Wannear’t minsken in lintsje krije dan fyn ik dat altyd moai, mar foar mysels hoeft dat net sa nedich. Mar de beneaming ta lid fan de Fryske Akademy docht my wol goed. Ik bin foaral wiis mei de laudatio dy’t útsprutsen waard op de Akademydei fan 8 septimber 2023:
Nij Akademylid 2023
Hinne Wagenaar
Yn 1580, wy witte it allegear, binne alle âlde en romrofte kleasters yn Fryslân mei de grûn gelyk makke. Dêrmei ûntstie in nije spiritualiteit en in nije foarm fan tsjerkewêzen dêr’t de tiid doe om frege, mar de mienskip rekke ek wat kwyt: in libbensfoarm om jinsels, ferbûn mei it länskip en de mienskip, yn wurkjen en wenjen, yn te bêdzjen yn in ferhaal dat fierder rikt as ús eigen eintsje libben en us eigen eachweid. Dy foarm hat Hinne Wagenaar sûnt syn bewust bestean as teolooch altiten mist.
Nei in studintetiid yn Grins en yn Amearika, folge troch in tiid fan wurkjen mei bûtenlânske studinten yn Nederlân en as dosint oan it Presbyterian Theological Seminary te Kumba, Kamerûn, kaam Hinne Wagenaar werom. Dat wie op in studzjedei op ‘e Fryske Akademy oer it tema: In eigen teology. Dat tema soe bliken dwaan liedend foar him te wêzen: it eigene fan Fryslân en de Fryske identiteit, en dat ferbine mei de wrâld fan tsjerke en leauwen. Hy hat altiten neitocht oer de gearhing tusken taal, mienskip en kultuer, mei in grutte belutsenheid by it Fryske ferhaal en de Fryske minske. Dat uteret him ûnder oaren yn in rige wichtige wittenskiplike publikaasjes oer de Fryske sindingsskiednis en yn it opsetten fan in postakademyske kursus Leauwe yn Fryslân foar foargongers en pastores. Tagelyk stie er kritysk foar dat Fryske ferhaal en dy Fryske minske oer, just om beide fierder te helpen as it giet om it stribjen nei in sinfol bestean as yndividu en as mienskip.
Dat hat him net beheind ta in persoanlike ynset. Yn syn earste Fryske gemeente Wurdum makke hy struktureel romte foar it brûken fan it Frysk yn earetsjinst en gemeentelibben. Yn syn folgjende gemeente, Westerwert, gie hy in stap fierder, mei it plan om yn dy gemeente in plak mei in eigen Fryske spiritualiteit te realisearjen: it pioniersplak Nijkleaster. Dat pioniersplak wie fan it begjin ôf tige suksesfol en hat dit jier laat ta it realisearjen, foar it earst sûnt mear as 400 jier, fan in eigen Frysk kleaster: kleaster Westerhûs. Dat kleaster jout, as alderearste yn ‘e skiednis, alle romte oan ‘e Fryske taal en teologysk omtinken oan it Fryske ferhaal. Dat is net allinnich in sterke stimulans foar de útbou fan it Frysk as folweardige kultuertaal, it is ek in foarm fan wrâldwiid ambassadeurskip fan ‘e Fryske kultuer. Sûnt 2023 hat Nijkleaster in plakje krige yn it rychje fan Taizé, lona en Grandchamp.
Foar syn rol as ambassadeur fan it Fryske ferhaal en in Fryske spiritualiteit, mei each foar minske, skiednis en meartaligens, foar syn rol as ferbiner fan minske, mienskip en kultuer, en foar syn rol as oanjager fan in folweardich brûken fan it Frysk njonken oare talen dy’t hjir brûkt wurde yn it domein fan tsjerke en leauwe, wurdt Hinne Wagenaar hjoed dan ek beneamd ta lid fan ‘e Fryske Akademy.
Ljouwert, 8 septimber 2023 Dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm FSA Direkteur-bestjoerder Fryske Akademy
Geef een reactie