(Bydrage oan de Leeuwarder Courant fan 24 desimber 2024)
Fansels freegje wy ús yn de kleastermienskip Nijkleaster ôf hoe’t wy Kryst fiere moatte yn sokke tsjustere tiden. Dat freegje wy ús trouwens net allinne ôf by de krystdagen. Nee, dy fraach is altyd aktueel, yndachtich de wurden út it gedicht Geen Kerstcantate fan Hans Andreus:
Niet alleen in het holst
van de nacht van het jaar,
iedere dag van het jaar
heeft het licht het koud.
Wy meitsje ús bot soargen oer de takomst fan ús ierde, oer gelikense rjochten foar elkenien, oer de produksje fan ús iten, oer frede en gerjochtichheid. Mar dat kin ús moed ek enoarm deldrukke. Dêrom wolle wy in tsjinbeweging foarmje en in mienskip wêze dy’t it goede libben oefent. Wichtich is dat wy ús net meilûke litte yn synisme en negativiteit. Dêrom bidde wy wurden, lêze wy teksten en fertelle wy ferhalen dy’t ús bemoedigje om it fol te hâlden. Twa foarbylden wol ik graach diele:
1. Elke snein en elke dei sizze wy dizze wurden:
Wij waarmje ús oan de belofte
fan in goede, in hielmakke skepping.
Wij hâlde it by inkeld de leafde as iennich wapen,
bliuwe sykjen nei fersoening en frede,
bliuwe langjen nei freonskip.
2. En op krystjûn wurdt dit jier it krystferhaal ‘De ingel dy’t net mear sjonge woe‘ lêzen. Ik fertel it hjir efkes koart troch de bocht (It echte ferhaal is te hearren op 24 des. om 22.00 oere yn de tsjerke fan Bears). It is in âld ferhaal dat wy bewurke hawwe en giet oer in ingel dy’t sjonger is yn it himelske koar. It ingelekoar moat op in kear optrede boppe it lytse doarp Bethlehim. En wannear’t se mei-inoar it Eare oan God folút sjonge, kin de ingel ynienen net mear fierder. De wurden oer frede bliuwe har yn ’e kiel stykjen. Se sjocht nei de situaasje yn de wrâld en sjocht allinne mar ellinde, oarloch en ûnderdrukking. Se ferhipt it om fierder te sjongen. It is ommers hypokryt om fan frede te songen yn in brutsen wrâld! De dirigint fan in ingelekoar jout har dan in nije taak. De ingel wurdt nei de ierde tastjoerd om frede te stichtsjen. En wannear’t se dat jierrenlang mei grutte ynset docht, wurdt se wurch en moedeleas. En se wurdt ûnwennich fan it sjongen yn it koar. Stadichoan begjint se te begripen dat it Eare oan God net in beskriuwing is fan de situaasje op ierde, mar dat it Gods eigen protestliet is. En dat we dat sjonge moatte tsjin alle brutsenheid yn. Wy moatte foaral sjongen bliuwe fan it goede. Om moed te hâlden, om net synysk te wurden, om it goede libben yn it each te hâlden.
ds. Hinne Wagenaar
(predikant Nijkleaster-mienskip)
Geef een reactie