Ynlieding[1] (2008)
Yn it jier 563 kaam de Ierske muonts Colomba oan lân op it lytse eilân Iona, dat foar de Skotske westkust leit. Mei tolve oare bruorren boude er op dat rûge eilân, fier fan ’e bewenne wrâld, in kleastermienskip op. It wiene muontsen neffens de Keltysk-kristlike tradysje. Oars as rûnom yn West Europa, dêr’t it kristendom sterk troch de Romeinske kultuer beynfloede wie, droech it Keltyske kristendom de skaaimerken fan de Keltyske kultuer: Keltyske kristenen stiene ticht by de natuer en muontsen en misjonarissen fersmieten of lytsachten de ynlânske taal en kultuer net. De Keltyske tsjerke hie gjin strikt hiërargyske struktuer mar wie organisearre om kleasters hinne. De spiritualiteit fan misjonêre pelgrimaazje (it ferlitten fan hûs en hiem om Kristus’ wil) foarme de heechste tree fan geastlik libben.
Dy aparte Keltysk-kristlike kultuer koe it ieuwen letter net hâlde doe’t de (universele) tsjerke fan Rome fan it Europeeske kontinint ôf opkaam. It kleaster op Iona kaam yn de trettjinde ieu yn hannen fan de Benediktinen. Dy bouden it yn de lette midsieuwen út ta in ymposant kompleks. De muontsen libben binnen de muorren fan de abdij neffens de regel fan Benedictus. In pear ieuwen dêrnei makke de Skotske Reformaasje lykwols in ein oan it kleasterlibben op Iona. De Iona-abdij waard ferlitten en rekke yn ferfal. Oant it begjin fan de tweintichste ieu bleau it in ruïne.
It begjin yn Glasgow
Yn 1930 waard George MacLeod predikant yn in arbeiderswyk yn Glasgow. It wie yn de tiid fan de grutte ekonomyske depresje. Rûnom wie wurkleazens. Fansels ek yn de wyk fan ds. MacLeod. Hy wie ferbjustere doe’t er fernaam dat de tsjerke gewoan trochgie mei it ferkundigjen fan it ‘geastlik’ boadskip sûnder har om it lot fan de minsken yn ’e werklikheid fan aldendei te bekroadzjen. Hy wie ûntdien doe’t er de grutte tsjinstelling seach tusken snein en moandei, tsjerke en wrâld, geastlik en materieel. Dêrom dat syn gemeente út ein sette mei projekten ta stipe fan earmen en wurkleazen.
Ds. MacLeod hie in protte arbeiders en hantwurkslju yn de wyk. Dy rûnen wurkleas om en fersuteren mei-inoar. Op dat stuit kaam er mei it idee om de ruïne fan de abdij fan Iona, dy’t sûnt it begjin fan de tweintichste ieu yn hannen fan de Tsjerke fan Skotlân wie, op ’e nij op te bouwen. En dat is yndie bard! Fansels is it ferhaal folle langer, yngewikkelder en kleuriger as hjir no sa efkes sketst wurde kin. Mar fan 1938 ôf is sa’n tritich jier oan de restauraasje fan it abdijkompleks boud. It waard dien troch arbeiders yn oparbeidzjen mei teologystudinten (dy’t it echte libben kennen leare moasten!) ûnder lieding fan ds. MacLeod. Hy soarge foar de finansiering. Al wie er pasifist, hy helle it bytiden by de baronnen fan de wapenyndustry wei!
Iona Community
Nei dy rite fan bou en opbou moast de Iona-mienskip, dy’t sa stadich om de abdij hinne ûnstien wie, beslute oer ‘hoe no fierder’. De belutsenen woenen net in religieuze mienskip yn ôfsûndering fan de wrâld foarmje. Se wienen (en binne) fan betinken dat it evangeelje hannen en fuotten krije moat op it plak dêr’t minsken yn ’e wrâld libje. Lang om let giet it dochs oer ‘Lit jo Keninkryk komme en jo wil dien wurde op ierde likegoed as yn ’e himel’ (Mattéus 6:10). Minsken kinne dêrom lid wurde fan de Iona-mienskip en libje neffens de regels dêrfan op harren eigen plak! Sa foarmje se in (kleaster)mienskip, dy’t stuolket op protestantske grûnslach. De Iona-abdij foarmet foar de leden in soarte fan thús dêr’t se geregeldwei weromkomme. Se binne om samar te sizzen ferbûn mei Iona as mei in spirituele nâlestring.
