De bylden dy’t minsken hawwe fan myn ferbliuw op de skriuwersarke binne aardich stereotyp. Steefêst krij ik fragen oft ik no in kluzener bin dy’t hjir net wei mei, en oft ik my net fertutearzje lit. It byld hearsket dat ik hjir libje as pake Sytze. Fan kollega Pieter Versloot op it haadkantoar yn Utert krige ik al in fermaaklike e-mail mei as titel: ‘Geen woestijnvader, maar woonbootvader!’ Mar hoe apart as minsken it ek mar meitsje wolle, de realiteit is dat it hiel saai, gewoan en iensum is om wikenlang allinne op de arke te wenjen.
‘Wat dochsto dan de hiele dei’, is ek in fraach dy’t hieltyd wer op it aljemint komt wannear’t ik efkes yn de bewenne wrâld kom. Dat is ek hiel gewoan. Ik wurd wekker, set tee, smar in stikje bôle en start myn kompjûter op. De hiele dei bin ik te finen op en om de arke. Wannear’t ik skriuw: oan tafel en wannear’t ik lês: op de feranda. En wannear’t ik wat fêstsit, dan meitsje ik mar efkes in kuier yn de omkriten. Jûns om alve oere harkje ik nei ‘Met het oog op morgen’ om wat by te bliuwen. Noch efkes in roman lêze op de feranda mei in slokje en in sigaar, en dan koese yn alle stilte. Hearlik! Mei oare wurden: der bart hjir in ferhipt lyts bytsje. It ienige dat ik feroarjen sjoch is myn boekje. It is groeid fan neat ta hast hûndert siden. Dat liket derop!
Mar … der is ek in oar ferhaal te fertellen. Ik kin lyrysk wurde oer wat der hjir allegear wol net bart. Want ‘Schiphol’ kin net tippe oan de fleanbewegings dy’t hjir yn in oere plakfine. Sûnder in soad op paad te gean ha ik hjir de folgjende fûgels meimakke, en ik neam it sa’t it yn my opkomt: boereswel, hússwel, toerswel, roek, swarte krie, ka, houtekster en ekster, houtdo, turkske toartel, koekoek, readboarstke, geal, blaumies, swartkopmies, blauspjocht, blokmies, skelfink en grienfink, mosk en protter, beampiper, klyster en bûnte lyster, karrekyt en reidsjonger, boumantsje, mûzebiter en hoarnskrobber, reade wikel en ûle (ik wit net hokker it wie, mar it wie gjin goudûle), fazant, reidhintsje, markol, wylde ein en tûfein, guozzen en ielreager, earrebarre en leppelbek, ljip en strânljip, skries en wylp, tsjirk, knobbelswan, hjerringslynder, ielgoes, kob, sulvermiuw en wytstirns.
Ik leau dat ik no de measten wol hân ha, útsein dy lytse ûnderkrûperkes dy’t ik net goed beneame kin. Soks is foar in soad minsken miskien net spektakulêr, mar ik genietsje der folop fan. In pear dingen dy’t my oerkommen binne yn dizze wiken springe derút:
– Ik kaam yn de earste dagen it jong fan in ree tsjin. It bistke kaam huppeljend op my ta en gie oan myn fuotten lizzen. Geweldich!
-Healwei myn ferbliuw skaaide der moarns betiid wat om op de feranda. Wrachtsjes, der rûn in harmelinkje (hermelijn) hinne en wer. Nei in skoftke kaam it bistke efkes yn ’e hûs, seach rêstich om him hinne, en draaide my de rêch wer ta. Ik wie alwer ferstuivere!
-Mar it moaiste fan de wiken yn juny wienen de eksterspjochten. Op ien fan de beammen op de pôle is in spjochteplanke spikere. Eltse dei kamen heit en mem eksterspjocht mei twa lytsen nei de spjochteplanke om fan de walnuten te iten en fuorre te wurden. Wat in feest!
Net spektakulêr? Nee, it ferbliuw op de skriuwersarke kin hiel saai, gewoan en iensum wêze. Mar wa’t each hat foar floara en fauna, sjocht him de eagen út de holle. Wat is de skepping moai! Wat binne de petgatten ryk! Wat moatte wy wiis wêze mei It Fryske Gea!
4 july 2011
Geef een reactie