(Meditaasje foar it programma Prelude fan Omrop Fryslân)
Yn dizze earste wike fan maaie hawwe wy wer stilstien by de betsjutting fan frijheid. En by de hurde realiteit fan oarloch en geweld. Wy betochten de ellende fan de Twadde Wereldoarloch en alle minsken dy’t doe omkaam binne. En wy betochten ek it geweld en de oarloggen dy’t altyd mar trochgeane, jier op jier, oarloch op oarloch. Dit jier giet it oer de oarloch yn Oekraine en it geweld yn Sudan. Wy binne net mear fan nei de oarloch!
Elk jier wurde wy wer oproppen om te betinken. Omdat frijheid fansels liket mar dat net is. Oproppen om net te ferjitten en om te learen fan it ferline. Om deselde flaters en sûnden net op ’e nij te meitsjen. Om de frijheid te koesterjen.
De basis fan it leauwen fan it Joadske folk is hjirop ikere. It Joadske Peaskefeest fertelt oer de befrijing út de slaverij, út de ellende en ûnderdrukking wei. En oer it sykjen fan in nij libben yn frijheid. Elk jier wer moatte sy betinke dat God in God fan befrijing en fan frijheid is. Elk jier betinke: noait wer slavernij, noait wer ûnderdrukking, noait wer oarloch!
Elk jier betinke? Eins giet it dêr elke Sabbat en elke snein om. Betink en ferjit net. Net allinne oer frijheid en oarloch, mar oer alles wêr’t it yn it libben ten djipsten om giet. Wat is echt wichtich? Wêr giet it om? Hoe wolst libje en leauwe? Hoe giest om mei de pine út it ferline, mei dyn eangst en fertriet? Mar likegoed: hoe gelokkich bist! Betink dyn gelok en wês tankber. Tankberens is de termometer fan in geastlik sûn libben. De koartferlyn ferstoarne Huub Oosterhuis seit yn syn fertolking fan Psalm 1: ‘Prent ze in het hart van je verstand, die woorden. Zeg ze voor je uit.’ Yn it Frysk oerset: ‘Printsje dy wurden yn it hert fan dyn ferstân. Sis se foar dy út’. Altyd wer.
Mar foar wy it witte binne wy it fergetten. Binne wy te drok mei fan alles en noch wat. En ferjitte wy te betinken, stil te stean by ús libben en leauwe. Ferjitte wy om ús inerlik libben te hoedzjen en te noedzjen. Guon fan ús binne foaral drok dwaande mei de libbens fan oaren. Tinke en prate wy oer it libben fan oaren, mar doare wy net by ús eigen libben stil te stean.
Elk jier, elke wike, moatte, meie wy dêrom betinke! Wat sis ik, elke dei meie wy betinke! Dy wurden fan frijheid en befrijing, fan vrede en gerjochtigheid, fan de goedens fan God. Elke dei, om nea net te ferjitten. Dêrom wurdt mei it Pinksterfeest in nij kleaster yn Fryslân iepene, om elke dei te betinken. Dat nije kleaster op it Fryske plattelân, midden yn de greiden tusken Jorwert, Bears en Hilaard yn, mei in plak wêze om stil te wurden, om te besinnen en te betinken, om de ferbining oan te gean mei ússels, mei elkoar, mei de ierde en mei God. Dat nije kleaster wol in iepen romte oanbiede oan elkenien dy’t in wykein of in wike har of him weromlûke wol om nei te tinke oer libben en leauwe. Dy’t betinke wol wat echt wichtich is. Dy’t romte makket foar God.
Elke dei klinkt by Nijkleaster yn de moarnsfiering in psalmtekst en in tekst út it evangeelje. Elke dei klinkt yn de middeisfiering in tekst út de kleastertradysje, elke dei klinkt yn de jûnsfiering in hillige tekst út de oare religieuze streamingen fan de wrâld dan as it Kristendom. En elke dei wurdt der meditearre, songen, bidden, wille makke. Om te betinken, om net te ferjitten wat wier en wichtich is. ‘Printsje dy wurden yn it hert fan dyn ferstân. Sis se foar dy út’. Altyd wer. Elk jier, idere wike, alle dagen.
(Hinne Wagenaar, 7 maaie 2023)
Geef een reactie