Yn de searje ‘Preekje oer Fryske sprekwurden’:
De duvel skyt altyd op ‘e grutte bulte
(‘Di dîvel scyt jimmer op ‘e gréatste héap.’ Wurdboek fan de Fryske taal. Diel 4. Lemma: divel/duvel).
1.
Yn de simmer fan 2014 wienen der al wer bankiers dy’t mienden dat ‘it systeem’ net sûnder de bonussen koe dy’t gewoan wienen yn de tiid foar de krisis (foar 2008). Dy bonussen wienen perfoarst nedich om harren ‘nederige’ ynkommen te kompensearjen. ‘Toe mar’, rôp doe immen, ‘De duvel skyt altyd op de grutte bulte’. Dat âlde Fryske sprekwurd wurdt faak brûkt wannear’t minsken dy’t ryk binne der noch mear jild by krije. Ommers, jild makket jild.
No wurdt dit sprekwurd faak wat pleagjend of boartlik brûkt. Mar it hat ek wis in oare kant. Nammentlik, hoe kin it de minsken dy’t ‘de duvel’ neirinne sa goed gean? Hoe kin it dat de minsken dy’t leagenje, dy’t ûnrjochtfeardich binne, dy’t geweld brûke, dy’t allinne oan eigen gewin tinke, it faak goed hawwe? De dichter fan Psalm 73 skriuwt yn fers 3: ‘Ik seach dat it de ferkearden goed gong’. Hy skriuwt fierder:
4 Dy hawwe gjin swierrichheden,
geef binne se en sûn fan lea.
5 Fan it minskeleed krije se har part net
en se wurde net pleage lykas oaren.
6 Dêrom drage se har grutskens as in slot om ’e hals
en har geweld as in kleed om ’e lea.
7 De eagen pûdzje har fan fet,
it hert rint har oer fan grutskens.
8 Se hune en prate feninich,
benearjend út ’e hichte wei.
9 Se sette in mûle op tsjin de himel
en har tonge roert him tige op ’e ierde.
10 Sadwaande rint it folk har nei
en har wurden drinke se as wetter.
11 Se tinke: Wat soe God derfan witte,
hoe soe de Heechste der weet fan hawwe?
12 Dat binne se no, dy ferkearde minsken;
altyd wurde se sliepende ryk.
2.
Dêr kinne jo ôfgeunstich op wurde en jaloersk. Wêrom soe ik myn hert suver hâlde, wannear’t it sokke minsken sa goed giet? Dy dichter fan Psalm 73 hat it dêr ferhipte muoilik mei. En hast wienen syn fuotten útgliden, skriuwt er.
De fraach is hoe’t dit foar ús fielt. Binne wy ek jaloersk op dy minsken dy’t it sa goed lykje te hawwen? Miskien sprekke wy skande fan har ferkearde praktiken, mar binne wy stikem jaloersk? Wêrom soe ik myn hert suver hâlde wannear’t oaren it ferkearde dogge en dêr profyt fan hawwe? As oaren it dogge, dan doch ik it ek!
In skoftke ferlyn barde it by mysels. Ik bin nochal dwaande mei duorsumens en wy ride dêrom in auto op grien gas. Spitigernôch smyt dat gjin foardiel op wat (wegen)belêsting of subsydzje oanbelanget. Mar ik ûntduts dat der op it stuit djoere auto ferkocht wurde mei enoarme subsydzjes. Mar yn de praktyk hawwe dy auto’s ek in folsleine benzinetank yn ‘e auto. De measten ride op benzine, mar strike grutte bedragen subsydzje en belêsting foardiel op. It motyf om sa’n auto te keapjen is it finansjele foardiel, wylst de duorsumens fungearret as ideologyske griene saus. Dêr kin ik no poerrazend om wurde. De duvel skyt altyd op de grutte bulte! Wêrom soe ik it mysels muoilik meitsje? Mar ik moast mysels ta de oarder roppe:’Doch ik it om jild?’, ‘Lit ik my bepale troch it ferkearde gedrach fan oaren?’ en noch slimmer ‘Sil ik dat gedrach fan oaren imitearje?’ It giet my ommers om de soarch foar ús skepping en om myn eigen gedrach!
3.
Dat omslachpunt wie wichtich foar my. Ik wol my net meiskuorre litte. Ik wol net útglydzje. Ik wol myn hert net opofferje. Yn Psalm 73 is ek sa’n omslachpunt. De dichter skriuwt dat by in ynkommen yn Gods hillichdom it ynsjoch kaam (‘oant ik Gods hillichdom yngong en seach wat der fan harren oerbliuwt’). Ynienen sjocht hy it troch de eagen fan God. Ynienen sjocht er it ljocht. De wei fan de minsken dy’t it sa goed liket te gean ferwurdt ta in púnfal. It liket hiel wat, mar se binne samar wer fuort. Har wegen duorje net. Se binne as in dream by it wekkerwurden (fers 20)!
Mei oare wurden, ek al liket it dat de duvel altyd op de grutte bulte skyt, dochs is dat gjin wei om te gean. It jout gjin basis, gjin fûnemint. It liket moai mar ferdwynt as in dream yn ‘e moarntiid. Wy kinne it hast fergelykje mei de perioade foar de krisis. It koe net op, de beammen groeiden oant yn ‘e himel. Alles koe en soe. Jild by de rûs. En ynienen wie it oer, spatte de dream fan de riken útinoar.
Dêrom, wurdt net jaloersk of ferbittere. Lit dy net ferliede ta it ferkearde gedrach fan oaren. Wês earlik en bliuw ticht by dysels. Lit dyn eagen net fertroebelje troch de grutte bulten. Wês trou nei God ta. Wês ek betrouber foar de minsken om dy hinne. Wês autentyk, ha soarch foar dyn siel, en sykje in suver hert. Want de duvel mei op de grutte bulte skite, Jezus seit neat foar neat yn ‘e berchrede (Mattéus 5,8):
‘Sillich (lokkich) dy’t suver fan hert binne, want se sille God sjen.’
Meie wy dêr by hearre!
(Hinne Wagenaar, 24 aug. 2014)
[…] Lês fierder by Hinne Wagenaar […]