Mienskip !?

Preek voor de Jacobijner Noen op zondag 26 nov. 2017

Lezing: Lucas 8: 19-21/11: 27-28

Mienskip

Gemeente van Christus, bêste minsken,

1.
We doen onze inkopen via internet; we hebben onze contacten en vrienden op Facebook; we verzamelen onze informatie via Google (en vertrouwen daar vaak blind op); we vinden entertainment bij Apple; we spelen spelletjes via de Playstation, Xbox en Nintendo: Fifa, Call of duty, Wii sports; we communiceren om het leven via Messenger, What’s app en Telegram. We zijn de levende getuigen van de revolutie die het wereldwijde web aan het bewerkstelligen is. En het staat nog maar in de kinderschoenen! Daar komt bij dat de vorige revolutie op media gebied ook al een geweldige impact heeft gehad op onze samenleving, namelijk de opkomst van de TV. Als ik ’s avond door ons kleine dorpje Jorwert wandel, dan zie ik werkelijk overal de flikkering van de TV beeldschermen. [Lees meer…]

In Fryske teology sûnder bloedbannen mei Grutte Pier

Grutte_PierYn it algemien-kultureel opinyblêd De Moanne (jiergong 15/nûmer 3/juny 2016) stiet in resinsje fan Eppie Dam oer myn boek Op ús eigen wize. Doe’t ik de útjefte bespruts mei útjouwer Steven Sterk wie syn kommentaar:’Wagenaar, it is in moai projekt, mar jo witte it sels wol. De kombinaasje fan Frysk en teology, dat lêst gjin hûn’. Dat liket spitigernôch somtiden ek noch wier te wêzen. Dêrom bin ik ferhipte wiis mei in resinsje yn De Moanne en noch folle wizer mei de ynhâld derfan. Jo hawwe gjin ‘Pierbewiis’ nedich foar dizze Fryske teology. De tekst fan de resinsje kinne jo hjir lêze. Sjoch ek op www.demoanne.nl. It boek is te krijen yn de boekhannel (útjouwerij Bornmeer)

Resinsje E. Dam (De Moanne, juny 2016)

In skûlplak yn Jorwert

1 maaie 2016Taspraak dy’t ik hâlden ha op snein 1 maaie ta gelegenheid fan in tsjerketsjinst fan de gemeente Westerwert yn de tiid dat it toanielstik ‘Skûlje yn Jorwert’ yn ‘e Jorwerter tsjerke spilet en yn de wike fan deadebetinking en befrijingsdei 2016.

De ‘Gang van de dienst’ en de toespraak fan ds. Bas van Gelder van de Bevrijdingsdienst op 19 april 1945 binne bewarre bleaun. Ik ha foar in part de lêzingen en lieten brûkt fan dy tsjinst. Ek de taspraak is yn twa dielen, krekt as doe. De ‘Gang door de dienst’ fan 19 april 1945 en de ‘Oarder fan de tsjinst’ fan 1 maaie 2016 fine jo ûnder de ûndersteande taspraak.

In skûlplak (taspraak 1 maaie 2016)

(Under de tsjinst lei op de liturgyske tafel in doaske sigaren fan it merk ‘de Acht Zaligheden’. Elkenien waard útnoege om nei de kofje in sigaarke te smoken op it hôf as in hommage oan ds. Bas van Gelder. De foto is makke by dy gelegenheid)

Een zwarte Jezus en een stola met een kiviet

Een zwarte Jezus en een stola met een kiviet (FD 130216)Lees hier de boekbespreking over mijn boek ‘Op ús eigen wize’ (Friesch Dagblad 130216). Met veel dank aan Erik Betten! Een zwarte Jezus en een stola met een kiviet (FD 130216)

 

Oer God en Jorwert

08-Nijkleaster-AnneTerpstraOer God en Jorwert

It is hast trije jier ferlyn dat Nijkleaster yn Jorwert begûn as pioniersplak, in plak om op fernijende wize om te gean mei tsjerke, leauwe en spiritualiteit. Dit pioniersplak wurdt droegen troch de tsjerklike gemeente Westerwert yn de doarpen Jellum-Bears, Weidum en Jorwert (dêr’t ik ek gemeentedominy fan bin), de stifting Nijkleaster en de ôfdieling Missionair Werk fan de lanlike Protestantse Kerk in Nederland. Yn dizze trije jier ha wy besocht in plak te kreëarjen fan ‘stilte, besinning en ferbining’. By alle aktiviteiten hawwe wy in koarte fiering, moetsje wy elkoar en geane wy nei bûten mei de saneamde kleasterkuier. Dat lêste is suver al in begryp wurden en wy ha murken dat op ferskate plakken yn Fryslân en Nederlân dat oernommen wurdt. Prachtich. Wy hawwe yn dizze hast trije jier in soad flecht op ‘e koai hân. Mear dan dat wy ea ferwachte hienen. En dêr binne wy bliid mei en tankber foar. [Lees meer…]

Radio útstjoering: Nachtboek van een kerkuil

tsjerkeJorwertYn Buro de Vries (Radio Omrop Fryslân) wie op snein 16 maart 2014 in reportaazje te beharkjen oer het boek fan ds. Bas van Gelder ‘Nachtboek van een kerkuil‘. As lettere opfolger fan Van Gelder mocht ik ‘syn stim’ fertolkje. Dat ha ik mei wille dien:  Buro de Vries, 16 maart 2014 (6e item)       [Lees meer…]

De nissen van de ziel

Nis in Ezinge

Han Reeder: Nis in Ezinge

Opening expositie Han Reeder
Grote- of Martinikerk Sneek 2013

Han Reeder heeft mij uitgenodigd om deze expositie vandaag te openen. Bij de voorbereiding hiertoe lag zijn prachtige boek ‘Nissen. Licht, vensters en beelden in middeleeuwse kerken’ op mijn buro. Elke dag bekeek in een paar foto’s en mediteerde daarover. Ik bedacht dat je wel echt een kunstenaar moet zijn  om deze foto’s zo te kunnen maken. Dan heb ik het niet zozeer over de techniek van het fotograferen en afdrukken, maar meer over het oog van de kunstenaar. Over de keuze van de nissen, over de lichtinval, over de leegte. Het is het oog van de kunstenaar Han Reeder die ons iets laat zien waar we anders al te gemakkelijk aan voorbij lopen. [Lees meer…]

Lok en seine foar Krúspunt

Yn 'e Krústsjerke fan Burgum.

Yn ‘e Krústsjerke fan Burgum.

Sûnt juster, 31 desimber 2012, bin ik gjin bestjoerslid fan it KFS mear. It Kristlik Frysk Selskip bestiet nammentlik net mear. Op snein 30 desimber hat it KFS de lêste gearkomste organisearre. Liuwe Westra hat in tiidrede hâlden mei as titel ‘Maya’s yn Fryslân: it Kristlik Frysk Selskip op ’e jongste dei’. Yn de Krústsjerke fan Burgum wie in ôfslutende fesper wêryn’t ik de foargonger wie. Gerrit Breteler song twa fan syn prachtige Preker -lieten. Foar ympresjes sjoch yn de Ljouwerter krante en it Friesch Dagblad fan 31 desimber 2012. LC: ‘Op naar ‘in fanselsplak’ voor Fries’. FD: ‘Jins eigen taal is in earste libbensbehoefte’ en ‘Ofskie nimme en fleurich fierder gean’. Lês hjir fierder: it blog fan Wiep Koehoorn oer dizze dei. De tiidrede fan dr. Liuwe Westra en de ympresje yn de Ljouwerter krante.

[Lees meer…]