(1999)
Identiteit is in wichtige kategory yn de Afrikaanske teology. Sûnt der sprake is fan in spesifike ‘Afrikaanske teology’, begjinnend yn de sechtiger jierren fan de tweintichste ieu, is ien fan de sintrale fragen: ‘Wa binne wy, Afrikaanske kristenen?’
Trochdat it kristendom tagelyk kaam mei de westerske, Europeeske kultuer yn it pynlike proses fan kolonisaasje like it faak dat kristendom en westerske kultuer byelkoar hearden. In Afrikaan moast de eigen kultuer en religy efter litte en ôffalle om kristen wurde te kinnen. Kristianisearring ymplisearre Europeanisearring! In protte westerske sindelingen wienen tige radikaal yn har ôfwizing fan de Afrikaanske tradysjes, foaral fan de Afrikaanske tradisjonele religy, ek al wienen der goede útsûnderingen.
Dizze hâlding stoarte Afrikaanske kristenen yn in identiteitskrisis.1 Want hja wienen gjin Afrikaan mear mar ek gjin westerlingen. It liede ta in dûbele hâlding, ta in libben op twa nivo’s en ta in identiteit fan heal Afrikaan en heal Europeaan sûnder wier ta ien fan de twa te hearren. Dizze ôfwizing fan de Afrikaanske tradysjes, en dermei fan de Afrikaanske identiteit, sjitte yn it ferkearde kielsgat fan inkele Afrikaanske teologen. Dy begûnen nei te tinken oer in Afrikaanske wize fan kristen-wêzen en sochten om in echte Afrikaanske tsjerke. In bekende titel fan in boek út dy tiid is dy fan de Nigeriaan Bolaji Idowu ‘Nei in Lânseigen Tsjerke’.2 It waard no wichtich om in antwurd te finen op de fraach ‘hoe ʼt men sawol autentyk Afrikaan as ek in wierlik kristen wêze koe’.3
Dit aspekt fan de identiteit is yngeand behannele troch de Ghaneeske teolooch Kwame Bediako. Bediako is dûmny yn de Presbyteriaanske Tsjerke fan Ghana en direkteur fan it ‘Akrofi-Kristaller Memorial Centre’.Yn dat ynstitút is hy dwaande mei de praktyk en teory fan it Afrikaanske kristendom. Bediako is tige kritysk tsjinoer it etnosintrisme fan de Europeeske misjonêre skiednis. Hy kin it net ha dat in protte sindelingen it foar-kristlike Afrika beseagen as in religieus ‘tabula rasa’, as in, wat religy oangiet, ûnbeskreaun blêd. Hy is fan betinken dat God net ûnbekend wie oan syn foarfaars en dat de Afrikaanske tradisjonele religy de funksje hat fan ‘praeparatio evangelica’, tarieding op it evangeelje. Kear op kear leit Bediako klam op de konstatearring fan E.W. Fasholé-Luke út Sierra Leone dat ‘bekearing ta it kristendom keppele wurde moat oan kulturele kontinuïteit.’4 Sûnder in histoarysk en religieus ûnthâld wurdt de tsjerke fan Afrika in tsjerke sûnder teology en binne de kristenen sûnder identiteit. Bediako skriuwt yn syn dissertaasje, dy’t giet oer teology en identiteit, ‘Want teologysk ûnthâld is yntegraal oan identiteit; sûnder ûnthâld ha wy gjin ferline, en sûnder ferline is ús identiteit sels ferlern.’5 De fraach nei identiteit en nei de relaasje tusken it nije kristendom en de âlde Afrikaanske tradysjes foarmet dêrom ien fan de woartels fan de Afrikaanske teology. Yn de earste ûntjouwings fan de Afrikaanske teology wienen de pioniers hieltyd dwaande mei de Afrikaanske tradisjonele religy’s. De foar-kristlike tradysjes waarden dêrmei ien fan de sintrale oandachtspunten yn de Afrikaanske teology.
Fryske Identiteit.
Yn dit haadstik wolle wy besykje út te finen of dizze oanpak fan Bediako ek fan betsjutting wêze kin yn de Fryske kontekst. Binne dizze Afrikaanske fragen nei identiteit en foar-kristlike tradysjes faaks ek wichtich foar Fryslân? Wy wolle ús ôffreegje of in Fryske teology fierder komme kin troch oandachtich te lústerjen nei Afrikaanske teologyske stimmen.