Sûnt de Iona-abdij ôfboud is, stiet dy ek foar besikers iepen. Fan rûnom oer de wrâld komme der alderhanne gasten en pylgers op ta: minsken dy’t sykje nei rêst en ferstiljen, dy’t op azem komme wolle, dy’t nije ynspiraasje opdwaan wolle; dy’t ôfstân nimme wolle of moatte fan thús; guon dy’t hielens brek binne of dy’t liturgyske fernijing ûnderfine wolle, en lju dy’t lekker (Iona-)lieten meisjonge wolle; lju dy’t genietsje wolle fan de mienskip of dy’t graach kuierje meie. Foar de measte gasten sil it in kombinaasje fan dy motiven wêze. Hoe’t it ek wêze mei, eltsenien dy’t de relatyf lange reis nei Iona ûndernimt, moat ferplichte syn hastigens ôflizze. De reis mei trein, fearboat en bus jout jin wier it gefoel te reizgjen ‘oan ierdryks einen ta’ (Hannelingen 1:8). Ienkear op it eilân sels is men oerlevere oan de eleminten fan waar en wyn, oan de stiltme, oan de keale lânsdouwe. Alle hûlen falle dêr fan jin ôf. Dêr kin men net mear weikrûpe foar de realiteit fan it libben sels, foar de djipte fan jins siel. De regelmjittigens fan it abdijlibben (mei tsjinsten om 9.00 oere moarns en jûns) konfrontearret jin hoe dan ek mei jins libben, mei jins leauwen. Hjir wurdt men stil foar God.
Berch op en berch ôf
In reis nei Iona ta en it útfanhûs wêzen op it hillige eilân, is bysûnder: om de lizzing en de natuer fan Iona, om de minsken dy’t men dêr treft en om de spiritualiteit yn de abdij. Foar guon is it in religieuze topûnderfining. Se fiele har ferbûn mei de natuer, mei de minsken, mei God en mei harsels. En al gau kin men tinke: hjir soe ik wol bliuwe wolle, hjir kin ik myn tintsje wol opsette, hjir kin myn libbenstocht, myn pylgertocht wol ta in ein komme, hjir fiel ik my ferbûn mei de oarsprong fan it bestean, hjir stiet myn libben yn it folle ljocht.
It is dan hast krekt as yn it ferhaal fan de ferhearliking op de berch (Mattéus 17:1-13). Petrus wol dan ek de religieuze topûnderfining fêsthâlde en tinten opsette boppe op de berch. Hy wol leafst net werom nei de drokte en swierrichheden fan de hurde wrâld. Mar Jezus nimt him mei werom nei ûnderen ta, nei de hurde werklikheid, nei it plak dêr’t it evangeelje hannen en fuotten krije moat. Berch op en berch ôf.
It gefaar fan plakken lykas Iona is dat it hillige plakken wurde, beafeartsoarden dêr’t leauwigen in religieuze ‘kick’ fan krije. Op himsels is dat moai. It risiko bestiet lykwols dat der in soarte fan religieus toerisme ûntstiet dêr’t guon, benammen rike en privilezjearre minsken, ris noflik bytaapje en ferromme sykhelje kinne. En dat sokken, as se yn harren deistich libben weromkomme, gjin part hawwe (wolle) oan ’e striid foar it keninkryk mei alle hurde ûnderfiningen en wjeraksel dy’t dêr by hearre
Kathy Galloway, de hjoeddeiske lieder fan de Iona-mienskip, utere dêr har soarch oer yn 2005: ‘Bytiden tinke wy wolris dat de abdij fan Iona earder in tûkelteam as in foardiel foarmet foar ús mienskip. Gauris wolle minsken stommegraach nei it prachtige Iona, mar wolle se neat hearre fan de striid dy’t de Iona-mienskip fiert yn de efterôfbuerten fan Glasgow; meitsje se leaver net de hannen smoarch oan de striid foar frede en gerjochtichheid, tsjin rasisme, foar in minsklik asylbelied, by it oan ’e kaak stellen fan de wrâldekonomy, of by it fersoargjen fan aidspasjinten.’
