Op snein 9 oktober 2011 wie der omtinken foar it Wrâlddiakonaat yn ús tsjerke fan Wurdum. Wy ha in grouwelich gedielte út de Bibel lêzen wêryn’t it giet oer in frou dy’t ferskriklik misbrûkt wurdt (Rjochters 19). En tagelyk stie by it wrâlddiakonaat it ferhaal fan Esperance út Kongo sintraal. Ek al in grouwelich ferhaal: har man ombrocht, de buorkerij ferbaarnd en sels misbûkt.
Sokke ferhalen freegje wol wat fan de tsjerkegonger. Moatte wy soks op sneintemoarn hearre? Hearre wy der al net genôch oer yn de media? Ja, dat gefoel werken ik ek as foargonger goed. Leafst preekje ik oer moaie ferhalen, fol treast en goedens. Mar dat kin no ienkear net altyd.
Want it ferhaal fan Rjochters 19 út de Bibel is net foar neat foar ús bewarre. Hoe ferskriklik ek, sa’n ferhaal is as in spegel dy’t ús foarhâlden wurdt. It is in godlike warskôging! It is as in beaken yn de tiid. Nammentlik dat wy hjoed de dei de eagen net slute moatte, dat wy ús net ôfkeare wannear’t der tekenen binne fan misbrûk, dat wy net tinke dat soks by ús net bart. Want tink derom, wy kinne net dwaan as oft it allinne barde yn de Roomsk Katolike tsjerke. Blikstiender nee!
Ek yn ús doarpen en ús gemeenten is it bard, en it bart hjoed de dei. En spitich genôch giet it net allinne om in hitsige kliber folk dat in frjemdling yn harren stêd fernederje en misbrûke wol, sa as yn Rjochters 19. En it giet ek net allinne om in ûntspoarde buorjonge as yn it prachtige boek fan Anders M. Rozendal ‘Werom nei Stienwert’ (sjoch www.kffb.nl). Nee, it binne de heit of de broer, in omke of buorman, in learaar of de dominy.
De erfaring leart dat bern, manlju en froulju dy’t misbrûkt binne, hast nea wer in gewoan libben libje kinne. Sy binne tekene foar it libben. Dat wol net sizze dat dêr alles mei sein is. Fansels sykje de slachtoffers, elk op eigen wize, nei in wize om der mei om te gean. As der dan ien ding wichtich is, is dat in klimaat fan begryp. Dat de bûtenwrâld iepen en ûntfanklik is, en net de oare kant opsjocht en it deaswijt. It is foar harren fan it grutste belang om te witten dat misbrûk foar God in gruwel is. Dat God meilijt en meilibbet. En dat der yn tsjerke iepen earen binne sadat de ferhalen klinke, en de triennen floeie kinne!
(Ds. Hinne Wagenaar)
Geef een reactie