Túnpreek 2017

Hanna Varghese (Lord, help me)

‘It bjusterbaarlike foarfal fan de frou
dy’t miende dat se in hûn wie’.

Markus 7: 24-30
Psalm 139 (Oosterhuis, 150 psalmen vrij)

 

1. Hoe’t it begjint
Bêste minsken, it is altyd in moai en yngewikkeld proses om te kommen ta de túnpreek (as refleksje op it Jorwerter Iepenloftspul, dit jier mei as titel: ‘It bjusterbaarlike foarfal fan de hûn yn de nacht’).  Wy wiene al yn in betiid stadium mei de tarieding begûn, tegearre mei Karin, mar it slagge net om te kommen ta in plan dêr’t ik mei út ’e fuotten koe. Ek it lêzen fan it boek fan ’t simmer hat my net holpen. Dan is der safolle om op yn te gean. Ik moat it stik earst sjen, belibje en priuwe. Dan begjint it kreative proses op gong te kommen. En wat moai dat jimme ek altyd nijsgjirrich binne wêr’t ik mei komme sil. Hoe faak ik dy fraach net krij… Doe’t ik it spul op de Jorwerter jûn seach doe kamen der daliks twa punten omheech driuwen. No probearje ik my yn in preek altyd te beheinen ta ien punt of tema, mar dit kear wol ik beide punten graach beneame. [Lees meer…]

Longerje nei gerjochtichheid

Lezingen:

Jesaja 58: 5-11
Matteüs 5: 1-10

Longerje nei gerjochtichheid
(honger en dorst naar gerechtigheid)

1.
Gelukkig wie hongeren en dorsten naar gerechtigheid, want zij zullen verzadigd worden. Dat is de vierde ‘zaligspreking’ van de acht die Matteüs ons geeft. Matteüs plaatst de Bergrede aan het begin van Jezus’ optreden. Het is zijn eerste ‘preek’, een rede van drie hoofdstukken lang. Maar met deze zaligsprekingen wordt direct de kern van Jezus’ spiritualiteit tot uitdrukking gebracht. Het is de samenballing, een opperste concentratie van Jezus missie. Niet zozeer een samenvatting, eerder een explosie. En om maar met de deur in huis te vallen, dit kan onze spiritualiteit ook zijn, of worden. In de loop der jaren merk ik dat ik steeds meer in deze richting wordt gezogen. Dit is meer en meer de uitdrukking van mijn geloven, hier wil ik me mee identificeren, hier wil ik in groeien. En hoe meer dit gebeurt, hoe minder de aantallen woorden waarmee ik mijn geloof probeer uit te drukken. [Lees meer…]

In Fryske teology sûnder bloedbannen mei Grutte Pier

Grutte_PierYn it algemien-kultureel opinyblêd De Moanne (jiergong 15/nûmer 3/juny 2016) stiet in resinsje fan Eppie Dam oer myn boek Op ús eigen wize. Doe’t ik de útjefte bespruts mei útjouwer Steven Sterk wie syn kommentaar:’Wagenaar, it is in moai projekt, mar jo witte it sels wol. De kombinaasje fan Frysk en teology, dat lêst gjin hûn’. Dat liket spitigernôch somtiden ek noch wier te wêzen. Dêrom bin ik ferhipte wiis mei in resinsje yn De Moanne en noch folle wizer mei de ynhâld derfan. Jo hawwe gjin ‘Pierbewiis’ nedich foar dizze Fryske teology. De tekst fan de resinsje kinne jo hjir lêze. Sjoch ek op www.demoanne.nl. It boek is te krijen yn de boekhannel (útjouwerij Bornmeer)

Resinsje E. Dam (De Moanne, juny 2016)

Een zwarte Jezus en een stola met een kiviet

Een zwarte Jezus en een stola met een kiviet (FD 130216)Lees hier de boekbespreking over mijn boek ‘Op ús eigen wize’ (Friesch Dagblad 130216). Met veel dank aan Erik Betten! Een zwarte Jezus en een stola met een kiviet (FD 130216)

 

In daalders petgat (Notysjes út tsien jier Skriuwersarke)

SkriuwersarkeOp sneon 21 novimber 2015 is it boek In daalders petgat presintearre yn Tresoar. Dêryn steane notysjes út tsien jier skriuwersarke (fan Rink van der Velde). It docht my tinken oan myn eigen wiken dat ik yn de skriuwersarke ferbliuwe mocht. Yn dy fiif wiken bin ik begûn mei it skriuwen fan myn boek ‘Op ús eigen wize. Sân ferhalen út it bibelboek Hannelingen oer taal en kultuer’. Dat boek komt oare wike, op woansdei 2 desimber 2015, út. Dan bin ik op de dei ôf fiifentweintich jier dûmny. Yn de bondel In daalders petgat is ien fan myn blogs út dy tiid opnaam. Ik lês it no wer mei wat fernuvering. Eins in moaie gearfetting fan de ynhâld fan myn boek. [Lees meer…]

De Hear ferstiet gjin Frysk (?)

Fryslân doc.“Wêrom bid ik net yn de taal dy’t ik leard ha fan myn âlders?”

Remco van der Leeuw giet op syk nei it antwurd op dizze fraach.

Op 3 jannewaris wie it 100 jier lyn dat dûmny Wumkes yn Tsjom foar it earst in tsjinst yn it Frysk hâlde. Der is sûnt dy tiid wol it ien en oar feroare yn de tsjerken. Dochs is it noch altyd net fanselssprekkend om it Frysk te brûken yn saken fan it geloof. Dejingen dy’t it wol dogge sizze: “Us Heit komt dochs neierby as onze Vader”.

Sjoch de doku hjir: [Lees meer…]

Gebedenboekje ‘Eén druppel jou’

een druppel jouDe Raad van Kerken heeft in aug. 2014 een gebedenboekje uitgebracht met als titel ‘Eén druppel jou’ (Boekencentrum, 2014). Op de achterflap staat de volgende tekst:

Een uniek gebedenboek met bijdragen uit de breedte van kerkelijk Nederland.

Als we bidden geven we uiting aan onze intieme gevoelens. In deze bundel laten meer dan vijftig mensen zien welke woorden zij kiezen bij het aanspreken van God. Onder hen zijn hoogleraren, bisschoppen, dominees en priesters. Ze schrijven over geloof, over het leven, doen voorbeden en spreken hun verwondering uit. De gebeden zijn ingedeeld naar vijf thema’s: geloven, leven, kyrie, voorbeden en momenten.

Hier kunt u het tweetalige gebed lezen dat ik leverde voor deze bundel: ‘Om warmhertichheid/Om warmhartigheid’

[Lees meer…]

Preekje oer Fryske sprekwurden

pake Hinne en beppe Oeke (1982)

pake Hinne en beppe Oeke (1982)

Ynlieding ta de searje preken oer Fryske sprekwurden

Pake Hinne en beppe Oeke wienen myn pake en beppe fan memmekant. Yn 1982 wienen se 50 jier troud. Ik wie doe 20 jier en hie krekt in pear jier ferkearing. Doe ‘t wy simmers in kear yn it lân rûnen te kijopheljen, frege ik pake: ‘Pake, hoe hawwe jim dat sa lang folhâlden? Wol 50 jier lang! Hawwe jim dêr in geheim foar?’ Pake spruts doe de wurden: ‘Laat de zon niet ondergaan over uw toorn’. Ik fûn dat antwurd mar nuver mar krige gjin fierdere útlis. Ik moast it mei dy wurden dwaan.

[Lees meer…]