De Fryske kontekst kin net samar fergelike wurde mei de Afrikaanske. Alderearst is it wichtich om it grutte ekonomyske ferskil te sjen. Yn Fryslân bestiet gjin materiële earmoede neffens dat men dy oeral yn Afrika tsjinkomt. Yn Afrika libbet in grut part fan de befolking yn sa’n bittere earmoede dat it foar in bûtensteander net nei te fielen is. Yn Fryslân libje de minsken yn relative frijheid en wolfeart. Mar faaks kinne wy, yn de fergeliking tusken Afrika en Fryslân, wol sprekke fan ‘antropologyske earmoede’ lyk as de Kameroeneeske teolooch Engelbert Mveng dêroer praten hat. Foar Mveng hat antropologyske earmoede te dwaan mei de fernedering fan minsken yn harren skiednis, mei it ferlies fan sosjale en kulturele identiteit. Antropologyske earmoede bestiet wannear’t minsken bestellen binne fan harren identiteit, weardichheid, frijheid, tinken, skiednis, taal en leauwen.6 Foar Mveng gong it, yn de striid om befrijing, net allinnich om befrijd te wurden fan – mar ek om wêrta men befrijd wurde moast. Dit is wichtich foar minderheden dy’t relatyf yn wolfeart libje. Yn Fryslân hawwe de minsken it goed mar se reitsje harren kulturele ûnôfhinklikens kwyt troch de ynfloed fan dominante kultueren. En wat noch slimmer is: se libje ûnder de oerflakte altiten mei skamte en in gefoel fan minderweardigens tsjinoer de dominante kultuer(en); hja libje mei skamte foar harren taal en aksint; mei skamte foar wa’t se binne.
Sûnt it kristendom yn Fryslân kommen is, hawwe de Friezen stadichoan harren eigen leauwe, kultuer en taal ferlern. Seker, der is tagelyk ek altiten ferset west tsjin de kulturele oerhearsking en wis, kristenen hawwe harren bydrage levere yn dizze bewegingen. Mar dyjinge, dy’t besocht hawwe om autentyk Fries te wêzen en tagelyk wierlik kristen, hawwe meastentiids yn de marzje libbe fan ús tsjerken en ús maatskippij. Dizze kombinaasje dan ‘Fries en kristen’ is nea in serieus probleem west omdat it kristendom wurke mei it konsept fan de universaliteit yn Kristus. As ik myn pake en beppe freegje (pake en beppe fan memmekant libje noch en binne sawat 90 jier) oer de skiednis fan Fryslân, begjinne se oer harren eigen libbensûnderfinings yn dizze ieu – en dat binne der hiel wat -. Mar se witte suver neat oer de skiednis fan ús Fryske folk, alhoewol’t se net faak bûten Fryslân west hawwe en alhoewol’t se nea in oare taal sprutsen hawwe as Frysk. Begjint men oer de bibelske skiednis fan Israël dan kinne se oerenlang prate en fertelle. Dit ropt mingde gefoelens op as it giet om de rol en de ynfloed fan it kristendom op ús kulturele identiteit. It kristendom liket wol in januskop te hawwen. It hat ús ús kulturele identiteit ûntstellen en tagelyk in wichtige rol spiele yn de Fryske – sprekwurdlike – striid om frijheid. Yn ús dagen krijt de beweging foar in eigen Fryske kultuer en identiteit stipe yn de sport, de polityk en sels op de skoallen. Mar yn tsjerke bliuwt dit alles dochs marginaal.
It proefskrift fan Bediako oer ‘teology en identiteit’ lit sjen hoe wichtich it proses fan ynkulturaasje foar de jonge tsjerke yn de Gryksk-Romeinske wrâld west hat foar it neitinken oer ynkulturaasje en identiteit yn de hjoeddeiske Afrikaanske teology. Ek de earste kristenen moasten harren posysje ynnimme tsjinoer de ‘heidenske’ kultueren om harren hinne. De tsjerkfaars wiene hjirmei tige yn de slach. En neffens Bediako hawwe sy in iepen en ynklusive benadering brûkt tsjinoer de foar-kristlike tradysjes en wegeren om ienfâldichwei yn tsjinstellings te tinken. Sy seagen ek de iepenbiering fan God yn de net-kristlike religy’s en tradysjes.7 Dit betsjut dat de hiele skiednis fan it kristendom besjoen wurde kin fan út dizze ynfalshoeke. Dus ek de Europeeske en Fryske tsjerkeskiednis kin bestudearre wurde fan út dizze misjonêre fraachstelling oangeande de relaasje tusken it kristendom en de foar-kristlike tradysje. As wrâld religy hat it kristendom altiten wraksele mei it oergean fan de iene kultuer nei de oare. Dat is begûn mei de stap út it Joadske fermidden nei in ferskaat fan oare folken. Tige wichtich wie de ferskowing nei de Gryksk-Romeinske wrâld. Foar (West) Europa hat de útwreiding fan it Romeinske wrâldryk fan grut gewicht west, want dêrtroch krige it kristlik leauwen te meitsjen mei tal fan nije kultueren. Yn ús omkriten wienen dat de Germaanske en Keltyske. En nei ieuwen fan ynkulturaasje en ‘domestikaasje’8 waard dit kristendom eksportearre, tegearre mei de europeeske ekspânsje, de hiele wrâld oer, wêrûnder Afrika.
