Bêste minsken,
Foar in soad fan ús is it in heftige wike west. Foar minsken fan bûten is dat fansels oars, ek al hat eltsenien wol meikrigen dat der op freed 5 septimber in slim ûngelok plakfûn hat, wêrby’t in jonge fan 18 jier omkaam is. Wy hawwe yn Jorwert dus in heftige wike hân. Ofrûne tongersdei hawwe wy hjir yn dizze tún, yn dizze lokaasje fan it Jorwerter iepenloftspul ôfskied naam fan ús fierstente jonge doarpsgenoat mei in bysûndere plechtichheid.
It libben komt wer wat op gong, ek al woe it my noch net sa goed slagje. Dat sil by oaren faaks ek sa west hawwe? Dizze ‘túnpreek’ wie al pland en it measte fan de tsjinst wie foar foarige wike freed ek al klear. Wy hawwe besletten de tsjinst wol trochgean te litten. Ek op dit plak dat no in nije lading krigen hat. Fansels krijt de tsjinst in oare kleur troch alles wat der bard is.
Yn tsjerke iepenje wy de tsjinsten altyd mei in wurd fan bemoediging. Nammentlik dat wy fertrouwe op it goede fan God en it goede fan de skepping. En dat wy ús net oerjaan wolle oan de destruktive krêften fan haat en ûntrou, geweld en ûnrjocht.
Dêrom begjin ik ek mei dy tradisjonele wurden:
Wy stelle ús fertrouwe op de Ivige God,
dy’t himel en ierde makke hat.
Dy’t trou is en trou hâldt oant yn ivichheid
en net loslit it wurk fan syn hannen. En ús likemin.
Amen.
Solvitur ambulando
(Túnpreek foar snein 14 septimber 2014)
1. Ynlieding
Alderearst, ik ha de Bibeltekst fan Markus 2: 1-12 (dy’t wy krekt lêzen hawwe) al wiken ferlyn útsocht, nammentlik nei it sjen fan de Iepenloftspul produksje mei as titel ‘Maraton’. It stik ‘Maraton’ giet oer 5 freonen. Ien fan de freonen is siik en stjert oan de ein fan it stik. Yn it Bibelferhaal giet it oer in man dy’t lam is, dy’t net bewege kin. Fjouwer freonen drage him nei Jezus ta. Dy ferhalen kinne elkoar wat sizze, miende ik doe. Mar ik wist fansels net dat der op freed 5 septimber sa’n ferskriklik ûngelok barre soe mei 5 freonen. En dat ien fan harren dat ûngelok net oerlibje soe!
Fan dy jonge doarpsgenoat hawwe wy ôfrûne tongersdei 11 septimber hjir yn dizze notaristún en op dizze lokaasje fan it Jorwerter Iepenloftspul ôfskied naam. Mar wa hie betinke kind dat hjir hjoed trije ferhalen sá byelkoar komme. It ferhaal fan de freonen yn Maraton, it ferhaal fan de lamme man en syn freonen en it drama fan de 5 freonen fan Jorwert. Bizar einliks, hoe’t de ferhalen hjir gearkomme, botse, oan elkoar reitsje. It giet hjoed dus oer freonskip, sykte, dea, libbens dy’t fêstsitte en oer nije hoop (miskien…?)
2. De lamme man en syn freonen
It ferhaal fan de genêzing fan de lamme man is in ûnfoarstelber ferhaal. Hoe is it mooglik dat immen sa genêzen wurde kin? Hoe moatte wy dat ferstean? Ik wit dat guon minsken it letterlik lêze en ynterpretearje. Ik wol dat nimmen ûntnimme, mar ha der sels lêst fan dat it dan te fier by my ôfstean bliuwt. Ommers, hjoed de dei giet it meast sa net en bliuwe minsken faak (slim) siik. Mar it ferhaal mei dochs ek oer ús gean? It is dochs opskreaun, oerlevere en bewarre omdat minsken it gefoel hienen dat it net allinne oer dy lamme giet, mar likegoed oer harren sels? En dus ek oer ús.
Ik soe it earder sa lêze wolle. De man yn it ferhaal is fêstrûn yn syn libben. Hy is net sasear letterlik ferlamme (hoewol’t dat ek in gefolch wêze kin) mar kin yn syn libben gjin kant mear út. Hy sit sa fêst as in hûs! Dit bart somtide yn it libben fan minsken, ek yn ús libbens. Dat ruskje wy fêst troch omstannichheden, troch it gedrach fan oaren, troch loaiens (luiheid), troch flaters en sûnde of fanwege te min ûnderhâld oan ús libben. En dan kin der in momint komme dat wy gjin kant mear út kinne. Wy binne geastlik en soms letterlik lamslein.
En dan binne der fjouwer freonen. Godtank foar freonskip! Dy komme foar him op, dy libje mei. Dy komme foar him yn beweging! Se litte de kop net hingje, dogge net mei oan de klaachsang, geane net mei yn de letargy! Sy komme foar harren freon yn aksje. Se dogge foarbea, it binne diakens! Geweldich. Bêste minsken, wês sunich op jimme freonen, wês els in freon! As jimme dat fan dizze dei oerhâlde dan is dat al mear as genôch: wês sunich op jim freonen. En wês in freon!