Kathy Galloway wit lykwols tagelyk, as gjin oar, hoe wichtich oft it is en haw in hillich plak. In plak dêr’t jo ferromme sykhelje en hielje kinne, in plak fan gebed en liturgy, fan rûge skientme. Ek sy wit fansels dat leauwigen harren, lykas Jezus, geregeldwei efkes weromlûke moatte om kontakt mei harsels en mei God te krijen; om op azem te kommen, te hieljen, op ’e nij in ‘commitment’ te meitsjen en om har ropping te befêstigjen. Mar it giet altyd oer ‘hinne en werom’, ‘nei binnen en nei bûten’, ‘gebed en aksje’, ‘religieuze topûnderfining en hurde werklikheid’, ‘berch op en berch ôf’.
Werom nei hûs ta
By de lju dy’t sels nei Iona en Glasgow reizgen, en likegoed by harren dy’t troch it materiaal dat dêrwei komt rekke binne, komt de fraach op nei wat sa’n projekt betsjutte kin foar it eigen lân en de eigen kontekst. Iona is fansels prachtich mar wy wenje no ienkear hjir! In soad minsken sille dêr nea hinne reizgje kinne, om’t se it net oan tiid hawwe. Soks kostet ek nochal wat, en dan is der ek de taalbarriêre. En Iona is fansels ek net hilliger as Fryslân. Soks soe ommers spirituele healwizens wêze. Wy hoege wier net fier om utens te reizgjen om ússels of om God te moetsjen. ‘Fan de Heare is de (hiele) ierde mei al wat derop is.’ (Psalm 24:1
De fraach nei wat de Iona-community betsjutte kin foar Fryslân, is net samar efkes te beänderjen. In mienskip mei in prachtige abdij, in soarte fan Frysk Kleaster, soe fansels geweldich wêze. Mar dat lit him net samar organisearje. Yn alle gefallen is it wichtich om te konstatearjen dat der in ynspirearjende wurking fan de Iona-mienskip útgiet. De typyske kombinaasje fan persoanlike frommens en maatskiplik engaazjemint hat in soad minsken rekke. Dat uteret him benammen yn de lieten dy’t út Glasgow en Iona komme. Troch it oersetten en brûken dêrfan kin de spiritualiteit fan de Iona-mienskip betsjutting krije yn ús eigen omkriten.
Lieten út Glasgow en Iona
De lieten dêr’t it hjir om giet binne foar it grutste part net ûntstien op stille en rêstige plakken lykas Iona, mar yn situaasjes fan striid foar frede en gerjochtichheid yn de suterige binnenstêd fan Glasgow. Leden fan de Iona mienskip hienen foar har jongereinprogramma ferlet fan lieten dy’t better pasten by dy kontekst. Sa ûntstie om minsken as John Bell en Graham Maule hinne de Wild Goose Resource Group (WGRG, de Wylde goes materiaalgroep). Yn dy groep, sûnder heech-liturgysk en -teologyske pretinsjes, binne de lieten skreaun en hifke. En hieltyd binne se ek brûkt yn de abdij fan Iona. Yn de rin fan de lêste tritich jier is der sa in ferskaat oan bondels publisearre.
Yn dizze Fryske bondel ‘Wylde goes’ (de wylde goes is in âld Keltysk symboal foar de hillige Geast; sjoch ek liet nûmer 30 ‘Sy sit as in fûgel’) is in beheind tal lieten oerset. De redaksje hat lieten útsocht dy’t mei-inoar de kombinaasje fan persoanlike frommens en maatskiplike aksje sjen litte (dus berch op en berch ôf). It iene liet is mear persoanlik, it oare mear polityk-maatskiplik. Mar dy twa nivo’s hawwe altyd yntrinsyk mei-elkoar te krijen. In liet as nûmer 51 is in gefoelich, persoanlik liet. It lit sjen hoe’t wy God bidde kinne om akseptaasje – om fan dy akseptaasje út (letter) groeie te kinnen ta in nije minske, ta in nije skepping.
