Brief fan Nijkleaster oan alle gemeenteleden fan de gemeente Westerwert, oan alle bewenners fan Jorwert en oan de freonen fan Nijkleaster.
Ofrûne snein 1 july hawwe wy mei de ferbyntenis en yntree fan ds. Hinne Wagenaar in earste stap setten mei Nijkleaster, in besinningssintrum dêr’t eltsenien dy’t siket nei rêst en besinning wolkom is, foar in pear oerkes, in dei, in wykein of noch langer, om wer op azem te kommen.
Salang’t Nijkleaster noch gjin eigen húsfesting hat, sil de Jorwerter tsjerke as útfalsbasis fungearje. De kommende moannen wurdt de ‘foartsjerke’ fan de Jorwerter tsjerke ferbout om dizze romte geskikt te meitsjen foar gearkomsten fan lytse groepen minsken. Tagelyk bliuwt dizze Foartsjerke dan in (doarps)mienskipsromte dêr’t net allinne Nijkleaster in plakje krijt mar dêr’t de hiele mienskip gebrûk fan meitsje kin. It liket ús aardich om foar dizze mienskipsromte in spesjale mienskipstafel te meitsjen, dêr’t eltsenien in persoanlike bydrage oan jaan kin. Dêrom dogge wy dizze oprop oan alle gemeenteleden fan Westerwert yn Jorwert, Weidum, Jellum en Bears, oan alle bewenners fan Jorwert en oan de freonen fan Nijkleaster:
Wa hat der hout mei in ferhaal om te brûken as materiaal foar dizze mienskipstafel? Wy doele hjirby op in planke, kiste, meubelstik, ark (of nim mar op) fan hout mei in (foar jo) besûndere betsjutting en ferhaal. It mei ek wol wat oars wêze sa as in munt, in plaatsje mei in opskrift of bgl. in medaille. Jimme kinne dit mei it ferhaal derby, mooglik mei foto of yllustraasje, úterlik 1 septimber ynleverje (it ferhaal leafst digitaal) by: Germ en Tineke Hallema, M. Fopmawei 18 yn Jorwert (graach earst efkes skilje of maile: tillef. 058-2519504, email: [email protected]).
De ferneamde meubelmakker Hindrik Wester fan Earnewâld sil dan besykje om fan al dit materiaal (of stikjes der fan) in grutte mienskipstafel te meitsjen. De ferhalen dy’t der by hearre wurde bondele yn in boekje. De tafel en de ferhalebondel kinne dan, by de offisjele start fan Nijkleaster op snein 28 oktober 2012, troch eltsenien bewûndere wurde.
Mei freonlike groetnis, it bestjoer fan Nijkleaster.
Geef een reactie