In fergeliking tusken Fryslân en Kameroen (1999)
Taal is ien fan de gewoanste en wichtichste ûnderdielen fan ús minsklike bestean. Wy binne berne yn in bepaalde kontekst wêr’t ien of mear talen sprutsen wurde. Wy hawwe gjin kar en faaks dêrom is it meastentiids ek sa gewoan. Us memmetaal hawwe wy mei de memmetate ynsûge. Oare talen leare wy neffens dat wy dy nedich hawwe. Foar guon is it needsaaklik om oare talen te learen en te brûken, bygelyks foar harren dy’t in “lytse” taal as memmetaal hawwe. Foar oaren is it net sa wichtich oare talen te learen bygelyks omdat se yn in wrâldtaal as memmetaal hawwe. It is, wat dat oangiet, nochal ûngelyk ferdield op ierde. Yn Fryslân kinne wy net sûnder it Nederlânsk en ek al hast net mear sûnder it Ingelsk. Yn Kameroen libje de minsken altyd mei in moai mannich talen om harren hinne.
Taal mei dan in gewoan ûnderdiel wêze fan ús bestean, wichtich is it beslist ek. Wy kinne as minsken ús libben hast net tinke sûnder te praten, te lústerjen en te lêzen. Dat wy in memmetaal hawwe en talen brûke foar kommunikaasje makket ús ta minsken! Alle minsken en folken, fier yn it ferline en hjoed de dei, hawwe taal brûkt yn harren libben. Mar de wearde fan taal is mear as de gebrûkswearde. Taal foarmet ús tinken, dwaan en litten. In taal makket dat wy ús uterje kinne. Us memmetaal is wichtich foar ús (emosjonele) wolwêzen. Foaral yn ús memmetaal kinne wy ússels wêze. Taal jout ús ús identiteit en dermei is taal, op it hegere plan fan in gruttere groep, it fûnemint fan kultuer. Taal en kultuer binne foar ús minsken krekt as wetter dat is foar fisken.
It wrâldtalenstelsel omfiemt sawat 6000 talen. As wy sizze dat taal wichtich is foar ús minskwezen en ús identiteit, dan witte wy tagelyk ek dat taal in boarne is fan misbegryp en ferdieldheid fan de minskheid. Wy witte mar al te goed de gefaren fan etnyske identiteit, etnyske suvering, rasisme, kultuer ymperialisme ensfh. Wy binne, oan de iene kant, grutsk op ús taal en kultuer en freechje ús, oan de oare kant, ôf of it net better west wie as wy mei inoar ien gelikense taal hân hienen. Altyd al hawwe de minsken harren de holle brutsen mei de fraach wêrom der dochs safolle folken, kultueren en talen binne. Yn ̓e Bibel stiet al it ferneamde ferhaal fan de “Toer fan Babel” (Spraakbetizing fan Babel, Genesis 11: 1-9) wêryn de skriuwers neitinke oer de spraakbetizing tusken de folken, mar ek oer de fraach oft dizze spraakbetizing no as in straf sjoen wurde moat of dochs earder as in seine foar de minskheid.
Fansels is taal ek yn tsjerke tagelyk gewoan en wichtich. Yn dit haadstik wol ik besykje in fergeliking te meitsjen tusken it gebrûk fan taal yn tsjerke yn Fryslân en Kameroen. Der binne twa redenen om Fryslân en Kameroen te fergelykjen. De earste is dat der beide yn Fryslân en Kameroen in diskusje geande is oer it gebrûk en de funksje fan taal yn tsjerke. De twadde is dat ik sels yn Fryslân hikke en tein bin en no yn Kameroen wenje en hjir mei wille de situaasje bestudearje. Faaks falt der foar de Fryske tsjerken noch wat te learen fan de tsjerken yn Kameroen.
Taal en Tsjerke yn Fryslân.
As boeresoan fan it Fryske plattelân bin ik opgroeit mei de Fryske taal. Thús sprutsen wy fansels altyd Frysk. As bern libbe ik yn in mûnlinge kultuer. Wy hienen net in protte boeken yn de hûs. Doe’t ik wat âlder waard, liezen heit en mem wol Frysk, foaral boeken út de KFFB. Fierders hienen wy de Samle Fersen fan Fedde Schurer (1974) en yn dy tiid krigen wy ek de Fryske Bibel, wêr’t heit eltse dei nei iten út foarlies.