Nim my, nim my sa’t ik bin;
wiis my hoe’t ik wêze sil;
set jo segel op myn hert
en libje yn my.
Oare lieten geane mear oer it polityk en maatskiplik stribjen nei frede, gerjochtichheid en hielens fan de skepping. Yn nûmer 13 komt ta utering dat Jezus oan de kant fan de earmen stiet, fan minsken dy’t skoudere wurde, fan frjemdlingen, iensumen en misbrûkten.
Hiel dizze ierde heart Kristus ta;
dy’t by Him heart moat ús omtinken ha.
Kristus ropt ús om syn wegen te gean
en Hy hjit ús noed foar ús neiste te stean.
Refrein
Kristus wiist ferdwaalden ’t paad,
nimt op ’e earm wa’t skoudere waard.
Foar elk dy’t skriemt yn pine of wee
hat Hy, ek troch ús, in treastend stee.
Mar úteinlik giet it yn de Iona-lieten hiel faak om de persoanlike ynset, de eigen posysje tusken frommens en engaazjemint yn. Dat komt nei foarren yn ferskate lieten yn dizze bondel dy’t geane oer ‘commitment’ en ropping. Yn it moarnsliet ‘Hjoed ier yn ’e moarn’ (nûmer 14) hat John Bell dat sa ferwurde:
Hjoed kom ik oerein
en Kristus is njonken my.
Hy komt troch de nacht
en struit rûnom ljocht.
Hy libbet wiswier
en winkt dy’t Him folgje
ta hielens en hoop,
ta striid foar it rjocht.
Yn de tradysje fan it Keltyske kristendom hawwe in soad lieten út de Iona-mienskip by eintsjebeslút ek te meitsjen mei Gods tichteby wêzen en syn seine. God is net fier fuort, mar wurdt yn alle ienfâld ûnderfûn as tichteby. Yn dizze bondel komt soks ferskate kearen werom. Ien kear ek yn in liet út Guatemala (nûmer 37). Dat liet liket in soad op in Keltyske seinbea. Yn de Ingelske oersetting past dat goed by de situaasje fan Iona, midden yn de oseaan. Mar doe’t wy as redaksje dwaande wienen mei de oersetting woe it mar net goed slagje. It liet bringt Gods frede yn ferbân mei de natuerlike geografy, foaral de grutte rivieren en oseanen. Wy ha yn Fryslân fansels wetter genôch, mar oars. In letterlike oersetting paste nei ús gefoel net yn Fryslân. Dêrom ha wy it net oerset mar ferfryske:
De frede fan ’e greiden wês oer dy,
de frede fan mar en lân;
de frede fan ’e loften wês oer dy,
de frede fan waad en strân.
Djippe frede mei komme oer dy.
Mei Gods frede no groeie yn dy.
Wy hoopje dat dizze lieten út Glasgow en Iona Fryslân (en Nederlân as gehiel) ta seine wêze meie. Wy hienen de lieten fansels ek nèt oersette kinnen. Wy kinne ús ommers wol oanpasse oan de Ingelske taal. In soad minsken fine dat ek wol ‘modern’. Mar yn de Iona-mienskip wol men graach woartelje yn de eigen tradysje en kultuer: de Keltysk-kristlike tradysje. Op deselde wize wolle wy dêrom woartelje yn ús eigen taal en kultuer. Wy wolle ‘Iona’ net neidwaan, mar oersette nei ús eigen kontekst.
Pinkster 2008
[1] Dizze ynlieding is skreaun foar de bondel Wylde goes. Lieten út Glasgow en Iona, (KFFB, 2008) in bondel mei sa’n 50 yn it Frysk oersetten lieten út de Iona community yn Skotlân. De bondel jout de folsleine muzyk- en koarsettingen, de Ingelske teksten en ek de measte Hollânsktalige oersettingen.