Dit berjocht skreau ds. Liuwe Westra foar de webside fan Krúspunt nei oanlieding fan it ôfskied fan Hinne Wagenaar as dûmny fan Wurdum.
Domeny Hinne Wagenaar nimt earste offisjele Fryske stola yn ûntfangst
By syn ôfskied fan de Prot. Gemeente Wurdum krige domeny Hinne Wagenaar fan de gemeente ûnder oare in stola. Dy stola is bysûnder, omdat it de earste offisjele Fryske stola is. Hinne Wagenaar hie him yn syn tiid yn Kameroen al faak fernuvere oer it feit, dat de minsken dêre har eigen symboalen graach in plakje jouwe yn tsjerke. De eigen kultuer wurdt dêrmei part fan it ferhaal de tsjerke. Wêrom kin dat by ús yn Fryslân net? tocht er gauris.
It kin dus wol. Op de nije stola fan domeny Wagenaar is trinitarysk, dat wol sizze mei symboalen fan Heit, Soan en Geast. Lykwols: dy symboalen binne ûntliend oan de Fryske kultuer.
It symboal fan de Heit is it hert, de leafde foar alle minsken en de hiele Skepping. Dat hert hat op ’e stola de foarm fan in pompeblêd. De kleur is read, krekt as op ’e Fryske flage, mar dat is ek de kleur fan ’e leafde.
It symboal fan de Soan is it krús. It krús hat yn alle kultueren syn eigen foarm, en faak kinne jo oan de foarm fan in krús sjen by hokker tsjerke oft ien heart: Gryksk-Otterdoks, Etiopysk, Roomsk-Katolyk, ensafh. Ferskillende folken en gebieten en tiden hawwe dan ek wer har eigen fariant. It krús op ‘e stola fan Hinne Wagenaar hat de foarm fan in Alvestêdekrús, en ferwiist sa nei Fryslân.
It symboal fan de Hillige Geast is in fûgel. Faak is dat in do, omdat it Evangeelje fertelt dat de Geast yn ’e foarm fan in do delstriek op Jezus syn holle by dy syn doop. Mar ek oare fûgels kinne symboal wêze fan de Geast. Op it eilân Iona is de goes it symboal fan de Hillige Geast. Op de stola is keazen foar de ljip, de fûgel dy’t mei syn rop en syn wjokslach it hert fan in protte Friezen in slach ekstra dwaan lit.
H. Koelstra, Jan Schotanuswei 44 Aldemardum seit
Achte Dûmny Wagenaar, ik bin suver in bytsje oandien troch it stikje oer jo stola. Ik fyn de simboalen prachtich en ik hoopje dat ik him ris yn it echt sjen mei. Mei fr. gr. Henk Koelstra, Aldemardum