Fan lyts of oan wie it dúdlik dat it Nederlânsk de offisjele taal wie en it Frysk de gewoane. Op de beukerskoalle koene wy noch Frysk prate mar op de legere skoalle wie it as fanselssprekkend Nederlânsk. Ek de radio en televyzje makken dúdlik dat Frysk gjin offisjele taal wie. Mar foaral yn tsjerke wurde allinnich mar Nederlânsk brûkt. En foaral yn tsjerke, wêr’t it giet oer de heechste dingen fan it libben, waard dúdlik dat it Frysk net heech genôch wie. Wy lústeren nei de Nederlânske preek en nei de lêzingen út de Nederlânske Bibel. De dûmny bidde yn it Nederlânsk en wy sjongen Nederlânske lieten. Ik wit noch goed dat heit yn de tsjerkeried útlizze moast werom hy de ôfkundigingen, meastentiids dien foardat de offisjele tsjinst begûn, yn it Frysk die. Dat koe einliks net! Mar it wurde dochs talitten.
Gelokkich is der de leste tweintich jier in protte feroare. It Frysk hat hieltyd mear plak krigen yn Fryslân. Ien fan de grutste feroaringen hat west dat it Frysk in mear offisjele status krigen hat. It Frysk wurdt brûkt op ̓e radio, televyzje en yn̓e krante. En ek yn tsjerke! De Fryske Bibel is mear algemien wurden en it Lieteboek foar de tsjerken hat in tige wichtige stap west op wei nei Fryske tsjerketsjinsten. In Fryske tsjinst is gjin bysûnderheid mear. Elke snein binne der wol Fryske tsjinsten yn Fryslân (en sels bûten Fryslân yn inkele Fryske kriten).
Mar dochs kinne wy net sizze dat it Frysk de tsjerke bemastere hat. It hat inkeld in plakje bemachtige. Der binnen twa redens wêrom dit sa sein wurde kin. De earste is dat der hast noch gjin liturgysk materiaal beskikber is yn it Frysk, bygelyks gebeden, lieten en liturgyen. En as it wol beskikber is wurdt it net algemien brûkt. It measte materiaal is fertaald. In moai foarbyld is it “Lieteboek foar de Tsjerken”. It wie in put wurk om dat klear te krijen, mar it is hielendal in fertaling fan it Nederlânske “Liedboek voor de Kerken”. Der steane yn dit Fryske lieteboek lieten út de tsjerklike tradysje fan hiel Europa, mar net ien út Fryslân! Sels it iennichste liet deryn fan Fedde Schurer is in fertaald Nederlânsk liet! Allinnich wannear̓t der eigen materiaal makke en algemien brûkt wurde sil, sille wy sizze kinne dat it Frysk har plak fûn hat yn ̓e Fryske tsjerken.
De twadde reden wêrom wy sizze kinne dat it Frysk noch net in wier pak yn̓e tsjerken fûn hat, hat te krijen mei de frekwinsje dat der Fryske tsjinsten hâlden wurde. Faak is der jiers mar ien Fryske tsjinst yn in gemiente. Faak bin ik, doe’t ik dûmny yn Nederlân, bûten Fryslân wie, belle troch in gemeente yn Fryslân om “te preekjen”. Meastentiids wie de reaksje op myn antwurd: “Ik kom graach mar ik preekje yn Fryslân allinnich mar yn it Frysk”, in ferskrikte reaksje yn de trant fan: “Mar wy hawwe dit jier al in Fryske tsjinst han. Dit moat ik earst mei de tsjerkeried oerlizze”. De Fryske tsjerketsjinsten binnen noch tefolle in aardichheidsje! Se funksjonearje as de “ekskús-Truus” foar in serieuze diskusje oer it Frysk yn tsjerke. Allinnich wannear it Frysk gewoan en algemien brûkt wurde sil yn de Fryske tsjerken, kinne wy sizze dat it Frysk har plak fûn hat yn ̓e Fryske tsjerken.
Der binne no dus wol Fryske tsjinsten, mar wy binne noch fier fan in folslein en gewoan gebrûk fan it Frysk yn tsjerke ferwidere. Wêrom hawwe Friezen yn it algemien in dochs wat ûngemaklik gefoel by Frysk yn tsjerke? En wêrom is it foar de foarstanners dochs sa spesjaal? Wêrom is it eigenlik net sûnt altyd al gewoan om it Frysk te brûken? Dit hat fansels mei in hiel kompleks fan faktoaren te krijen en kin net samar yn in pear rigels beflapt wurde. Mar wy kinne wol wat sizze oer de histoaryske eftergrûn fan it net brûken fan it Frysk yn Tsjerke.
