Nijkleaster brief 2011

De stichting Nijkleaster heeft de hieronderstaande brief gestuurd aan vrienden, donateurs en belangstellenden. U kunt zich aanmelden als vriend of donateur voor resp. € 100 of € 25 per jaar. Met ingang van 1 januari 2011 heeft Nijkleaster de ANBI status (Algemeen Nut Beogende Instelling). U kunt uw gift daarom aftrekken van de belasting. Banknummer 29.45.10.125, Stifting Nijkleaster te Wirdum.

It is dit jier wol moai om in
fergeliking te meitsjen tusken it
iepenloftspul fan Jorwert ‘Bohemia’
en Nijkleaster. Sa’t Bohemia in plak
foar keunstners is om ta harsels te kommen,
sa wurdt Nijkleaster in plak foar libbenskeunstners
om ta harren sels, en oaren en oan God ta te kommen …
Of better, om God oan ús takomme te litten.’

út de preek: ‘Oant sjen ûnder de parrebeam’
(Kleastersnein, 9 oktober 2011 te Jorwert)

(Lees hier verder voor de Fries- en Nederlandstalige brief)

 

 

 

Wurdum, 21 novimber 2011 (Fryske brief)

Achte freon, stiper en belangstellende.

Graach wolle wy jo ynformearje oer de ûntwikkelings omtrint Nijkleaster. Sûnt it earste begjin fan de plannen, no al mear as 4 jier ferlyn, en sûnt de oprjochting fan de stifting en it bestjoer yn 2009, binne wy hast oan konkrete stappen ta.
Dit jier is der serieus oerlis op gong kommen tusken trije partijen dy’t fierder wolle mei it projekt Nijkleaster. Neist ús eigen stifting binne dat de Prot. Gemeente Westerwert (Bears, Jellum, Jorwert en Weidum) en de ôfdieling Missionair Werk en Kerkgroei fan de lanlike PKN tsjerke. Wy wurkje op it stuit oan in projektplan foar in ‘Pioniersplek Nijkleaster’ en in bypassend stappeplan foar de sân jier. Wy hoopje mei gauwens bekend meitsje te kinnen wannear’t wy los sille.
Yn dat plan sil der in pionier-predikant komme dy’t de earste trije jier yn tsjinst is fan de lanlike tsjerke en detasearre wurdt yn de gemeente Westerwert. Tagelyk sil der in wurker yn dieltiid oansteld wurde om te netwurkjen en fûnsen te sykjen. Der sil in permanint oerlis bestean bliuwe tusken de trije partijen, de wurkers en de frijwilligers.

Oant no ta hawwe wy spitigernôch gjin finânsjes om in (kleaster)gebou oan te keapjen of del te setten. Dat moat mei de tiid komme. Wy wolle lytsskalich begjinne mei de fasiliteiten dy’t der binne yn Westerwert, om te begjinnen de tsjerke fan Jorwert. Dat sil betsjutte dat der earst allinne dei-aktiviteiten oanbean wurde kinne, mar wy wolle sa gau as mooglik ek mei oernachtingen begjinne dy’t earst yn de buert regele wurde moatte.
De materiële en spirituele stipe fan de gemeente Westerwert en de lanlike Protestantske tsjerke meitsje mooglik dat wy ‘no konkrete plannen meitsje kinne. Mar jo begripe dat wy finansjeel ôfhinklik binne fan ús stipers en freonen as it aanst giet om de oankeap fan in gebou en foar de jierlikse eksploitaasje. Dêrom dogge wy in berop op jo finansjele stipe foar ús projekt. Fansels giet it net allinne om finansjele stipe, wy hawwe likegoed ferlet fan entûsjaste ambassadeurs. Ek ha wy, wannear’t it projekt op gong komt, ferlet fan frijwilligers op it mêd fan administraasje, gastfrijheid (gasthear en gastfrou), liturgy, muzyk en sang, begelieding fan groepen, skjinmeitsjen en oar praktysk wurk, publisiteit ensafuorthinne. Jo kinne no al trochjaan oan ús skriuwer op hokker wize jo ús stypje wolle.

In pear moanne ferlyn, en mei yngong fan 1 jannewaris 2011, hawwe wy de ANBI status krigen. Dêr binne wy tige wiis mei want it betsjut dat jo jo finansjele jefte ôflûke kinne fan de belesting (neffens de besteande regels). Wannear’t jo yn 2011 noch jild oermeitsje oan Nijkleaster dan kin dat dus ek ôflutsen wurde fan de belesting fan 2011 (banknûmer: 29.45.10.125)
Jo kinne mear ynformaasje oer ús projekt lêze op www.nijkleaster.nl en ek op de webside fan ds. Hinne Wagenaar dy’t as pionier-predikant yn it projekt hopet te wurkjen: www.hinnewagenaar.frl/nijkleaster. Dêr fine jo ek de hiele twatalige brosjuere dy’t op 31 oktober 2010 yn Jorwert presintearre is en kinne jo op syn blogs de ûntwikkelings folgje.