3. De omstanners
Oer de omstanners kin ik koart wêze: dy steane yn it paad. Faak bliuwe omstanners ek op ôfstân. It is moai dat se Jezus syn ferhalen hearre wolle. Mar se hâlde oaren ek by Jezus wei. Se steane de genêzing fan de lamme yn it paad. Wa wit steane tsjerkeminsken faker yn it paad, wannear’t oaren nei Jezus tawolle en om syn ferhalen en om genêzing sykje!
4. Jezus
Nei de lamme en syn freonen, en nei de omstanners hawwe wy Jezus noch oer as personaazje yn dit ferhaal. Ik lit foar it gemak de religieuze profesjonelen der efkes bûten, dy steane net allinne yn it paad mar dy binne der ek noch op tsjin. It systeem giet by harren wer ris foar de minsken…
Jezus sjocht de lamme ‘út ‘e himel’ troch it dak delkommen. Hy hie no terapeutyske fragen stelle kind. Of him konfrontearje kind mei syn lammens. Hy hie begjinne kind oer syn fêstrinnen, oer syn tekoart, wa wit oer syn sûnde. Hy hie sizze kinnen: ‘Hast it sels ferbruit, kloat. It is dyn eigen skuld’. Mar Jezus docht soks net. Hy sjocht eins allinne mar nei it fertrouwen fan de freonen! Letterlik stiet dat der: ‘Doe’t Jezus it fertrouwen fan de freonen seach, sei er tsjin de lamme ….’ Harren winsk, harren gebed en fertrouwen wie genôch foar Jezus. It liket wol oft ús meilibjen en foarbea wichtiger is as wy ea yntinke kinne!
Alles wat Jezus docht is romte meitsje! Alles wat dwers sit oan blokkade, fertriet, frustraasje, sûnde, opboude ellinde ensafuorthinne. Jezus lit de enerzjy wer streame. Hy ferjout de sûnde en seit inkeld: Kom oerein! Krij dyn bêd op! Gean nei hûs!
5. En wy?
De fraach dy’t no oerbliuwt is wêr’t wy sels steane yn dit ferhaal. Hoe giet it mei ús en wêr steane wysels? Identifisearje jo josels mei de freonen? Of mei de lamme? Of miskien kinne wy wol op ferskate plakken yn it ferhaal stean gean.
Hoe giet it mei ús, mei jo en my? Is jo libben in garaazje of earder in sloperij? As jo hjir sjogge nei it dekôr fan it Iepenloftspul dan hat it mear fan de sloperij as fan in garaazje. Hoe stiet it mei jo ûnderhâld? Jierliks wol in APK foar de auto tink? Ek nei de dokter wannear’t it nedich is. Mar hoe giet it mei ús libben, mei ús siel en ‘zielenroerselen’? Wat stopje jo allegear wei, krekt as de rekkens dy’t de garaazje eigner weistoppe ûnder it mom ‘Wat niet weet, wat niet deert? Hoefolle efterstallich ûnderhâld ha wy lêst fan? En hoe binne wy ferlamme of fêstrûn yn ús libben? Hawwe wy freonen dy’t ús drage wolle wannear’t wy sels net fierder kinne? En binne wy in freon foar oaren?
Sa komme der nochal wat fragen by elkoar yn dizze spesjale, moaie en ek beladen tsjinst yn de iepenloft. Boppe de preek ha ik wurden setten fan de tsjerkfaar Augustinus (354-430). Bysûnder dat hy dat doe ek al sei: Solvitur ambulando. Ik fûn it yn in Ingelsktalich boek mei as oersetting: ‘It is solved by walking’: ‘Troch yn beweging te kommen, wurdt in oplossing fûn.’
En sa is it. Dêrom rinne wy by Nijkleaster altyd mei ús kleasterkuier. Troch yn beweging te kommen, giet it wer steamen. Komt der wer romte en flústert de wyn it ús yn. Komt de Geast ús oanwaaien! Yn de produksje Maraton gean de freonen de Maraton draven. Sa kinne se harren freon (en harsels!) rêde. De kristlike metafoar foar yn beweging komme is de pilgrimaazje. Sa komme minsken yn beweging, stelle se har iepen foar feroaring, meitsje se romte om Jezus te moetsjen!
Amen.
minke Pilat seit
Gewoonweg prachtig Hinne. Jo kinne it sa moai sizze. Sa as it is. En ik geloof dat daarom De Waarheid helend is. Ik had dit verhaal nooit zo gelezen, als het in beweging komen van vrienden om de verlamde in beweging te krijgen. Het is allemaal liefde waar Jezus ons naar toe wijst. Het is zo simpel he? Jezus is heilige eenvoud. groeten.
nettie van der veen seit
Prachtig en ontroerend. Hier kun je mee verder . Bedankt