Oepke Noordmans (Easterein, 1871 – Lunteren, 1956) stiet net bekend as in teolooch dy’t him in protte bemuoid hat mei teology yn Fryslân, sa’t dat bygelyks barde yn it Kristlik Frysk Selskip (KFS). Mar dochs besteane der in pear skitterjende teksten fan Noordmans dy’t it Fryske libben yn ferbân bringe mei de teology. Sûnder fierder kommentaar pleats ik de twa teksten op myn webside. Beide ha se te krijen mei de ljip. Noordmans makket yn de tekst dêr’t ik hjirûnder in stik fan pleats in fergeliking tusken de ljip en de hillige Geast. It komt út in rede ‘Lân en libben’ dy’t Noordmans hâlden hat op de Friezendei fan it KFS op 31 july 1918 te Snits. De hiele tekst is te finen yn it blêd fan it KFS, Yn ús eigen tael, 1918 (144-150), en ek yn it sammele wurk fan Noordmans (VW 1, 324-334). Noordmans oer Ljip en hillige Geast.
‘… Ik bin der wis fan dat de Fryske taalbiweging tagelyk in geestesbiweging is. Dat kin net oars. De tael is for de geest, hwet de loft is for de ljip, dat moaije beest, dat yn ‘e maityd it fjild sa libben makket. Sjuch ho’t de fûgel him formakket yn ‘e loft. Dêr is er rjocht yn syn elemint. Dan draeit er oer de iene, dan oer de oare wjûk, al mar oan ien stik wei, sa mar om ‘e nocht. Dan is de fûgel ek op syn moaist. As er op ‘e groun sit, dan is der net folle oan to sjen; dan binne de skrie en de hoants folle moaijer. Mar yn ‘e loft, dat docht gjin fûgel him nei. Sjuch mar. Dan scoene jy sizze: nou is er pûr. Lit gjin skjirroek him tonei komme. Hy scil it him wiismeitsje. Sa brimstich snoarret er troch de loft. Mar dêr is de lilkens al wer oer en dounset er omhegens en tommelt omlegens. Dêr falt er! sizze jy. Né, hy kliuwt alwer, en wilens smyt er syn heechste lûden oer’t fjild, det de dauwe yn ‘e moarntiid der fen davert. Hark ris! hy skoert de loft as in lekkense lape, lyk as in lapkeman. Men heart it knappen. Lit nou de skrie, dy’t strak sa permantich fen ‘e hikpeal op him delseach mar opkomme. Sjoch der fjucht er, de stelten foarút bang det er fâlle scil.
Lyk as sa’n ljip is de geest, dy’t in tael ta syn elemint hat. Dan komt der út hwet er yn sit. – Soe it miskien dêrfen komme det er sa faek fen ‘e Friezen sein wirdt: it sit er wol yn, mar it wol der net út? Scoe it him dêryn sitte, det hjar tael op ‘e kant leit? – In folk dat syn tael net brûke kin, is as in ljip op ‘e groun. Jy sjugge noait hwet der yn sit. De geest kin him net ûntjaen. De wjûkken net útslaen. …’
Geef een reactie