Ik bin wiis mei it nije Fryske Lieteboek: Sjonge en bidde thús en yn tsjerke. It is in monumint foar Fryslân en foar de Fryske tsjerken. Mar dêr is alles net mei sein. De folsleine oersetting fan it Hollânsktalige Liedboek: Zingen en bidden in huis en kerk hat ek in serieus tekoart. By de oersetting is presys itselde model brûkt as by it Lieteboek foar de tsjerken út 1977, nammentlik in slaafske oersetting fan it Hollânske orizjineel. Yn de 70-er jierren wie dat in geweldige stap foarút, Fryslân krige in ‘eigen’ lieteboek! Mar de tiid hâldt gjin skoft. By de oersetting fan Tussentijds yn Tuskentiden (2006) waard neist de oersetting fan de Hollânsktalige bondel in ‘blomlêzing tafoege fan weardefolle Fryske lieten’. Twa lieten dy’t folop brûkt wurde yn de Fryske tsjerken komme krekt út dy blomlêzing: God fan fier en hein ús Heit (229) en Hear, wês mei ús oant in oare kear (237). Dat wie in moaie tuskentiidske stap foarút. Mar by it nije lieteboek fan 2015 binne wy werom by it âlde model. In miste kâns. Spitich!
Mar hawar, eltse krisis is in momint fan genede. It daget ús út om it Fryske lieteboek kompleet te meitsjen en om te kommen ta in twadde diel. Abe de Vries hâlde op sneon 8 maaie in moaie rede yn de Martinitsjerke fan Boalsert mei as titel: ‘Lieteboek, wachtsjen is op diel twa.’ Syn rede stie op sneon 9 maaie yn ferkoarte foarm yn it Friesch Dagblad: Lieteboek: wachtsjen is op diel twa
Ik sjoch út en dat twadde diel, dat einliks diel ien hjitte moat.
Ien part fan Abe de Vries syn rede wol ik hjir sitearje, it binne wurden nei myn hert.
‘Lykas te ferwachtsjen falt by in lytse minderheidstaal lykas de Fryske, bestiet syn liturgyske tekstrykdom benammen út oersettingen. Al soe men it ek positiver formulearje kinne: it Frysk stie altyd iepen foar oarstalige ynfloeden oer en wiisde de Hollânsktalige tradsyje net ôf as ‘ûnfrysk’. Alsa bestiet te uzes in tradysje fan ‘imitatio’, dêr’t ek it nije Lieteboek in foarbyld fan is. De Hollânske oanpak is net inkeld de noarm mar ek it model; dat wie sa en dat is noch altyd sa. Dat kin ek dreech oars yn sa’n lytse minderheidstalige kultuer, en boppedat kin sok neifolgjen ek dúdlike foardielen meibringe. Men kin – in praktysk argumint – mei oersettingen ta eigen nut maklik oanslute by besteand wurk. Men behâldt ferbiningen fan de eigen mei in oare, gruttere talige kultuer; de grutte wrâld wurdt om samar te sizzen sûnder folle muoite foar de lytse iepenlein. Dochs komt de minimale ynbring fan ús ‘eigen’ liturgyske produksje yn it Lieteboek op my oer as in gemis. De ‘Fryske’ bydrage oan it Hollânsktalige Liedboek bestiet út fiif lieten Ik hâld it by in protte lof, want dat fertsjinje it redaksjonele tiim en de oersetters fansels fan Fedde Schurer; yn it Lieteboek is dêr noch ien fers fan Gysbert Japicx bykaam. Mar dat is dan ek alles. Yn alle wynstreken fan de wrâld hat de redaksjekommisje fan it Liedboek geastlike lieten opdûkele dy’t de muoite wurdich achte waarden om op te nimmen, mar amper wat fan wearde hat de kommisje fûn, sa liket it, yn it Frysktalige noarden fan it eigen lân. En dat wylst dichters fan Fryske komôf al jierren liturgyske teksten produsearje, teksten fan hege kwaliteit, dy’t ek lanlik bekroane binne; tink oan de geastlike teksten dy’t dichter Eppie Dam skreaun hat, gauris mei meldijen fan Hindrik van der Meer, en soartgelikense teksten fan Margryt Poortstra op muzyk fan ûnder oaren Jan de Jong. Soks bewiist noch mar in kear de marzjinale posysje dy’t ús vaderlandse kommisjes de regionale kultuer tapartsje wolle. Myn útstel soe hjoed wêze om jin dêr net by del te lizzen. It nije Lieteboek is net kompleet salang’t de Fryske kultuer neilit om in twadde diel ferskine te litten: in diel, it mei wat minder tsjûk wêze, dat net op de niisneamde ‘imitatio’ berêst, dus in diel mei oarspronklik-Fryske liturgyske teksten.’
Geef een reactie