Preek foar snein 7 maart 2010 (3e snein fan de 40-dagetiid.)
Gemeente fan Kristus, bêste minsken.
1.
As wy hjoed-de-dei minsken yn tsjerke freegje nei harren bibelske helden, dan bin ik der wol aardich wis fan dat Paulus net op nûmer 1 út de bus komme sil. Paulus hat net (mear) fanselssprekkend de sympaty fan de hjoeddeistige bibellêzer. Eartiids wie dat oars. Wat is yn de foarige ieu in soad oer Paulus preke! Minsken fine him hjoed-de-dei dogmatysk en yngewikkeld, rasjoneel en radikaal, maskulyn en fanatyk. En minsken feroardielje him as antysemyt, frouljushater en ek noch as homohater. Yn de trije eardere learhûzen en preken binne dy lêste trije feroardielingen bestriden. It binne gjin terjochte oardielen oer Paulus, it binne foaroardielen. Paulus wie gjin homohater, perfoarst gjin seksist en al hielendal gjin antysemyt. Bliuwe wy sitten mei noch in pear oardielen, dy’t faaks ek foaroardielen binne. Hjoed wolle wy it hawwe oer it byld fan Paulus dat er in fanatike skerpsliper wie, in yntolerante ‘rouwdouwer’ dy’t syn sin hawwe en krije soe, in fjochtersbaas.
2.
Wy begjinne mei in ferliking tusken Mozes en Paulus. Dat komt omdat wy hjoed op dizze tredde snein fan de 40 dagen lêzen hawwe út it boek Eksodus. En wy hearre dêr hoe’t Mozes opsjocht tsjin syn taak. God stjoert him op ’e nij nei de Farao ta. En Mozes siket ferlechje op ferlechje om der ûnderút te kommen. Dy grutte lieder fan it folk en tagelyk grutte freon fan God is benaud. Hy kin min út de wurden komme, seit er. Dy beskieden lieder wurdt lykwols de lieder fan in grutte folksopstân, in befrijingsoarloch, wêrby’t it der slim om en ta giet. Wat in striid, wat in ellinde. It liket in paradoks. Mozes dy’t net út de wurden komme kin, en dy’t yn Numeri 12 ‘och sa beskieden’ neamd wurdt, ‘de needrichste minske op ierde’ (Oare oersettingen sprekke fan ‘de sêftmoedichste minske op ierde’), dy Mozes ûntjout him stadichoan as in hurd strider foar syn folk, foar syn minsken dy’t yn de nederklits sitte en swier ûnderdrukt wurde. Dy freon fan God hat striidbere passy foar dit folk.
3.
Miskien fine jim de ferliking mei Paulus nuver of fier socht. Mar ik weagje it hjoed en ferlykje him in bytsje mei de grutte Mozes. Dat waard my ynjûn troch it lêzen fan it net sa bekende part út II Korintiërs 10, 1-11. Yn dy brief oan de gemeente fan Korinte reagearret Paulus op brieven en ferhalen oer him út de gemeente fan Korinte. Blykber wurdt der sein en skreaun dat er sa dimmen (bedeesd) is (fers 1), dat ‘syn persoanlike ferskining net safolle seit en syn sprekken neat te betsjutten hat’ (fers 10). Ja, sizze dy stimmen, yn syn brieven is er wol swierwichtich en strang, mar net yn de omgong.
Dat is apart! Wy kenne Paulus ommers allinne mar út syn brieven, dy’t yndied somtiden wol swierwichtich en strang oerkomme. Mar yn syn ferskining wie dat blykber oars. Yn de persoanlike omgong wie er dimmen en net botte ymponearjend. Dy kant fan Paulus kenne wy net sa goed. Krekt as Mozes hie Paulus ek in beskieden en needrige kant.
En Paulus wol dat ek sa hâlde. Daliks yn it begjin fan dit haadstik docht er in berop op de minsken by de sêftmoedigens en myldens fan Kristus. En ferskate kearen hat er it oer syn swakheden.
4.
Mar wêr giet it dan oer wannear’t Paulus útmakke wurdt foar swak, dimmen en net ymponearjend? Wêr doele dy minsken út Korinte op? En wêrom hat Paulus it oer de sêftmoedigens en myldens fan Kristus? Dat sil fêst te meitsjen hân hawwe mei syn persoanlike útstrieling. Mar noch mear hat it te krijen mei Paulus syn meigeande hâlding foar de net-joadske Kristenen oer.
