Iensum?
Myn earste jûn yn de skriuwersarke fan Rink van der Velde. Ik rin wat ûnwennich om ‘hûs’ wylst de stilte my oer it mêd komt. Stilte? Nee, earder de iensumens, want der binne fûgellûden genôch. Mar gjin radio (der stiet in radiokassetterecorder út de oertiid mei hast gjin ûntfangst) en gjin televyzje. De taseine ynternetferbining docht it net. Ek gjin smartphone meinommen. Ik bin oerlevere oan mysels.Ik jou my dus mar del op de feranda fan it arkje. It is de oergong fan maitiid nei simmer. De wyn giet lizzen, de sinne kleuret de himel yn read en oranje. De simmerjûn is fol fan fûgellûden. Boereswellen en toerswellen litte artistike kaprioalen sjen, de eksterspjocht hammeret driftich op de walnút om fan it spjochteplankje, dat oan ien fan de beammen spikere is, in leppelbek fljocht rêstich yn de rjochting fan de Wide Ie, de koekoek docht syn namme eare oan, de markol soarget der mei syn seinlûden wol foar dat er net fergetten wurdt.
De nacht lûkt stadichoan oer it petgat. It wurdt stil, sels de lyster siket syn sliepplak op. In flearmûs giet sigesaagjend oer it wetter. Ik reitsje ûnder de tsjoen fan dit momint: de wiffe omslach fan jûn nei nacht. Krekt as ik tink dat dit wol hast it ‘Keninkryk op ierde’ is, wurd ik út myn slomme wekker skrille. De neven komme mei kloften, de gnobben (lytse stekkende rotmichjes) fine blykber mar ien proai en nestelje harren, ien fan geast, yn myn hier en klean. En dan de kikkerts! In ûnbidich koar fan kikkerts nimt de nacht yn besit mei oerdwealsk gekweak. Dy ferrekte bisten hawwe my de heale nacht út de sliep hâlden!
(1 juny 2011)
Joyce seit
Overgeleverd aan jezelf zijn, zijn de meest vruchtbare momenten.
Zwanny Wouda seit
Een voorafschaduwing van het Nijkleaster?