Foar in Fryske teology wurdt it dan wichtich om de sindingsskiednis te analysearjen út dit perspektyf wei. Hoe is dan krekt de misjonearring fan Fryslân ferrûn? Wat is der yn ús heitelân bard yn dy earste ieuwen fan de bekearing ta it kristendom? Hoe wie der sprake fan ynkulturaasje?9 Men krijt de yndruk dat de hâlding tsjinoer de eigen Fryske tradysjes en religy sterk negatyf west hat. Mar wat soe der fan de kristlike tsjerken en de Fryske kultuer wurden wêze as der wol in serieuze dialooch en moeting west wie? Wat soe der bard wêze mei de Fryske taal en kultuer as Willibrord yn it Frysk preke hie? Bediako hat yn in petear mei in krante yn Fryslân sein: ‘It spyt my dat Willibrord gjin Frysk praten hat’. Dizze fragen wurde urgint as men dwaande wêze wol mei de sindingsskiednis, om nei te tinken oer Fryske identiteit en Fryske teology. Yn elts gefal komme wy dan op it grutte ferskil mei de Afrikaanske tsjerken: it kristendom is yn ús lege lannen al mear as 1200 jier ferlyn brocht. It sil dúdlik wêze dat identiteit foar Frysk teologysk tinken in sintrale teologyske kategory is of wurde moat. Dêrby is it de fraach of it noch wol mooglik is om in brêge te slaan oer de ôfstân fan 1200 jier omwille fan dat sykjen nei in Frysk kristlike identiteit.
Foar-kristlike tradysjes yn Fryslân.
Dit sykjen nei identiteit liedt us nei de foar-kristlike tradysje, lyk as dat barde mei Bediako en mei de pioniers fan de afrikaanske teology. Hjir leit noch in gâns fjild fan ûndersiik foar Fryske teologen braak. Mar it soe op dit stuit wolris wichtiger wêze kinne om oandacht te jaan oan de algemiene hâlding dy’t troch teologen en kristenen yn Fryslân en Nederlân oannommen is tsjinoer it foar-kristlike ferline. Men moat hjir hoeden oer prate want dit tema is teologysk in minefjild, dat earst opromme wurde moat om ta echt ûndersiik en petear te kommen oer ús foar-kristlik ferline en oer it proses fan ynkultueraasje yn de earste ieuwen fan de kristlike tsjerke yn Fryslân. Wat wy hjir dogge is dus eins net mear as in prolegomena, in tarieding!
Wy witte net al te folle fan it Germaanske leauwen fan de Friezen. Der stiet wat oer yn teksten fan guon Romeinske skriuwers. Fierders kin men fergelikingen meitsje mei de religy fan oare Germaanske folken. Mar it mearste wite wy troch de ferhalen en de libbensbeskriuwingen fan kristlike sindelingen. Wy hawwe dus meastentiids te meitsjen mei kristlike ynterpretaasjes fan it foar-kristlike leauwen.
It kristendom kaam yn it earst nei Fryslân út Brittanje wei. De earste sindelingen yn Fryslân, Wilfried (634-709), Willibrord (658-739) en Winfrid (Bonifatius 680-754), binne allegearre beynfloede troch de, noch net troch Rome oerhearske, Ierske foarm fan it kristendom. Mar yn de achtste ieu rekket de sinding oan de Friezen betize yn it net fan de Frankyske (machts)polityk. Uteinlik is de bekearing fan de Friezen gelyk op gien mei de útwreiding fan it Frankyske ryk. It is nergens slagge bliuwend sukses te heljen oer de grinzen fan it Frankyske ryk hinne.10 En sa sjogge wy dat it kristendom yn Fryslân, krekt as yn Afrika, meifard is yn it sok fan in militêre expânsjepolityk.
Doe’t it kristendom ienkear ynfierd wie, is der hiel wat striid west tusken it nije, frjemde, kristlike leauwen en de tradisjonele wize fan libjen en tinken. Dit hat suver de hiele ‘tsjustere’ midsieuwen duorre. Yn it lêste part fan dit tiidrek, sa tusken 1200 en 1500, is it kristendom as grutte oerwinner út de bus kaam. Suver eltsenien waard doopt en oeral waarden tsjerken boud. Tsjin it lêst fan de midsieuwen, doe’t de renêssênce en de reformaasje in nije tiid betsjutten, wurde Noard-West Europa it toaniel fan grutskalige heksejachten, dy ‘t men beskôgje kin as de lêste oerwinning fan it kristendom oer it tradisjonele leauwen. De lêste oerbliuwsels fan it âlde leauwen waarden útroege.