Wy meie oannimme dat ús foarfaars gewoan harren ferzje fan it Frysk brûkten yn harren Fryske tradisjonele religy. Tekenjend foar nei-oan alle tradisjonele religy’s wrâld wiid is it gebrûk fan de memmetaal. De Fryske haadman en de Fryske pryster sille sûnder mis it Frysk brûkt hawwe yn harren gebeden, rituelen en offers. En ek de gewoane minsken sille harren eigen taal brûkt hawwe yn de wijde plakken en yn harren gebeden oan de goaden. Doe’t it kristendom yn Fryslân earst ferkundige wurde, sille de sindelingen faaks besocht ha it Frysk te brûken. Mar wy witte in bar lyts bytsje fan de taal dy’t brûkt wurden is troch biskoppen as Willibrord (658-739), Bonifatius (680-754) en Liudger (742-809). Wol witte wy dat yn de (Roomsk Katolike) tsjerke it Latyn de tsjerketaal wie en dat de minsken meastentiids net ferstean koene wat der yn tsjerke sein wurde. It kin wêze dat foar de preek en kategisaasje it Frysk wol brûkt wurde mar dan moast de pryster wol sels fan Fryske ôfkomst wêze. Sa is yn de midsieuwen it Latyn de sintrale taal yn de Fryske tsjerken west. En net allinnich yn Fryslân fansels! De Roomsk Katolike Tsjerke hat it Latyn as tsjerketaal brûkt oant it Twadde Vatikaanske konsily ta (1961-1965).
Yn hiel West Europa wie it Latyn de wichtige tsjerketaal. Mar deryn kaam feroaring mei de reformaasje yn de sechtsjinde ieu. Ien fan de skaaimerken fan de reformaasje hat west dat de lânstalen yn tsjerke brûkt waarden. De protestanten protestearren ek tsjin it Latyn as tsjerketaal en begûnen harren eigen memmetaal te brûken. William Tyndale makke de earste Ingelske bibeloersetting yn 1535. Hy moete bittere tsjinstân en waard yn 1536 iepenbier terjochtsteld op de brânsteapel. Luther brûkte, nêst it Latyn, it Dútsk foar de bibeloersetting (Alde Testamint 1532) mar ek foar syn boeken, taspraken en preken. It wie dizze fûnemintele feroaring dy’t liede ta de ferneamde Bibeloersettingen út de santjinde ieu lyk as de “King James Bible” (1611) en “de Statenvertaling” (1637). Oersettingen fan de (hiele) Bibel fine wy in hast alle Europeeske talen yn dy tiid: Deensk (1550), Dútsk (1466), Ingelsk (1535), Hongaarsk (1590), Yslânsk (1584), Italiaansk (1471), Finsk (1642), Frânsk (1530), Nederlânsk (1522), Poalsk (1561), Spaansk (1553), Sweedsk (1541), Tsjechysk (1488).1
Wannear ik it jiertal dan jou fan de earste hiele Fryske oersetting (1943) dan wurdt dúdlik dat it Frysk dizze reformatoaryske boat mist hat. Ek al hat Fryslân in wiere herfoarmer opsmiten (Menne Simens út Penjum), yn Fryslân is de tsjerke oergien fan it Latyn op it Nederlânsk (Nederdútsk). Dat hat te krijen hân mei de politike ûntwikkelingen yn dy tiid. De Fryske frijheid kaam ta syn definitive ein yn 1498, doe’t Fryslân oergong yn de hannen fan Albrecht fan Saksen. Dat betsjutte de ein fan it Frysk as offisjele taal. Krekt foar de fûnemintele feroaringen fan de sechtsjinde ieu wie it Frysk syn offisjele status as lânstaal kwytrekke. Blykber wie der yn de Fryske tsjerken doe gjin oandriuw (of macht?) foar in Fryske bibeloersetting. De Nederdútske Bibel waard ûnder it folk brocht.2
Dermei wie in histoaryske kâns fersitten om it leauwen wer, as yn de tiid foar it Kristendom, yn eigen taal te uterjen. En sa hat it fjouwer ieuwen duorre foardat de Bibel yn it Frysk beskikber wie en der praten wurde oer Frysk yn tsjerke. It is net frjemd dat dit tige nuver klonk yn de earen fan de leauwigen. It Frysk wie ommers noch nea yn tsjerke brûkt. It ûngemaklike gefoel by Frysk yn tsjerke en it latinte ferset dertsjin kin op dizze wize faaks begrepen wurde: wy hawwe noch fjouwer ieuwen yn te heljen. Of better: wy moasten noch fan it begjin of oan begjinne.
