Op snein 13 novimber is it tiid foar in Fryske snein. Yn it ramt fan de betinking fan 60 jier kneppelfreed mei as tema ‘Fan kneppelje nei keppelje’ wurde de tsjerken yn Fryslân oproppen om in Fryske snein te organisearjen. Mar wat is dat: in Fryske snein? Op de webside fan it Keppelfeest stiet: ‘Op snein 13 novimber 2011 sil yn safolle mooglik tsjerken yn Fryslân de tsjinst folslein of foar in part yn it Frysk holden wurde.’ Der wurde op dy side liturgyske suggestjes dien en lieten oanbean fan Fedde Schurer.
Dat is fansels allegear prachtich, mar likegoed bekrûpt my in gefoel fan wjeraksel. Giet it om in Fryske tsjinst, krekt as yn it model fan de measte gemeenten en parochy’s yn Fryslân: in pear kear jiers in Fryske tsjinst en alle oare tsjinsten yn it Hollânsk? Dy Fryske tsjinsten binne de ekskús-truus foar it Frysk yn tsjerke. In Fryske snein wurdt sa ek de útsûndering dy’t de regel befêstiget, nammentlik dat de Hollânske taal regel is en dat it Frysk mar komselden brûkt wurdt.
De measte tsjerken yn Fryslân kieze de maklikste wei: se brûke de algemiene taal dy’t elkenien wol ferstiet: it Hollânsk. Wannear’t it Frysk brûkt wurdt, dan liket dat hast op in geunst. Neffens my moatte wy dy maklike en loaie wei net mear gean. It Frysk yn tsjerke moat gjin geunst wêze mar in rjocht! Krekt as it brûken fan oare talen, ynklusyf it Hollânsk, trouwens. In Fryske snein moat gjin ekskús-truus wêze, mar in earste oanset ta meartaligens fan alle tsjinsten. Hollânske en Fryske tsjinsten wurde sa stadichoan in obstakel foar de fierdere ûntwikkeling fan it brûken fan talen yn tsjerke. In Fryske snein kin miskien in moaie gelegenheid wêze foar refleksje op it brûken fan ferskate talen yn tsjerke. Dan kinne wy de rykdom oan talen en kultueren sjen litte en koesterje. It wurdt tiid dat taal net mear in reden jout om it kneppeljen, mar om ús ferskaat te brûken en te fieren. Dan kin taal ús oanelkoar keppelje!
Yn de protestantske gemeente fan Wurdum sil de tsjinst fan snein 13 novimber yn it teken stean fan it keppelfeest. De liturgyske taal sil foaral Frysk wêze mei ûnder oaren trije lieten fan Fedde Schurer. Mar fan mear talen sil it lûd klinke! Want ek yn in doarpsgemeente bestiet der in soad ferskaat. De evangeeljelêzing sil klinke yn ’t Grunnings, de preek yn it Hollânsk en it Us Heit yn it Arabysk. Mei inkele kûpletten fan lieten yn it Latyn en it Frânsk der noch by, sille der yn elts gefal 6 talen brûkt wurde. En wa wit oerfalt de Geast ús ek noch? Alles is goed, as it mar keppelt!
Geef een reactie