Yn dizze nije tiid fan renêssânse en reformaasje sochten gelearden opnij harren woartels en begûnen se mei de stúdzje fan de klassike boarnen fan de Europeeske beskaving: de Grykske filosofy en mytology en de bibel. De offisjele en algemiene miening wie dat de Germaanske (en Fryske) tradysjes gjin wichtige boustiennen oan ús beskaving levere hienen. Yn de nije universiteiten gong alle oandacht út nei de Romeinske, Grykske en Joadske âldheid. Dûmny’s krigen in drege klassike oplieding. Oant yn ús dagen binne dizze twa boarnen fan religy en kultuer, de Joadsk-kristlike en de Gryksk-Romeinske, de wichtichste basis foar yntellektuelen en benammen foar dûmnys en prysters. Sadwaande is de tradisjonele Germaanske religy en de kultuer, dy’t dêroan fêstsit, lange tiid fersmiten en ferwaarleaze.
Mar it giet om mear dan allinnich de ferwaarloazing fan tradysjes, dy’t it sykjen nei de eigen Fryske identiteit lestich makket. It hat ek te krijen mei in soarte fan taboe op Germaanske tradysjes sûnt de nazi-Dútskers yn de Twadde Wrâldkriich Germaanske symboalen en it Germaanske leauwen (mis)brûkt hawwe foar harren fassistyske wrâld- beskôging. Yn Fryslân hawwe oan it begjin fan ‘e oarloch Dútske nazi’s út East-Fryslân, foar in grut part om ‘e nocht, besocht de Fryske Beweging mei te krijen yn harren ‘folkske’ tinken. Breder steld is men yn Europa noch altiten, en mei rjocht, tige gefoelich as it giet om fassisme. Benammen ek yn protestantske fermiddens yn Nederlân binne Germaanske tradysjes in tear ûnderwerp. De bekende Nederlânske teolooch K.H. Miskotte hat flak foar de oarloch al in boek skreaun mei as titel ‘Edda en Thora’, wêryn hy in fergeliking makke tusken de struktueren fan de Edda (in ferneamde Germaanske samling fan lieten en gedichten oer de Germaanske goaden en helden) en de fûnemintele konsepten fan de Thora (de earste fiif boeken fan ‘e bibel).11 It is hjir net it plak om op de details yn te gean, mar men kin stelle dat yn en nei de oarloch de algemiene fisy wie dat it Europeeske fassisme in serieuze weromfal betsjutte yn de Germaansk heidenske tradysjes fan Europa. Sa besjoen wurdt dan de wichtige fraach foar kristenen: Hoe kin it dat it kristendom net mear wie dan de opbrochte glâns wêrûnder de wiere heidenske diminsjes sieten fan de Europeeske kultuer? De logika efter dizze fraach is dat de Germaanske tradysjes beskôge wurde as negatyf (oandacht foar macht, gewelt en ferwoasting) en dat yn ‘e rin fan mear as 1000 jier de positive religy: it kristendom (oandacht foar leafde en rjocht) net by steat west hat om dizze tradysjes derút te krijen of om te bûgen.
Nei myn oertsjûging is dizze riddenaasje te koart om de hoeke en te maklik, benammen omdat sa it kristendom frijpleite wurdt fan mandéligens yn en ferantwurdlikens foar wat der útheefd is yn de oarloch. It koe wolris sa wêze dat men noch de Germaanske tradysjes noch it kristendom ienfâldichwei feroardielje kin, mar dat de oarsaak earder leit yn de mislearre ynkulturaasje fan it kristendom yn de West-europeeske kulturele en religieuze kontekst. Om Bediako’s wurden te brûken: ‘de moeting is mislearre.’ De konklúzje wurdt dan dat it petear oer identiteit yn Frysk ferbân, wêrby de foar-kristlike tradysjes op ʼe nij evaluearre wurde, fan it begjin of oan “betsjoene” is en wol om twa redenen. Men hat gjin each hân foar de eigen Germaanske tradysjes en men hat djip stekkende foaroardielen tsjin dizze foar-kristlike ‘fassistyske tradysjes’.
Tusken Afrika en Fryslân.
Dochs is Bediako syn hâlding fan iepenheid tsjinoer de foar-kristlike tradysjes, syn miening dat God net ûnbekend wie yn Afrika foardat de sindelingen mei it evangeelje kamen12, en syn sykjen nei kontinuaasje mei dy tradysjes, fan grut belang foar in Fryske teology. Wy wurde der troch twongen nei te tinken oer ús hâlding tsjinoer ús eigenlânske tradysjes. Wy wurde der troch útdage om ús te ferdjipjen yn ús Fryske foar-kristlike ferline en oer it proses fan ynkulturaasje fan de earste ieuwen.