Taal en Tsjerke yn Kameroen
Ien fan de earste dingen dy’t opfalle op it Presbyteriaanske Teologyske Seminaarje is it grutte ferskaat oan talen en it gemak wêrmei oerskeakele wurd fan de iene taal op de oare. Wy wenje op in kampus mei sawat 125 minsken. De studinten komme út alle hoeken en hernen fan West-Kameroen. Fan de 60 studinten binne der hieltyd mar in pear dy’t krekt deselde stam-eftergrûn hawwe. It ferskaat oan memmetalen is grut en hieltyd wer hearre wy in mem of heit wer in oare “nuvere” taal tsjin harren bern brûken. Dat betsjut dat der in grut belang is oan in ienheidstaal. En dy binne der ek, nammentlik it Ingelsk en Pidgin. Pidgin is in taal dy’t ûntstien is troch it mingen fan Ingelsk en lokale talen en is aardich oars as it Ingelsk! Fierders is der fansels ek it Frânsk, dat de sintrale koloniale taal is yn Kameroen. Sa wurdt der in hiel ferskaat oan talen brûkt troch in beheinde groep fan sawat 125 minsken. Dat wy, as gesin, der nochris twa talen bylizze, it Frysk en Nederlânsk, is amper de muoite fan it neammen wurdich. Wol is it foar ús de muoite wurdich dat de minsken it hjirre net nuver fine dat wy, myn frou en ik, Frysk prate wylst ús bern Nederlânsk prate. Dat is hjir net ûngewoan, mar yn Nederlân of Fryslân moatte wy dat altyd útlizze of sels ferantwurdzje!
Der binne yn Kameroen sawat 200 talen. En dan ha wy it noch net oer in grut oantal dialekten, dy’t meastal net meiteld wurde. Myn Kameroenske kollega’s sizze dat de toer fan Babel yn Kameroen stien hat. Safolle talen op in gebiet dat trettjin kear sa grut is as Nederlân! Yn dat ferskaat oan talen wienen de koloniale talen tige wolkom en krigen, krekt as yn oare parten fan Afrika, de funksje fan ienheidstaal. Earst wie dat it Dútsk, wylst Kameroen in Dútske koloanje wie sûnt 1884. Nei de earste wrâldkriich rakke Dútslân har koloanjes kwyt en waard Kameroen patte tusken Ingelân en Frankryk. Sa waard it Ingelsk de koloniale taal yn West-Kameroen en it Frânsk yn de rest fan Kameroen.
De Presbyteriaanske Tsjerke yn Kameroen (PCC)3 is fuortkommen út it sindingswurk fan de Baseler Sinding. De tsjerke, dy’t ûnôfhinklik waard yn 1957, is foaral aktyf yn West Kameroen, it eardere Brits Kameroen, en hat in sterk anglofoan karakter.
De earste Baseler Sindelingen kamen oan yn Kameroen (Douala) yn 1886 en troffen it wurk oan fan har foargongers, baptiste sindelingen dy’t der wurke hienen sûnt 1844. De Baseler sindelingen troffen ek in folsleine oersetting fan de Bibel yn it Duala oan. Dy oersetting wie makke troch de Brit Alfred Saker en waard printe yn 1872! De sindelingen gongen troch yn itselde spoar en besiken it evangeelje te ferkûndigjen yn de lânseigen talen. It Duala waard de sintrale taal yn it súdlike sindingsgebiet wylst it Mungaka dat waard yn it noardlike gebiet.4 Hast alle tsjerketsjinsten en oare aktiviteiten waarden hâlden yn dizze talen.5 Wer nedich waard oersetten yn it Pidgin, Ingelsk en oare lânseigen talen. Faak waard de preek sels yn mear dan ien of twa lânseigen talen oerset.6 It Duala lieteboek mei 160 lieten kaam út yn 1893. It Mungaka Nije Testamint kaam klear yn 1931 (hiele Bibel yn 1961) en it Mungaka lieteboek yn 1939. Ek waarden der in protte skoallen iepene troch de Baseler Sinding en de lânseigen talen waarden brûkt foar it lesjaan. De Dútske regearing (en letter de Britse) wie alhiel net gelokkich mei dizze taalpolityk fan de Baseler Sinding en easke dat it Dútsk (Ingelsk) de sintrale taal wurde soe op dizze skoallen. Mar de taalpolityk fan de Baseler Sinding bleau bestean! Ek nei de ûnôfhinklikens fan de PCC bleau de polityk bestean om te evangeelje sa ticht as mooglik by de minsken te bringen. Yn harren eigen talen dus.
