Langstme

ûnwaar boppe de petgatten

ûnwaar boppe de petgatten

Yn de skriuwersarke fan Rink van der Velde ha ik in pear wiken ‘tuskentroch’ waar hân. It wie net waarm en it wie net kâld; it reinde sa no en dan ferheftich, mar meastentiids wie it droech; it waaide oerdei, mar jûns kaam ‘it lûd fan in lichte koelte’. Mar no ynienen is it waar omslein en hawwe wy in pear hiele waarme dagen. Juster wie in skitterjende sinneskyndei fan 30 graden. Bûten sitten oant djip yn de nacht, de toerswellen gierjend oer de  holle gean litten, in jûn swier fan hast oan te reitsjen yntimiteit.

Hjoed is it slim simmer. It is near en dompich. It docht my weromtinken oan de jierren dat wy op de evener wennen yn Kameroen. Dêr wie it hast altyd sok waar: it waar fan swit, fan skimmel en fan ûnferfolle langstme. De ôfrûne wiken wienen goed foar it skriuwen en lêzen. Mar hjoed is alles klam, myn ferstân wurdt sjerpich, myn geast doarmet om. De feranda noeget út om te sitten, te stoareagjen, te fierkjen oant de kimen ta. Langstme en melangoly fjochtsje om it earste plak. Ik dream fan in wrâld sûnder ivich geweld en ûnrjocht, fan in libben yn harmony mei de skepping, fan in tsjerke dy’t út de bân springt, fan yngewikkelde relaasjes dy’t einliks har gerak krije, fan myn djipste ferlangens dy’t wurden te boppe geane. Ik bin hjir net thús, wol hjir net thús wêze. Mar ik begroetsje wat ik fan fierrens sjoch. It waar slacht om. De taseine tongerbuien komme mei krêft. Myn tinzen wurde ôfkuolle troch de rein, ferwaaid troch de hurde wyn. Ik fjochtsje dertsjin. Ik wrakselje om myn eigen sochte melangoly en iensumens noch efkes fêst te hâlden, my noch efkes te wuoljen yn selsmeilijen. Mar de tonger en it wjerljocht binne sterker. Ik huverje wannear’t ik de arke yn flechtsje wylst it binnen noch hieltyd mear as 30 graden is. Dy nachts driuw ik myn bêd út en dwylje ik yn stoarmich waar oer in lânskip mei petgatten fol fan leafde en langstme.

28 juny 2011