Yn alle brieven dy’t wy fan Paulus hawwe, en ek yn it boek ‘Hannelingen fan de Apostels’ hearre wy fan de striid dy’t Paulus hat mei syn eigen joadske geloofsgenoaten dy’t krekt as hij Kristen wurden binne. Hieltyd mar wer giet it oer de besnijenis. Fierwei de grutste groep fan de tsjerke bestie doe earst noch út kristenen dy’t sels Joad wienen. Dy kamen ek yn de synagoge byelkoar. En it âldewichtichste foar harren wie om by it folk fan God te hearren. De besnijenis wie it symboal foar it leauwe yn God, it tekene minken dy’t de wet fan God as rjochtline hienen. En dy wienen massaal fan miening dat ‘heidenen’ (net-Joaden, minsken út de folken) earst kategeze ha moasten om Joad te wurden. Se moasten har eigen taal en tradysje, kultuer en gewoanten loslitte om earst folslein Joad te wurden. Sa koenen se yn it folk fan God opnommen wurde, en dêrneffens ek Jezus as de Kristus neifolgje.
En dat wie no krekt it striidpunt, hieltyd mar wer. Paulus woe de ‘heidenen’ dy’t by Kristus hearre woenen gjin jok op de skouders lizze. Hy fûn dat der yn Kristus gjin ûnderskied wie tusken bygelyks Joaden en Griken. Hy fûn dat de Griken Kristus folgje koenen as Griken, en Arabieren as Arabieren, en Romeinen as Romein en sa fierders hinne.
Yn de eagen fan syn joadske meikristenen wie dêr de ein fan wei. Wat in swakke en sêfte boel: ‘Hoe soenen dy heidenen no samar meidwaan kinne? Dy minsken witte ommers fan God noch gebod, hja brabbelje der mar nuver yn om en ite alderferskriklikst iten. Se stjonke en binne ûnrein fan top ta tean. Se moatte earst mar ris goed leare hoe’t it heart, har oanpasse, en in goede Joad wurde. Paulus wie yn har eagen fierstente sêftmoedich en myld. Fierstente maklik en liberaal, fierstente iepen foar al dy frjemdlingen dy’t by Kristus hearre woenen.
Bêste minsken, dêrom wie Paulus foar syn eigen joadske leauwigen net ymponearjend, net stoer genôch. En dêrom beropt Paulus him op de sêftmoedigens en myldens fan Kristus. Apart no, dat Paulus by ús sa faak oerbrocht is as krekt, op de komma, dogmatysk, in skerpsliper. Wylst er foar syn eigen joadske minsken it tsjinoerstelde wie. Hoe is it mooglik, dat er yn ús Nederlânske en ekFryske protestantske tsjerken ôfspegele is as hurd, yntolerant en wetich (‘een betweter’) Hoe komt it dat wy net dat byld krigen ha fan in dimmen minske, dy’t him op de sêftmoedigens en myldens fan Kristus beropt, dy’t iepen en liberaal wie foar minsken dy’t by Kristus hearre woenen?
5.
Ut de teksten fan hjoed wie dat al dúdlik wurden. Paulus wie yn syn brieven ommers swierwichtich en strang. Hy koe mei syn pinne goed úthelje en rake klappen útdiele. Hoe kinne wy dat rymje mei in Paulus dy’t te sêftmoedich en myld wie? Ik wol dit ferlykje mei Mozes syn gedrach. Mozes wie beskieden en needrich. Mar hy ûntjoech him as in frijheidsstrider by útstek. In man mei passy dy’t by steat wie om immen dea te slaan. Neat koe him stopje om syn ûnderdrukte en útrûpele folk te beskermjen en frij te setten.
Soks wie ek geande mei Paulus. Dy dimmen man feroare yn in tiger wannear’t men de nije kristenen in jok op de skouders lizze woe, wannear’t de joadske kristenen de nije (heidenske) bekearlingen de frijheid ôfnimme woenen. Paulus koe dan oerémis wurde en nuvere taal útslaan. Hy begjint yn Galatiërs 5 noch netsjes. Hy stiet net ta dat de ‘heidenen’ dy’t Kristus folgje wolle ta slaven makke wurde:
Om frij te wêzen binne wy troch Kristus frij makke.