Bediako fergeliket syn eigen ûndersyk oangeande it Afrikaanske kristendom fakentiids mei de Europeeske misjonêre skiednis. Hy stelt by it útwurkjen fan syn Afrikaanske teology ek eksplisite fragen oan ús yn it westen. Yn it no folgjende wolle wy yngean op trije punten dy’t hy foar it ljocht bringt. Dy geane oer de oersetberens fan de kristlike boadskip; oer de namme fan God en oer wat yn it Ingelsk ‘primal religiosity’ hyt, wat yn it Frysk it bêste oersetten wurde kin yn ‘oarspronklik leauwen’.
Oersetberens
Oanslutend by it teologyske tinken fan Lamin Sanneh13 brûkt Bediako faak it wurd ‘oersetberens’ as it iennichste wiere útgongspunt foar it eigenlânsk wurden fan it kristlik leauwen. Hy seit ek earne dat ‘allinnich yn de eigen memmetaal in folslein en bliuwend petear mei de kultuer plakfine kin.’ Bediako stelt sels dat ‘men fan oersetberens sizze kin dat it ynbakt sit yn it aard fan it kristlike leauwen en dat it by steat is om eltse kulturele oerhearsking fan it leauwen om te smiten.’14 Mei Sanneh en Bediako kinne wy iens wêze dat oersetberens yndied ien fan de wichtichste skaaimerken fan it kristendom is. De útkomst fan de konfrontaasje tusken Joaden-kristenen en heiden-kristenen (sjoch de Hannelingen fan de Apostels en de brieven fan Paulus) wie dat de heiden-kristenen kristen wêze mochten op harren eigen wize. Hja hoegden earst gjin Joad te wurden. Dermei wie de needsaak útsprutsen om it kristendom oer te setten fan de Joadske kontekst nei de heidenske!
Allinnich as Bediako de winsk útsprekt dat Willibrord Frysk praten hie, dan moat it antwurd wêze dat Willibrord dat net dien hat! Wat der yn Fryslân bard is bewiist dat der yn it kristendom gjin automatysk ynboude oantrún ta oersetten is. Yn prinsipe is it in fûneminteel skaaimerk fan it kristendom, mar yn de praktyk hat it bliken dien dat dit prinsipe meastal te heech grepen wie. Nei 1200 jier is it kristlik leauwen noch altiten part fan in oerhearskjende Nederlânske kultuer. En de Fryske tsjerke is wier gjin útsûndering. It kristendom yn Afrika hat gelok hân dat har sindingsskiednis in ferbettering wie yn fergelyk mei de sindingsskiednis fan Europa. Yn Afrika waarden ‘de wûnders fan God’ al betiid yn it misjonêre proses tagonklik makke yn de eigen talen. Dit mei sjoen wurde as de stap foarút fan de lêste ieuwen (en foar de Roomsk-Katoliken allinnich noch mar fan de lêste tsientallen jierren sûnt it Twadde Vatikaanske Konsilje, 1961-1965) yn de oerdracht fan it kristlik leauwen. Mar yn it algemien is it kristendom lang net altiten de religy fan de oersetberens west. Men soe hast sizze: krektoarsom! Yn hiel wat tsjerken, yn it ferline en ek hjoed de dei, binne der altiten tsjerke- talen brûkt, bygelyks it Latyn en (tsjerke)Slavysk. Op gâns plakken yn de wrâld is it evangeelje beferzen en ynpakt yn machtige tsjerklike, kulturele en ideologyske ortodoksyen. Fan út ús erfarings yn Fryslân moatte wy, nêst en tsjinoer de ideeën fan Bediako oangeande oersetberens, de kwetsberens fan it evangeelje yn ʼe hannen fan feilbere minsken en dominante kultueren ûnderstreekje.
De namme fan God
Bediako mient dat ‘de nammejouwing fan God’ in wichtich ferskil foarmet tusken de sindingsskiednis fan Europa en Afrika. Kristlike sindelingen hawwe yn harren ferkundiging en oersettingen Afrikaanske, persoanlike nammen foar God brûkt, wylst yn Noardwest-Europa de tradisjonele goaden (en harren nammen en titels) oan kant skood waarden. Yn Europa waard de soartnamme “God” brûkt yn tsjinstelling mei de eigenlânske nammen foar God yn Afrika.16 Bediako skriuwt sels, oanheakjend by syn foargonger John Mbiti: ‘God, de Heit fan ús Hear Jezus Kristus, is deselde God dy’t foar tûzenden jierren kend wie en oanbeden is yn de religy’s fan de Afrikaanske folken, en dy God wie dêrom gjin frjemdeling yn Afrika foar de komst fan de sindelingen.’17 Mar dat ferhaal giet foar Bediako net op foar de Europeeske goaden. Hy skriuwt dat:
Yn tsjinstelling mei wat der bard is by de earste evangelisaasje fan Europa hat it
yn Afrika bliken dien dat de God dy ‘t priizge waard yn de eigenlânske talen yn de
foar-kristlike tradysje deselde wie as de God fan de Bibel, op in wize dy ‘t net fan
tapassing wêze koe foar Zeus of Jupiter of Odin. Onyankopon, Olorun, Ngai,
Nkulunkulu binne nammen fan de God en Heit fan ús Hear Jezus Kristus en
Zeus, Jupiter en Odin binne dat net.18
Hjir moatte wy in fraachteken sette. Wy kinne hjir net samar yn meigean. Wêrom soenen de nammen as Onyankopon, Olorun, Ngai, Nkulunkulu better brûkber wêze as de Germaanske of Fryske namme(n) foar God? Wêrom soenen de religieuze tradysjes fan ús foarfaars neat witten ha fan ‘God, de Heit fan Hear Jezus Kristus’ wylst dy fan de Afrikaanske foarfaars wol? Op dit mêd is der noch lang net genôch ûndersiik dien om in oardiel jaan te kinnen. Mar wannear’t Bediako ferskate kearen Paulus oanhellet (bygelyks Hannelingen 14:17, Romeinen 3:29 en Hebreeërs 1:1)19 om dúdlik te meitsjen dat God al wurksum wie yn de Afrikaanske tradysjes, dan sjoch ik net yn wêrom dat net it gefal wêze soe foar de Fryske tradysjes. It komt my foar dat hjir in oardiel útsprutsen wurdt oer ús tradysje en ferline op krekt deselde wize as wy, Europeanen, sa faak de Afrikaanske tradysjes beoardield en feroardield hawwe.
