripen sille wy dochs ek witte moatte wat de hâlding tsjin froulju wie yn de joadske tradysje. Want dat wie Paulus syn wrâld! Ik helje dêrom ien gebed oan dat 3x deis bidden waard troch manlike fromme en ortodokse joaden. Dat giet sa:
‘Segene binne Jo, Hear ús God, dat jo my net makke en skepen ha as heiden.
Segene binne Jo, Hear ús God, dat jo my net makke en skepen ha as slaaf.
Segene binne Jo, Hear ús God, dat jo my net makke en skepen ha as frou.’
3.
Dêrom begjin ik no earst mar mei de oare, wat nuvere tekst út de Romeine-brief. Paulus docht de groetnis oan in hiele kliber minsken. Dy list giet fansels net oer djippe gedachten, net oer teology. It binne in soad nammen, en dy wurde dan faak foar it gemak mar oerslein wannear’t wy dit brief lêze. Al dy nammen, dêr’t wy de tonge oer brekke. Mar hjoed slaan wy dizze nammen net oer! Want doe’t wy ús yn it learhûs oandachtich troch dy list mei nammen hinne wrotten, doe die bliken dat der aardich wat froulju by sitte dy’t Paulus âlderhertlikst groetsje lit. En apart, hy begjin mei it priizgjen fan in suster dy’t fan Fébé hjit. Sy tsjinnet de gemeente fan Kenchréen. Tsjinnet? Wat betsjut dat krekt? Yn it Gryksk stiet der: diaken. Yn fertaling betsjut dat fansels dat se tsjinne. Mar it ‘diaken-wêzen’ is in amt sa’t bliken docht út Hannelingen 6. Dat komt sa net werom yn de oersetting. Fébé wie in diaken! En Paulus priizget har hast de himel yn (soenen wy sizze). Spitich dat wy soks no hast nea hearre.
Mar it ferhaal giet fierder. Ferskate manlju en froulju krije de groetnis. Hiel spesjaal is neffens de kommentaren dat yn fers 3 ‘Priska’ earst neamd wurdt. Dat wie hiel ûngewoan. Earst kaam de man fansels. Mar Paulus lûkt him dêr neat fan oan. Priska en Aquila, sa seit er it.
En dan komt it ferneamde fers 7. Wer twa nammen byelkoar: Andronikus en Junia. Junia, dat is in frouljusnamme. Mar wat stiet yn de measte oersettingen: Andronikus en Junias (yn de Fryske ek. De Nieuwe Bijbel Vertaling docht it goed). It is dúdlik dat it in frou wêze moat. Mar it soe taalkundich sjoen ek in man wêze kinne, en it soe miskien in ôfkoarting wêze kind hawwe fan ‘Juniakus’. Mar gewoanwei is it in namme fan in frou (Junia). Wêrom dan sa’n oersetting as Junias? Dat sil ik jimme fertelle. It giet om wat der folget: ‘sy binne ferneamd ûnder de apostels’ (die als apostelen veel aanzien genieten). Mar dat kin net…, moatte in soad manlju (bewust of ûnbewust) tocht hawwe. Apostels: dat kinne gjin froulju wêze. It sil wol in ôfkoarting foar in man west hawwe: dus wurdt it Junias. Mar, bêste minsken, dat is perfoarst net it gefal. Paulus docht hjir sûnder te ferblikken de groetnis oan twa apostels dy’t ferneamd binne: Andronikus en Junia, in misjonêr twatal: man en frou!
Paulus docht dus de groetnis oan alderhanne wurkers yn de Hear. Dy hawwe allegear taken ta opbou fan de gemeente fan Kristus. Mar hy brûkt hjir ek krekt de twa amten dy’t wy kenne út it Nije Testamint, nammentlik diaken en apostel. En hy brûkt dy titels/amten ûnbeskamme foar froulju. Hjir is gjin inkel misferstân. Paulus docht de groetnis oan froulju dy’t yn de jonge tsjerke wichtige posysjes hawwe. Spitich dat wy soks hast nea hearre!
4.
Mar, dominy, as dat dan sa klear as in klûntsje is, hoe sit it dan mei dy tekst oer it swijen? Hat Paulus dat dan net skreaun? Hoe sit dat …?
Yn de brieven dy’t wy fan Paulus sels hawwe, steane (mar) twa lêstige passaazjes as it giet om froulju. En wat wol it gefal, dy twa sprekke elkoar dan ek noch tsjin! It giet om it wat yngewikkelde diel oer it bedekken fan de holle (I Korintiërs 11). Dêr gean ik no net op yn, dat is te folle. Mar wat opfallend is dat Paulus dêr krekt seit dat froulju net yn de gemeente bidde of profetearje meie sûnder sa’n bedekking (of wat it dan ek mar betsjutte mei). Eltsenien is it deroer iens dat Paulus himsels hjir tsjinsprekt. Earst seit er dat froulju, wannear’t sy bidde en profetearje, dat en dat moatte. En letter seit er dat froulju swije moatte. Dat strookt fansels net. Yn syn eigen brieven komt it fierders net foar.