Hjirmei wurdt dúdlik dat de Kameroenske talen fan it earste begjin ôf oan brûkt binne. Mar dat ymplisearret ek dat der fan it begjin ôf oan ûnderling ek aardich wat ferskaat west hat yn de tsjerke. Der wie gjin unifoarme liturgy, der wienen gjin fêste tradysjes en in protte talen yn gebrûk. En dat is no krekt ien fan de grutte soargen fan de tsjinwurdige lieders fan de PCC. Troch dit ferskaat like ik wol as wie der mear as ien tsjerke, bygelyks yn it suden in Duala-tsjerke en yn it noarden in Mungaka-tsjerke. Fierders binne de lieders fan de PCC spoekbenaud foar oare selsstannige etnyske ûntjouwingen. Der wurdt alles oan dien om fan de tsjerke in ienheid te meitsjen troch in sterk sintralistyk en unifoarm bestjoer. Etnyske identiteit wurdt net stimulearre en oan de leauwigen wurdt út en troch dúdlik makke dat de tsjerke in ienheid foarmet, mei ien werkenber gesicht en tradysje. De studinten wurde bygelyks nei harren stúdzje noait nei harren eigen folk stjoerd. Allinnich oan de ein fan harren loopbaan kinne se stasjonearre wurde yn harren eigen oarspronklike regio.
Dit belied hat fansels syn wjerslach op it gebrûk fan talen yn de PCC. Mear en mear is der klam kommen te lizzen op it Ingelsk yn de liturgy. En fierders is it Pidgin in útkomst wylst it in taal is dy’t, neist it Ingelsk, rûnom brûkt wurdt yn it hiele gebiet fan de PCC. Klam op it Ingelsk is foaral oanwakkere neidat de tsjerke in eigen offisjele Ingelsktalige liturgy, foar hiel de tsjerke (!), ynfierd hat yn de tachtiger jierren. Dit betsjut dat hjoed de dei de liturgy yn hast eltse gemeente yn it Ingelsk dien wurd. Fan út de begjin situaasje fan de PCC is dit belied faaks wol te begripen, ek al kinne wy ús ôffreegje oft dit no de goede wei is op de lange doer.
Mar it is net sa dat der hjoed de dei gjin ferskaat oan taal mear is yn de PCC. Oeral wêr’t wy oant no ta west binne ha wy in ferskaat oan talen heard en in grutte frijmoedigens bemurken yn it brûken fan mear as ien taal yn ien tsjerketsjinst. De liturgy is yndied meastal yn it Ingelsk. Mar dan begjint it pas. De ôfkundigingen wurde meastentiids dien yn de taal dy’t it tichtste leit by de minsken. Foar de bibellêzingen wurd faak mear as ien taal brûkt, ek wer ôfhinklik fan de gearstalling fan ʼe gemeente. Yn in stedsgemeente wurdt bygelyks faak ek ien fan de lêzingen yn it Frânsk dien, mar op it plattelân hat dat gjin doel. De preek wurdt hast altyd yn it Pidgin dien. Ik ha hjir hast noch gjin preek heard yn it Ingelsk. Fierders kin de preek oerset wurde yn oare talen troch in oersetter. En dan binne der noch de lieten. Faak wurdt ien liet yn mear talen tagelyk sjongt. De dûmny neamt dan de nummers fan it liet yn it Ingelske, Duala en Mungaka lieteboek. Ek binne der yn protte gemeenten meardere koaren dy’t sjonge yn har eigen taal: Pidgin, Ingelsk, Duala en Mungaka en oare lânseigen talen. Sa kin men yn ien tsjerketsjinst in ferskaat oan talen hearre.
Konklúzje
Wy meie konkludearje dat der in nochal grut ferskil bestiet tusken Fryslân en Kameroen wat “taal en tsjerke” oangiet. It liket wol as binne de tsjerken yn Fryslân en Kameroen elts oan in oare kant begûn. Yn Fryslân is de lânseigen taal folslein net brûkt en hat alle klam lein op de ienheid mei de tsjerke yn oare dielen fan Nederlân. Tolvehûndert jier nei’t de Friezen it kristendom akseptearre ha, prate wy noch oer de fraach oft it Frysk yn tsjerke wol kin! Yn Kameroen binne de lânseigen talen fan it begjin ôf oan brûkt, mei in Duala-Bibel al yn 1872, en besteane der soargen oer in te grut ferskaat, sadat men no in protte klam leit op mear ienheid.
