Bamby
Op sneontejûn rin ik by ien fan de petgatten lâns by de skriuwersarke fan Rink van der Velde. Rinne is net it goede wurd, ik bin oan it omstrunen. Fan petgat nei strewiel, fan sleat nei sompich lân. De loft is helder mar it waait aardich. Yn de fierte binne boeren yn de kuil no’t se nei 1 juny it gers yn dit natuerlân meane meie. De grûn is earm, mar fol mei blommen en krûden. It is sels hjir slim droech, ek al hear ik dat de grutte wynmotor ‘Herkules’ wakker oan it meallen is om it wetter op peil te hâlden.
Ik rin fierder en fierder. In hoanskrobber (kiekendief) hinget yn de loft, in swan dobberet yn de sleat en sjocht my mei de skeane nekke oan. Alles giet syn gong en is rêstich, ik wurd al gau ûnderdiel fan it gehiel. Earst rûn ik alles te besjen as nei it dekôr fan in toanielstik. Mar yn de koartste kearen bin ik it toanielstik ynrûn en part wurden fan de foarstelling. Der sit op 15 meter in hazze. Dy jout my ek gjin inkeld omtinken. Apart. Gewoanwei sjoch ik de earen fan in hazze omheechkommen, dan skat it bist syn kânsen, en meastentiids naait er dan as in hazze út. Mar dizze bliuwt gewoan sitten en lit him syn miel net fersteure. Nei in skoftke begjin ik te praten tsjin dy nuete hazze. Hy docht syn kopke omheech en giet wer fierder mei iten. Samar ynienen komt der út de ruskepôlen, deun neist de hazze, it jong fan in ree omheech. In lytse Bamby! It bistke huppelet bliid op my ta as wie ik syn mem, en giet oan myn fuotten sitten. Syn kraaleachjes stoarje my oan as woe er my freegje ‘wat dochsto hjir?’ en ‘hast ek in bytsje molke foar my?’ Ik bin ferstuivere. Fan de weromstuit doch en sis ik neat. Ik stean as in stânbyld. Yn myn eachhoeke sjoch ik in grutte ree dy’t omheechkomt en weiwurdt yn de boskjes fan it petgat.
It taferieltsje duorret miskien in pear minuten. Dan rint Bamby wer werom nei syn ruskepôlen, sjocht noch in kear om, en giet wer lizzen. It bistke hie der mear fan ferwachte, tink? Ynienen is er wer hielendal fuort, en kin ik him amper mear fan syn omjouwing ûnderskiede. Nei in skoftke is de tsjoen foarby en rin ik werom. De hazze draait syn kopke noch efkes om as groet, ik sjoch de eagen fan Bamby noch efkes skitterjen yn de pôlen. Mem ree eaget my út de fierte wei nei.
Fernuvere rin ik werom nei de dyk. Wat in rêst en feilichheid. Wat in hearlikheid om bisten te sjen sûnder eangst yn ’e eagen. Wat in genede om sa akseptearre te wurden! As ik it lân útrin, hear ik mysels de wurden fan it gedicht ‘Paradys’ fan Fedde Schurer preuveljen.
Paradys
Genesis 2:8
Alear ha ’k wenne yn ’t hôf fan Eden,
dêr’t ik no sa fier fan ôfdwaald bin,
omjûn fan alle hearlikheden
sa’t nea in minsk betinke kin.
O blide tunen en rivieren,
o kleare loft, o goede grûn –
ik koe de taal fan alle dieren,
haw ider bist syn namme jûn.
En God wie altyd om my hinne,
myn libben wie mei sines ien.
Ik koe him oan de waarme sinne
en oan it rûzjend beamtegrien.
O paradys, sa grien begerze,
myn hert lûkt nei syn oarsprong ta;
en altyd sil ’k ûnwennich wêze
salang’t ik dy net werfûn ha.
Samle fersen, 470 (omstavere)
4 juny 2011
Geef een reactie