Mei dizze blog wol ik in breed publyk ynhâldlik fertelle oer ús kleasterlibben op Nijkleaster – Kleaster Westerhûs en oer ús spiritualiteit. Troch in blog mei koarte persoanlike bydragen en oantekeningen wol ik besykje de lêzer mei te nimmen yn de wrâld fan de kleastermienskip Nijkleaster. Ik tink oan ympresjes fan ús libben op Kleaster Westerhûs, oan útlis fan teksten dy’t wy brûke, oer de keuzes dy’t wy meitsje. Dat kin dus bygelyks gean oer taal, iten, belofte, fûgels en bisten, mei-inoar libje, lieten ensfh. Ik haw it inerlik ferlet om nei desennia fan tinkwurk en spiritualiteit ús libben en spiritualiteit bytsje by bytsje te dielen mei lêzers tichteby en fierôf. Dit bedoel ik ek letterlik. Ik wol de bydrage yn trije talen beskikber stelle. Soms yn ien taal, soms deselde bydrage yn meardere talen (Frysk, Nederlânsk en Ingelsk).
Geef een reactie