Faaks binnen dat krekt de twa kanten dy’t yn de diskusje meispylje. Oan de iene kant is der de eigen taal, kultuer en identiteit. Dat kinne wy de side neame fan de partikulariteit Oan de oare kant is der it belang fan ienheid, fan minsken mei elkoar en net allinnich de eigen groep, fan it net útsluten wurde. Dat is de side fan de universaliteit. Altyd beweecht de diskusje har tusken dizze twa poalen fan partikuliere identiteit en universele ienichheid. Wy moatte dizze twa kanten altyd goed yn it each hâlde. Sa gau ien fan de twa fergetten wurdt rinne wy gefaar. Ik bin net foar in iensidige klam op (Fryske) partikulariteit. Derfoar binne de gefaren fan útsluting en etnyske grutskens (ethnic pride) te grut. Mar ik bin ek tsjin in te iensidige klam op universaliteit wêrby it eigene folslein fergetten wurd. Yn in situaasje fan skamte oer de eigen taal en kultuer, dy’t wy sa lang yn Fryslân hân ha, jou ik mear foar de side fan de partikulariteit.
Ik bin fan betinken dat wy in protte leare kinne fan de maklike en frije omgong mei talen yn de tsjerken hjir yn Kameroen. Wy, yn Fryslân, binne faak sa krekt en iensidich. In “gewoane” tsjerketsjinst giet yn it Nederlânsk, allinnich mar yn it Nederlânsk. En in Fryske tsjinst moat yn it Frysk, allinnich mar geef Frysk! It soe in stap foarút wêze om wat minder krekt te wezen en wat frijmoediger mei taal om te gean. Om wat mear ferskaat ta hawwen yn ien en deselde tsjerketsjinst. Ik bin net tsjin it Nederlânsk yn tsjerke, mar ik bin foar it Frysk yn tsjerke. En foar myn part ek noch wat oare talen as dat sa útkomt. It is goed om oare minsken, dy’t net Frysk binne, yn ʼe mjitte te kommen. Sa soe it goed wêze om yn guon gemeenten yn ʼe simmer wat Dútsk te brûken. Wêrom net? Wêrom net de preek yn it Frysk en de liturgy yn it Nederlânsk of oarsom? Wêrom net in grutter ferskaat oan lieten? Dat soe in bettere ôfspegeling wêze fan it gewoane libben yn Fryslân. Fan de tsjerken yn Kameroen kinne wy leare dat it mooglik is om frijmoedich mei taal om te gean yn tsjerke. It hoecht, tusken de talen, net altyd om “of-of” te gean mar it mei in “en-en” wêze. Wy kinnen in ferskaat oan talen brûke gewoanwei omdat dat ek sa giet yn ús deistich libben.
It ferskaat oan taal en kultuer, yn de wrâld en yn de tsjerke, kin by ferkeard gebrûk útrinne op etnyske grutskens, rasisme en útsluting. Dan is it krekt as is it kulturele ferskaat in straf foar de minskheid. Mar by goed en ynklusyf gebrûk mei it wêze en útgroeie ta in seine foar minsken en folken.
Noaten:
1. L. Sanneh, Translating the Message: The Missionary Impact on Culture. (Maryknoll: Orbis Books, 1989), Appendix C: “First complete printed Bibles in languages”, 246-249.
2. S.J. van der Molen, Oorsprong en geschiedenis van de Friezen. (Amsterdam/Brussel: Elsevier, 1981), 155.
3. Presbyterian Church in Cameroon.
4. It eardere Brits Kameroen bestiet út twa ferskate regio’s. It suden is kustgebied en foar it grutste part tropysk reinwâld. It noardlike gebiet leit heger en wurdt “Grasslands” (Gerslân) neamd. It is in minder waarm en minder fochtich heuvelgebiet. Hjoed foarmje dizze regio’s respektivelik de Súdwestlike en Noardwestlike provinsje fan de “Republic du Cameroun”.
5. Sjoch foar mear ynformaasje oer de skiednis fan de Presbyteriaanske Tsjerke yn Kameroen: W. Keller, The History of the Presbyterian Church in West Cameroon. (Victoria: Presbook, 1969).
6. Ibid., 107.