Ban de Burdman!

Justermoarn, sneon 17 desimber, rop ik by it opslaan fan de Leeuwarder Courant: ‘No ha wy de hichte’. Op de foarside stie, ferdoarje noch oan ta, in gigantyske foto fan de ‘krystman’ mei in libben rindier (Jouster Midstraat in kerstsfeer). It earme bist hie ek noch sokjes oan en in mûtske op. Justerjûn wie de boat hielendal oan. Ik moast fanwege in Krystkonsert de provinsje hast twa kear yn ’e rûnte. Underweis seach ik oeral yn tunen en op gebouwen krystferljochting fan rindieren mei dy bespotlike ‘Burdman’ dy’t der yn in slide efteroan bongelet. Twa kear rekke ik hast fan ’e dyk omdat ik de oandacht der net by hie. Ik frege my hieltyd ôf: ‘wa set soks yn de tún, en wêrom?’

No bin ik net in grut foarstanner fan al dy krystferljochting. Minsken, wat betsjut soks wol net foar it miljeu? Hoefolle enerzjy kostet dat wol net? Mar oan de oare kant, it sjocht der gesellich út. Ik fûn it suver wol moai. En wat is der in soad ferskaat! Ik seach de tradisjonele Advintstjerren by minsken foar it rút; grutte en lytse kryststjerren, mei en sûnder sturt; ferljochte beammen; goaten mei iiskristallen en in soad flaggemêsten dy’t as in glinsterjende fallus nei de himel wize.  Ja, tusken Jutryp en Snits seach ik sels in Frysk hynder mei belslide!

Ik kin it allegear hawwe en genietsje der stikem ek noch fan. Mar by it moetsjen fan de krystman op strjitte, by it hearren fan ‘ho, ho, ho’ en by it sjen fan al dy krystfersiering mei rindieren en slide, dan wurd ik dûm. Ja, ik begryp wol dat dat oan my leit. It rekket oan myn frustraasje. Want it liket wol dat wy yn Fryslân gjin woartels mear hawwe en meiwaaie mei eltse dominante wyn. Sels wannear’t it in bespotlike wyn is, dêr’t wy it ferhaal net iens fan kenne. Wy smite ús eigen taal, ús ferhalen en tradysjes te grabbel. It is in skande.

Dus, wat my oanbelanget komt der in rindier-befrijingsfront (ik sil it ek efkes yn it Hollânsk skriuwe: ‘rendier-bevrijdingsfront’) dat al dy earme rindieren lossnijt en frijlit. Rindieren hearre yn Laplân thús, net yn Fryslân. En de ‘krystman’? Om mij banne wy dy âlde, dikke burdman: inkele reis Noard Amearika! En mochten jim my no beskuldigje fan frjemdlingehaat dan sis ik der graach by: fan my meie Sahar en Mauro hjir bliuwe. Graach sels. Mar burdman net!

Geef een reactie