In daalders petgat (Notysjes út tsien jier Skriuwersarke)

SkriuwersarkeOp sneon 21 novimber 2015 is it boek In daalders petgat presintearre yn Tresoar. Dêryn steane notysjes út tsien jier skriuwersarke (fan Rink van der Velde). It docht my tinken oan myn eigen wiken dat ik yn de skriuwersarke ferbliuwe mocht. Yn dy fiif wiken bin ik begûn mei it skriuwen fan myn boek ‘Op ús eigen wize. Sân ferhalen út it bibelboek Hannelingen oer taal en kultuer’. Dat boek komt oare wike, op woansdei 2 desimber 2015, út. Dan bin ik op de dei ôf fiifentweintich jier dûmny. Yn de bondel In daalders petgat is ien fan myn blogs út dy tiid opnaam. Ik lês it no wer mei wat fernuvering. Eins in moaie gearfetting fan de ynhâld fan myn boek.

De swel as toatem

Op 7 july 2011 belibje ik myn lêste jûn yn ‘e skriuwersarke. It is in prachtige simmerjûn, de sinne stiet as in grutte reade bol leech oan de noardeastlike himel, de moanne heech yn it westen. Ik sykje foar dizze gelegenheid in dikke Italiaanske sigaar út dy’t ik jierren ferlyn yn Milaan kocht ha.

It is sa’n wynstille simmerjûn mei fiere lûden. Ta ôfskied doarmje ik noch ien kear troch de landerijen tusken de petgatten yn. Yn it hege gers jou ik my del, ien mei de natuer. It ienige dat my ferriedt is de sigarereek dy’t as in swietrookoffer omheech stiicht. De sinne yn it gesicht, de rook fan it lân, de bisten om my hinne. De hoanskrobber sit heech yn in beam, en hawar de hazze sit der ek wer. Mem ree en Bamby, dy’t aardich grutter wurden is yn dizze fiif wike, binne der om goeie te sizzen. De toerswellen fleane my flak boppe de holle lâns. De beamwâl fan it petgat stiet yn in goudene gloed fan lysterbeien.

Ik mimerje oer myn skriuwerij fan dizze wiken en fernuverje my op ’e nij oer de kleau tusken de ynhâld fan de ferhalen út it bibelboek Hannelingen fan de Apostels (dy’t ik yn dizze wiken besocht ha te ynterpretearjen) en de realiteit fan de tsjerkeskiednis. Ik lês de ferhalen út it perspektyf fan weimoffele taal, kastrearre kultuer en ûnderdrukte folken, sa’t ik dat foaral leard ha yn Afrika. Mar de (tsjerke)skiednis is spitigernôch makke en skreaun troch minsken út oerhearskjende talen en kultueren.

Hoe kin it dat by it pinksterbarren elts it hearde yn syn eigen taal, wylst it Frysk sa’n bytsje brûkt wurdt yn ús Fryske tsjerken? Hoe kin it dat de earste dopeling fan bûten it joadedom in swarte Afrikaan wie, wylst wy as Europeeske kristenen sa’n minne rol spile hawwe yn slavernij en rasisme? Hoe kin it dat Petrus learde ‘dat God gjin ûnderskied makket tusken minsken’, wylst wy net oars wend west hawwe as in maatskippij fan rangen en stannen? Hoe is it mooglik dat Europeeske sindelingen ‘de heidenen’ ta wite en Europeeske kristenen bekeare woenen, wylst sa’n hâlding de Joadske sindelingen perfoarst ferbean waard?  Yn Hannelingen giet it der krekt om dat eltsenien kristen wurde kin op syn of har eigen wize! Hoe is it mooglik dat de earste dopeling yn Europa in frou wie, wylst froulju ieuwenlang twadderangs boargers bleaun binne yn de tsjerken? Hoe kin it dat Paulus tsjin de ‘heidenske’ Atheners sei dat God nea net fier fan harren ôf west hie, wylst in soad kristenen har foar oaren oer altyd mar wer superieur hâlde en drage?

Myn ferstân kin der net by… En dochs oerfalt my hjir lizzend yn it gers, mei in sigaar yn de mûle, de sinne yn it gesicht en de bisten om my hinne, in nuvere rêst… In skoft letter wurd ik wekker. De lea is my stiif, de stikels stekke my troch de broek hinne, de klean binne al klam, en ferjamme, de sigaar is weirekke yn it hege gers. Hoeden gean ik oerein en rin stadich wer werom. Ta myn grutte ferrassing is it dizze lêste jûn feest op de feranda fan ‘e arke. It sit der fol mei boereswellen, grutte en lytse. De lytse sitte op de balustrade, de âlden fleane ôf en oan oer it petgat. Ik gean der tuskenyn sitten en it hinderet de bisten net. Op it lêst sitte de swellen op de râne fan myn sliepkeamersfinster, op de râne fan de doar dy’t iepenstiet, op it finsterbank. It kin net op. De jongen wurde my hast op ’e skurte fuorre en binne net bang. Se fiele, tink, dat ik, krekt as sy, hinne en wer libje tusken Afrika en Fryslân. Wy binne ien. De swel is myn toatem. Dit is de frede dy’t myn ferstân te boppen giet.

8 july 2011

 

Trackbacks

  1. […] Lês fierder by Hinne Wagenaar […]

Geef een reactie