Yn it algemien-kultureel opinyblêd De Moanne (jiergong 15/nûmer 3/juny 2016) stiet in resinsje fan Eppie Dam oer myn boek Op ús eigen wize. Doe’t ik de útjefte bespruts mei útjouwer Steven Sterk wie syn kommentaar:’Wagenaar, it is in moai projekt, mar jo witte it sels wol. De kombinaasje fan Frysk en teology, dat lêst gjin hûn’. Dat liket spitigernôch somtiden ek noch wier te wêzen. Dêrom bin ik ferhipte wiis mei in resinsje yn De Moanne en noch folle wizer mei de ynhâld derfan. Jo hawwe gjin ‘Pierbewiis’ nedich foar dizze Fryske teology. De tekst fan de resinsje kinne jo hjir lêze. Sjoch ek op www.demoanne.nl. It boek is te krijen yn de boekhannel (útjouwerij Bornmeer)
Geef een reactie