Oarspronklike leauwen.
Yn syn lettere publikaasjes hat Bediako it geregeld oer de ymplikaasjes fan de Afrikaanske teology foar tsjerke en teology yn Europa. Meastentiids giet it dan oer de relaasje tusken it Afrikaanse kristendom en it oarspronklike leauwen. Syn redenearring is dat it Europeeske kristlike tinken foar in grut part tekene is troch it foar-kristlike oarspronklik leauwen. Mar dit oarspronklik leauwen is troch de sinding alhiel ferdwûn, sadat der gjin serieuze teologyske dialooch plakfine koe. Noch swieriger is it om dy diskusje efternei noch te herheljen. Faaks kin dat allinnich mar lâns de omwei fan de Afrikaanske teology wêr’t dizze moeting en beynfloeding tusken it kristendom en it oarspronklik leauwen wol eksplisyt plakfine kin.
Foar wy no fierder gean moatte wy earst it begryp “oarspronklik leauwen” better definiearje. Bediako wurket foaral mei wat Harold Turner hjiroer skreaun hat.20 Turner hat de folgjende karakteristiken jûn fan “oarspronklike leauwen”:
1. Ferbûnens mei de natuer wêryn minsken, bisten en planten ek ‘in eigen geastlik bestean en plak hawwe’. Dêrtroch kin elts objekt út de natuer in geastlike relaasje oangean mei minsken of ta beskermgeast wurde. De natuer sels wurdt saaklik brûkt mar mei respekt en sûnder eksploitaasje. Ekology is hjir in djip religieus respekt fan de minske tsjinoer de skepping.
2. De minske wit dat er stjerlik, swak en sûndich is en dêrom in macht fan bûten himsels nedich hat. De westerske minske is dizze grûnhâlding kwytrekke troch syn besef fan technyske en sosjaal-politike macht.
3. Minsken binne net allinnich yn it universum. Der is ek de geastlike wrâld fan machten en wêzens, dy’t mear kinne. De wrâld fan it oarspronklike leauwen is persoanlik. Men freget nea wat de oarsaak hjir of dêrfan is, mar: ‘wa hat it dien?’ De geastewrâld kin twa gesichten hawwe, in goede en in kweade.
4. Minsken kinne ferbining krije mei de wrâld fan de geasten om dêrút segen, macht en ek beskerming tsjin kweade machten te krijen.
5. Der is besef fan ‘libben nei dit libben’ keppele oan it wichtige plak fan de foarfaars. Der binne ‘libbene libbenen’ en ‘libbene deaden’ en dy hawwe mei inoar te krijen.
6. De minske libbet yn in sakramenteel universum wêryn der gjin skerpe tsjinstelling betsjut tusken lichem en geast. Se rinne troch inoar en beynfloedzje elkoar.
Turner is derfan oertsjûge dat der in spesjale ferbining bestiet tusken it kristendom en it oarspronklik leauwen omdat út de skiednis fan de fersprieding fan it kristendom bliken docht dat de wichtichste groei altiten plakfûn hat by folken mei oarspronklike leauwen. Dat jildt foar de wrâld rûnom de middellânske see, foar de folken fan Noard-west Europa en dêrnei ek foar Afrika, Oseänië en parten fan Azië. Dat betsjut dat folken, dy ‘t yn de eagen fan de sindelingen fan de njoggentjinde en tweintichste ieu it fierst ôf stienen fan it kristlik leauwen, as it derop oankomt, nau mei it kristendom ferbûn binne. It liket der op dat der affiniteit bestiet tusken kristendom en oarspronklik leauwen. Dat hat bliken dien út de earste reaksjes op it boadskip fan de sinding (‘Hjir sieten wy op te wachtsjen’) en ek út it ûntstean fan nije religieuze bewegings, dy ‘t fuortkommen binne út de moeting fan kristendom mei it oarspronklik leauwen.