Hoe moatte wy dat útlizze? Ik sil dat no net allegear út de doeken dwaan. Mar der binne eins twa oplossings. De iene groep seit dat dit in lettere ynfoeging is. Dit binne typysk de wurden út de tiid fan ien of twa generaasjes letter. Sa fine wy dat ek yn de oare pastorale brieven (dat binne net de brieven fan Paulus sels). Oaren sizze dat Paulus yn de brief oan de Korintiërs hieltyd antwurd jout op fragen út in brief dy’t sy him earder stjoerd hienen. Dat seit Paulus sels ek (sjoch bygelyks 7, 1). En as er antwurd op de fragen jout, dan hellet hy earst de fraach wer efkes oan, sadat sy witte wêr’t er antwurd op jout. Mear en mear kommentaren nimme dat oan. It fersin komt foaral út it feit wei dat der gjin ynterpunksje is yn it âlde Gryksk. De fraachtekens, komma’s en punten moatte wysels mar betinke. En dat giet wolris krekt ferkeard. Hjir dus ek. Dan soe der dus eins stean:
Jimme skriuwe dat ‘froulju swije moatte, en har plak witte moatte? Krekt sa’t de wet dat foarskriuwt? En dat se it thús mar freegje moatte wannear’t se wat witte wolle? Want it jout ommers gjin foech dat froulju it wurd dogge yn tsjerke?’
En dan komt Paulus syn lilke antwurd: ‘ Is it wurd fan God faaks fan jimme útgien? Of is it allinne ta jimme kommen?’ Hoe komme jim derby! Sa krije wy dus in omkearde betsjutting fan dizze tekst.
5.
Mar hoe’t wy it ek útlizze wolle, dúdlik is dat is net maklik wie. Froulju hienen in folslein plak by Jezus. Se binne sels de earste tsjûgen fan de opstanning. Froulju hienen in folslein plak by Paulus, sjoch mar nei de groetnis. Sy hawwe sels de wichtichste amten fan dy tiid: diaken en apostel. Mar it lei gefoelich en yngewikkeld. Yn de joadske en yn de Gryksk- Romeinske wrâld wie gjin frijheid of lykweardichheid foar froulju. De fragen út Korinte binne dúdlik. Hoe kin dit no? Dit giet tsjin al ús seden en gewoanten yn. Froulju moatte har plak witte! Al gau nei Jezus en nei Paulus hat de tsjerke har revolúsjonêre elan net fol hâlde kinnen. It koe net op tsjin de tiidgeast, it koe it net folhâlde yn de kultuer en kontekst fan dy tiid. Doe’t de tsjerke in ynstitút waard, rekke de frijheidssin wei, pasten de leden har wer oan oan de gewoanten fan de dei, namen de manlju de macht wer oer. Dat wie in stik makliker.
Sa it it gien. En dêr hawwe wy hjoed-de-dei noch mei te krijen. Mar fertel my net dat Paulus soks ek miende. Meitsje my net wiis dat Paulus in âlderwetske man wie, dy’t froulju wer it hok yn stjoere woe. Wis en wrachtsjes net! Paulus wie in revolúsjonêr man, dy’t radikaal in neifolger wie fan syn Hear Jezus. It past hielendal net yn syn tinken om sokke dingen te sizzen. Dat witte wy ek fanwege dy bekende wurden dy’t er sein hat yn it brief oan de Galatiërs. Dat binne wurden dy’t yn de tiid fan Paulus by de doop brûkt waarden. In soad fan ús kenne dy wurden wol. Paulus seit:
Jimme allegear dy’t yn Kristus doopt binne, hawwe Kristus oandien (as in mantel)
Joad of Gryk, slaaf of frije, man of frou, dat makket dan neat út.
Jimme binne ien yn Kristus Jezus.
Set dat ris foar it gebed oer dêr’t wy hjoed mei begûn binne. Oer hoe’t yn it Joadedom tocht en bidden waard oer heidenen, slaven en froulju. It liket wol as oft Paulus it der om docht, as oft er der mei opsetsin en mei krêft tsjinyn giet.
‘Segene binne Jo, Hear ús God, dat jo my net makke en skepen ha as heiden.
Segene binne Jo, Hear ús God, dat jo my net makke en skepen ha as slaaf.
Segene binne Jo, Hear ús God, dat jo my net makke en skepen ha as frou.’
Joad of Gryk,
slaaf of frije,
man of frou,
dat makket dan neat út. Jimme binne ien yn Kristus Jezus!
Dat is Paulus ta de teannen út. En dat meie wy ek witte hjoed, no’t Harmen Andrys doopt wurdt. Hy wurdt doopt. En de earen wurde him no daliks wosken. Dat er wit en goed harket, krekt as wy allegear dy’t dêr tsjûge fan binne, dat yn Kristus minsken lykweardich binne: alle folken en nasjonaliteiten, minsken fan alle rangen en stannen, manlju en froulju! Yn Kristus Jezus binne wy ien!
Amen.