In daalders petgat (Notysjes út tsien jier Skriuwersarke)

SkriuwersarkeOp sneon 21 novimber 2015 is it boek In daalders petgat presintearre yn Tresoar. Dêryn steane notysjes út tsien jier skriuwersarke (fan Rink van der Velde). It docht my tinken oan myn eigen wiken dat ik yn de skriuwersarke ferbliuwe mocht. Yn dy fiif wiken bin ik begûn mei it skriuwen fan myn boek ‘Op ús eigen wize. Sân ferhalen út it bibelboek Hannelingen oer taal en kultuer’. Dat boek komt oare wike, op woansdei 2 desimber 2015, út. Dan bin ik op de dei ôf fiifentweintich jier dûmny. Yn de bondel In daalders petgat is ien fan myn blogs út dy tiid opnaam. Ik lês it no wer mei wat fernuvering. Eins in moaie gearfetting fan de ynhâld fan myn boek. [Lees meer…]

De swel as toatem

Boereswel

De swel as toatem
Op 7 july 2011 belibje ik myn lêste jûn yn de skriuwersarke. It is in prachtige simmerjûn, de sinne stiet as in grutte reade bol leech oan de noardeastlike himel, de moanne heech yn it westen. Ik sykje foar dizze gelegenheid in dikke Italiaanske sigaar út dy’t ik jierren ferlyn yn Milaan kocht ha. It is sa’n wynstille simmerjûn mei fiere lûden. Ta ôfskied doarmje ik noch ien kear troch de landerijen tusken de petgatten yn. Yn it hege gers jou ik my del, ien mei de natuer. It ienige dat my ferriedt is de sigarerook dy’t as in swietrookoffer omheech stiicht. De sinne yn it gesicht, de rook fan it lân, de bisten om my hinne. [Lees meer…]

Dominy yn skriuwersarke

Eksterspjocht mei jong

Eksterspjocht mei jong

De bylden dy’t minsken hawwe fan myn ferbliuw op de skriuwersarke binne aardich stereotyp. Steefêst krij ik fragen oft ik no in kluzener bin dy’t hjir net wei mei, en oft ik my net fertutearzje lit. It byld hearsket dat ik hjir libje as pake Sytze. Fan kollega Pieter Versloot op it haadkantoar yn Utert krige ik al in fermaaklike e-mail mei as titel: ‘Geen woestijnvader, maar woonbootvader!’ Mar hoe apart as minsken it ek mar meitsje wolle, de realiteit is dat it hiel saai, gewoan en iensum is om wikenlang allinne op de arke te wenjen. [Lees meer…]

Digitale dominy

De digitale dominy

DDD en WWW
Dit blog hat in miskien wat kryptyske titel meikrigen, mar it giet oer De Digitale Dominy yn relaasje ta it World Wide Web. Ik hie mysels te’n doel steld om yn myn stúdzjeferlof ris wat nei te tinken oer in media-strategy foar dominy’s. No’t ik fiif wike op De Feanhoop yn de Skriuwersarke sit, kin ik hjir moai oer neitinke. Ik ha hjir gjin lêst fan digitale ûnrêst: televyzje noch ynternet; ‘smartphone’ noch ‘tablet’. [Lees meer…]

Langstme

ûnwaar boppe de petgatten

ûnwaar boppe de petgatten

Yn de skriuwersarke fan Rink van der Velde ha ik in pear wiken ‘tuskentroch’ waar hân. It wie net waarm en it wie net kâld; it reinde sa no en dan ferheftich, mar meastentiids wie it droech; it waaide oerdei, mar jûns kaam ‘it lûd fan in lichte koelte’. Mar no ynienen is it waar omslein en hawwe wy in pear hiele waarme dagen. Juster wie in skitterjende sinneskyndei fan 30 graden. Bûten sitten oant djip yn de nacht, de toerswellen gierjend oer de  holle gean litten, in jûn swier fan hast oan te reitsjen yntimiteit. [Lees meer…]

Bamby

Ree mei Bamby

Ree mei Bamby

Bamby           
Op sneontejûn rin ik by ien fan de petgatten lâns by de skriuwersarke fan Rink van der Velde. Rinne is net it goede wurd, ik bin oan it omstrunen. Fan petgat nei strewiel, fan sleat nei sompich lân. De loft is helder mar it waait aardich. Yn de fierte binne boeren yn de kuil no’t se nei 1 juny it gers yn dit natuerlân meane meie. De grûn is earm, mar fol mei blommen en krûden. It is sels hjir slim droech, ek al hear ik dat de grutte wynmotor ‘Herkules’ wakker oan it meallen is om it wetter op peil te hâlden. [Lees meer…]

Iensum?

SkriuwersarkeIensum?
Myn earste jûn yn de skriuwersarke fan Rink van der Velde. Ik rin wat ûnwennich om ‘hûs’ wylst de stilte my oer it mêd komt. Stilte? Nee, earder de iensumens, want der binne fûgellûden genôch. Mar gjin radio (der stiet in radiokassetterecorder út de oertiid mei hast gjin ûntfangst) en gjin televyzje. De taseine ynternetferbining docht it net. Ek gjin smartphone meinommen. Ik bin oerlevere oan mysels. [Lees meer…]