Bediako heakket dêr noch oan ta dat nei syn betinken Turners seisde punt it wichtichste is, nammentlik dat it universum in kosmysk systeem is dat yn essinsje spiritueel is. Neffens Bediako ferjit Turner fierders om te sizzen dat dizze spesjale ferbining tusken kristendom en oarspronklik leauwen wichtige konsekwinsjes hat foar ús begryp fan it kristlik leauwen sels as men tinkt oan de bydrage dy’t it oarspronklike leauwen levert oan it stâl jaan fan it kristlik leauwe. Dit lêste punt is nammerste wichtich omdat de westerske kristendom gjin each ha woe foar dit heidenske tinken fan it oarspronklike leauwen.
Mar Bediako sjocht ferskate tekens yn it westen, dy ‘t wize op in nije belangstelling foar oarspronklik leauwen. Hy sjocht dit foaral yn it post-moderne ôfwizen fan de ferljochting; yn it wer nei foaren kommen fan it okkulte en yn it sykjen nei geastlike erfarings fan hielens lyk as dat yn de New Age beweging bart. De wize fan tinken fan it oarspronklike leauwen is neffens Bediako yn it ferline yn it westen mear oan kant skood dan moete, ta heil makke en yntegrearre. Dizze wize fan tinken wurdt yn ús dagen al mar sterker en Bediako mient dat hoe mear it ûnderdrukt wurde sil nammerste mear sil it ús efterfolgje.21 Sa soe it wolris wêze kinne dat de mooglikheid fan in serieuze moeting tusken kristendom en oarspronklike leauwen, dy’t yn Europa ferlern gien is, yn Afrika wol oanwêzich is en sa soe yn Afrika wolris goedmakke wurde kinne wat, net allinnich yn Europa, ferkeard rûn is yn de sinding. De rol fan dit oarspronklike leauwen en de dialooch mei dit oarspronklike leauwen is neffens Bediako in wichtich elemint yn de grutte groei fan it kristendom yn Afrika. Sadwaande kin de Afrikaanske bydrage oan kristlike refleksje in segen wurde foar de westerske wrâld. Bediako skriuwt:
Want de Afrikaanske ferdigening fan de teologyske betsjutting fan it Afrikaanske
oarspronklike leauwen – oannommen dat dy wearde hat – sil ek befêstigje dat de
Europeeske erfenis fan oarspronklike leauwe net sûnder betsjutting wie en wol
ferjitten wurde mocht as in primityf oerbliuwsel. De konfrontaasje fan kristendom
mei it Europeeske oarspronklik leauwen soe wolris wichtiger wêze kinne as it giet
om it ferstean fan it moderne westen dan men ea ûndersteld hat. Serieuze kristlik
teologyske ynteresse yn de Europeeske tradysje fan oarspronklik leauwen en yn de
jonge tsjerke, dy’t it resultaat wie fan de moeting mei dizze tradysjes, koe wolris
in nije mooglikheid wêze kinne om de kristlike identiteit ek fan it westen te ferstean
en dêrtroch nije mooglikheden biede kinne foar hjoeddeisk teologysk tinken.22
Dit stânpunt fan Bediako biedt nij ynsjoch yn de religieuze sitewaasjes fan Europa. En it koe bêst ris wier wêze dat it opkommen fan geastlike bewegings ús derfan bewust meitsje kin hoe ‘t de tsjerken nea each hân hawwe foar de tinkwrâld efter it oarspronklike leauwen fan Europa, sawol hjoed de dei as ek yn it ferline.
Mar der binne, wat dit oangiet, ek grutte fragen oan Bediako. Hat hy it mei dit oarspronklik leauwen in soarte fan oerreligy op it each, wêrop of wêrút de wrâld religy’s harren struktueren opbouwe? Bediako ûnderstelt dat Europa en Afrika in identike foar-kristlike erfenis hawwe.23 Kin men dat sa sizze? Is dat ea bewiisd? En al mocht it wier wêze dan is der noch altiten ien enoarm ferskil tusken Europa en Afrika dat nea oer de holle sjoen wurde mei: de grutte ûntsjerklikens en sekularisaasje yn Europa. En is it wol wier dat der in nauwe ferbining bestiet tusken oarspronklik leauwen en it kristendom? Is it net algemien bekend dat alle grutte wrâld religy’s, en net allinnich it kristendom, folle better slagje yn it bekearen fan oanhingers fan tradisjonele religy’s as oanhingers fan oare wrâld religy’s? Dizze fragen fertsjinje it om, yn Europa en Fryslân, djipgeand bestudearre te wurden.