Hâld dan hoek en lit jimme net wer ûnder it slavejok bringe. (5, 1)
Mar geandewei yn dit stik wurdt er mâler. Der binne sterke stimmen by de Galaten dy’t sizze dat de nije kristenen har besnije litte moatte, mei alle ymplikaasjes dy’t dêrby hearre. Poer wurdt Paulus dêrfan. Sa wurde de nije kristenen ta slaven makke fan de joadske sterke streaming. Dan is de frijheid dy’t ús jûn is om ‘e nocht west. Dan hat it krús om ‘e nocht west. Dêrom seit Paulus dy hurde wurden: jimme binne los fan Kristus wannear’t jim jim fertrouwen op de wet stelle. De leageners sille straft wurde. En noch folle slimmer: as jimme dan sa graach deryn om snije, snij dan daliks alles der mar ôf: ‘sy moasten har mar lobje litte.’ (Ze moesten zich laten castreren, die onruststokers). Dat is fansels gjin praat. Soks liket nearne nei. Sokke oardielen moatte net yn ferkearde hannen falle, wannear’t minsken as fûnemintalisten mei sokke teksten oan de haal geane.
Nee, dit is typysk in gefal dat Paulus út de bocht fljocht. Hy is as in tiger dy’t foar syn jongen opkomt. Hy nimt it mei passy op foar syn jonge bekearlingen. Hy wol syn folk beskermje tsjin in nije ûnderdrukking en slavernij. En ferjit net dat Paulus in ienling wie, de ûnderlizzende partij. Lykas Mozes wurdt de dimmen Paulus in frijheidsstrider, in fjochtersbaas.
6.
Dat Paulus him hjir sa hertstochtlik gean lit, hat alles te krijen mei syn eigen libben, syn biografy. Hy wie ommers yn it begjin, foar syn ‘bekearing’, as Saulus sels in echte skerpsliper. Hy wist krekt wat goed wie en wat ferkeard wie. Hy libbe neffens de strangste opfetting fan de wet. Hy wie dêr folslein rjochtlinich yn grutbrocht. Hy gong sa fier dat er minsken deade, minsken efterfolge oant yn it bûtenlân ta. Eltsenien moast neffens syn opfettings libje. Mar nei syn moeting mei Kristus, nei syn ‘bekearing’, wie er dêr hielendal los fan. Hy hie de frijheid fan Kristus preaun en kennen leard. Dat hie in befrijing en in ferlossing west. In folslein nij perspektyf, in folslein nij libben yn Kristus. De Saulus dy’t minsken opbrocht omdat se net neffens syn noarmen en opfettings libben, feroare yn de Paulus dy’t de frijheid fan Kristus nei oare folken brocht. En as der ien ding wie wat er net (wer) woe: de nije kristenen it near oplizze en it leksum lêze!
Dêrom, bêste minsken, wie er sa hertstochtlik tsjin de besnijenis en alles dat dêrby hearde. De minsken moasten de frijheid krije om Kristus op har eigen wize nei te folgjen. Sa liket Paulus wol op Mozes. Beskieden en dimmen minsken dy’t tagelyk fjochtsje foar de frijheid fan de minsken dy’t se beskermje moatte. Paulus komt yn syn brieven foaral sá nei foaren, skerp en fanatyk. Mar ferjit net wêr’t it him wierliken om giet. En dat hearre wy aldergelokst yn alle brieven der wol trochhinne, foaral yn parten as I Korintiërs 13. Yn beide parten fan hjoed hearre wy ek dat Paulus fjochtsje wol, mar net mei de wapens fan dizze wrâld. Hy wol stride op geastlike wize (II Kor. 10, 3). En hy wiist yn it brief oan de Galatiërs op it wichtichste. Hy skriuwt: ‘It komt allinne oan op it leauwen dat syn wurk docht troch de leafde’. Dy leafde hat er yn de sêftmoedigens en myldens fan Kristus kennen leard. It makke him fan in fanatike skerpsliper ta in frijheidsstrider. Beskieden as Mozes. En mei deselde passy en hertstocht foar frijheid.
Amen.