Mei de hertlike groetnisse, ek út namme fan it bestjoer,

(Anje Wester-Koopmans, Akke Berends-Koopmans, Oege Tjerk Schievink, Romke Lemstra, Hindrik van der Meer, Teake Posthuma en Hinne Wagenaar)

Sietske Visser (foarsitter)

——————————————

Foar ynformaasje of opjefte:
Akke Berends-Koopmans (skriuwer), Mounehoek 36, TL Garyp    (T: 0511-521671 )
Teake Posthuma Legedyk 9, 9088 AA Wurdum  (T:  058-2551355 )
Banknûmer 29.45.10.125 , Stifting Nijkleaster te Wurdum
(Jo binne stiper foar €25 en freon foar €100 of mear jiers)

Wirdum, 21 november 2011 (Nederlandstalige brief)

Geachte vriend, donateur en belangstellende.

Graag willen wij u informeren over de ontwikkelingen van Nijkleaster. Sinds het eerste begin van de plannen, nu al meer dan 4 jaar geleden, en sinds de oprichting van de stichting met het bestuur in 2009, zijn we bijna toe aan concrete stappen.
Dit jaar is er serieus overleg geweest tussen de drie partijen die het project Nijkleaster verder willen ondersteunen en ontwikkelen. Naast onze eigen stichting zijn dat de Prot. Gemeente Westerwert (Bears, Jellum, Jorwert en Weidum) en de afdeling Missionair Werk en Kerkgroei van de landelijke Protestantse Kerk (PKN). We werken momenteel aan een projectplan voor een ‘monastieke pionierplek Nijkleaster’ en een bijpassend stappenplan voor zeven jaar. We hopen binnenkort bekend te kunnen maken wanneer we een start zullen maken.
Volgens dit plan zal door de landelijke kerk een pionier-predikant aangesteld worden voor een periode van 3 jaar, die gedetacheerd zal worden in de gemeente Westerwert. Tegelijk zal er ook een parttime netwerker/fondsenwerver aangesteld worden. Er zal een permanent orgaan blijven bestaan voor overleg tussen de 3 partijen, de werkers en de vrijwilligers.

Tot nu toe hebben wij jammer genoeg geen financiële middelen om een (klooster)gebouw aan te kopen of te bouwen. Dat moet in de komende jaren gestalte krijgen. We willen eerst kleinschalig beginnen en daarbij gebruik maken van de faciliteiten die beschikbaar zijn in Westerwert, om te beginnen de kerk van Jorwert. Dit impliceert dat er in het begin alleen dag-activiteiten georganiseerd kunnen worden, ook al willen we zo snel mogelijk overnachtingen zien te regelen met behulp van de mogelijkheden in de buurt.
De materiële en spirituele steun van de gemeente Westerwert en de landelijke Protestantse Kerk maken het mogelijk om concrete plannen te maken. Maar u begrijpt dat wij financieel afhankelijk zijn van onze vrienden en donateurs wanneer het straks aankomt op aankoop van een gebouw en de jaarlijkse exploitatie. Daarom doen wij nu een beroep op uw financiële steun voor ons project. Het gaat natuurlijk niet alleen om financiële steun, we hebben evenzeer enthousiaste ambassadeurs nodig. En straks, wanneer het project op gang komt, hebben we ook vrijwilligers nodig op het gebied van administratie, gastvrijheid (gastheer en gastvrouw), liturgie, zang en muziek, begeleiding van  groepen, schoonmaak en ander praktisch werk, publiciteit etc. U kunt nu al doorgeven bij onze secretaris op welke wijze u ons zou willen steunen.

Een paar maanden geleden, en met ingang van 1 januari 2011, hebben wij de  ANBI status ontvangen. Daar zijn we heel blij mee want het betekent dat u uw financiële gift kunt aftrekken van de belastingen (binnen de daarvoor geldende regels). Wanneer u dit jaar nog een gift overmaakt dan kunt u deze aftrekken van de belastingen over 2011 (banknummer: 29.45.10.125).
U kunt meer informatie over ons project lezen op www.nijkleaster.nl, en ook op de website van ds. Hinne Wagenaar die als pionier predikant bij het project betrokken hoopt te zijn: www.hinnewagenaar.frl/nijkleaster. Op die site vindt u ook de tweetalige brochure die op 31 oktober 2010 in Jorwert gepresenteerd is en kunt u op zijn blogs de verdere ontwikkelingen volgen.

Met een hartelijke groet, ook namens het bestuur,

(Anje Wester-Koopmans, Akke Berends-Koopmans, Oege Tjerk Schievink, Romke Lemstra, Hindrik van der Meer, Teake Posthuma en Hinne Wagenaar)

Sietske Visser (voorzitter)

——————————————

Voor informatie of opgave:

Akke Berends-Koopmans (secr.), Mounehoek 36, TL Garyp (T: 0511-521671)
Teake Posthuma, Legedyk 9, 9088 AA Wirdum (T: 058-2551355)
Banknummer 29.45.10.125, Stifting Nijkleaster te Wirdum   
U bent donateur vanaf € 25 en vriend vanaf €100 per jaar.

Geef een reactie