Yn dit haadstik ha wy besocht út te finen of de oanpak fan Bediako ek fan betsjutting wêze kin foar de Fryske kontekst. Wy hoopje dat dúdlik wurden is dat dizze Afrikaanske fragen nei identiteit en nei de foar-kristlike tradysjes ek wichtich binne foar dyjinge dy’t neitinke wolle oer it Fryske kristendom en it ferline en takomst fan de Fryske tsjerken. Wy ha sels de frijmoedigens nommen om te sprekken fan in Fryske teology. Dat is in term dy’t noch net folle brûkt is yn Fryslân, mar yn it farwetter fan in Afrikaanske teology meie wy faaks sa frij wêze. De kategory identiteit sil dan ien fan de sintrale kategoryen wêze yn dizze, faaks lette, mar wis kommende Fryske teology.
1. Andrew F. Walls, ‘Africa and Christian Identity’, Mission Focus 6, no 7.
2. E. Bolaji Idowu, Towards an Indigenous Church (London: Oxford University Press, 1965).
3. Kwame Bediako, Jesus in African Culture: a Ghanaian perspective (Accra: Asempa publishers, 1990), 12
4. ‘Conversion to Christianity should be coupled with cultural continuity.’ E.W. Fasholé-Luke, ‘The quest for an African Christian Theology’, yn The Ecumenical Review, vol. 27, no.3, July 1975, 267-268.
5. ‘For theological memory is integral to identity; without memory we have no past, and having no past, our identity is lost…’ K. Bediako, Theology and Identity: The Impact of Culture upon Christian Thought in the Second Century and in Modern Africa (Oxford: Regnum Books, 1992), 237.
6. Engelbert Mveng, ‘Impoverishment and Liberation: A Theological Approach for Africa and the Third World.’ yn Rosino Gibellini, ed., Paths of African Theology (London: SCM Press, 1994), 156.
7. Bediako, Theology and Identity, 426 – 444.
8. Tinyiko Sam Maluleke, ‘In search of ‘The True Character of Christian Identity’: A review of the Theology of Kwame Bediako.’ Missionalia, Vol. 5., No. 2, 210-219.
9. Sjoch bygelyks foar mear ynformaasje oer de sindingsskiednis yn Europa:
Allerwegen no. 22: ‘Evangelie en cultuur in Friesland’, (Kampen: Uitgeverij Kok, 1996); Peter Brown, The Rise of Western Christendom: Triumph and Diversity AD 200-1000 (Oxford: Blackwell Publishers, 1996); Gerrit Noort, Germaanse Kultuur en Christianisatie van Noordwest Europa, (Utrecht/Leiden: IMMO, 1993); Anton Wessels, Kerstening en ontkerstening van Europa: wisselwerking tussen evangelie en cultuur (Baarn: Ten Have, 1994.); A.G. Weiler, Willibrords missie: Christendom en cultuur in de zevende en achtste eeuw (Hilversum: Gooi en Sticht, 1989).
10. R.R. Post, ‘De overgang van de Friezen tot het Christendom,’ sitearre yn S.J. van der Molen, Oorsprong en geschiedenis van de Friezen (Amsterdam/Brussel: Elsevier, 1981), 78.
11. K.H. Miskotte, Edda en Thora, een vergelijking van Germaansche en Israëlitische religie (Nijkerk: G.F. Callenbach N.V., 1939).
12. ‘De sindelingen brochten God net nei Afrika, mar God harren!’ J. Mbiti sitearre yn K. Bediako, Theology and Identity, 345.
13. Lamin Sanneh is in teoloog út de Gambia yn West-Afrika. Hy is no professor oan de universteit fan Yale yn de Feriene Steaten fan Amearika. Syn meast bekende boek is: Translating the Message: The Missionnary Impact on Culture (Maryknoll: Orbis Books, 1989).
14. Kwame Bediako, Christianity in Africa: The Renewal of a Non-Western Religion (Edinburgh: Edinburgh University Press/Maryknoll: Orbis Books, 1995), 110.
15. K. Bediako, Christianity in Africa, 213-214.
16. K. Bediako, Theology and Identity, 331.
17. K. Bediako, ‘The impact of the Bible in Africa’, Epiloque to Ype Schaaf, On their way rejoicing: The history and role of the Bible in Africa (Carlisle: The Paternoster Press/ Nairoibi: AACC, 1994), 247-248.
18. K. Bediako, Christianity in Africa, 213, 225.
19. K. Bediako, Ibid., 93-96. En K. Bediako, Jezus in de cultuur en geschiedenis van Afrika (Kampen: Uitgeverij Kok, 1999), 102-104.
20. K. Bediako, Christianity in Africa, 262.
21. Ibid., 261-262.
22. Ibid., 260.