Nijkleaster brief 2012

 Voor een beeldende reportage over de plannen van Nijkleaster, kijk op deze onderstaande link van Een Vandaag, d.d. 21 juni 2012: http://www.eenvandaag.nl/v/100538

Jorwert, 3 juli 2012

Geachte vriend, donateur en belangstellende, met deze brief sturen wij u een ‘update’ over de ontwikkelingen van Nijkleaster. Want er is in de laatste maanden veel gebeurd. Kort samengevat kunnen we u met trots meedelen dat de  drie partijen die het project Nijkleaster willen ondersteunen en ontwikkelen (de stichting Nijkleaster, de Prot. Gemeente Westerwert en de afdeling Missionair Werk en Kerkgroei van de landelijke Protestantse Kerk) eind april een positieve beslissing hebben genomen inzake  Pioniersplek Nijkleaster op grond van het bedrijfsplan ‘Plan Nijkleaster 2012-2019’. Daardoor zijn allerhande ontwikkelingen in gang gezet. Ondergetekende, Henk Kroes, is de nieuwe voorzitter geworden. Er zijn plannen ontwikkeld voor de verbouw van de ‘voorkerk’ van Jorwert als uitvalsbasis voor het project. De fam. Wagenaar-Visser is verhuisd naar de nieuwe pastorie in Jorwert en ds. Wagenaar werd op zondag 1 juli aan Westerwert en Nijkleaster verbonden als gemeente- en pionierpredikant. Binnenkort wordt ook bekend gemaakt wie als PR-medewerker en fondsenwerver aan Nijkleaster verbonden zal worden.

We willen u nu al uitnodigen voor de officiële presentatie en opening van Nijkleaster op 28 oktober 2012 te Jorwert. Het programma is nog niet definitief, maar noteert u die dag vooral! Op de achterzijde van deze brief vindt u een oproep (Hout mei in ferhaal) om letterlijk deel te krijgen aan die dag en aan de gemeenschap van Nijkleaster. Wij hopen op 28 oktober de gemeenschapstafel,  ‘de Tafel fan Nijkleaster’ te kunnen presenteren.

Voor verdere informatie over Nijkleaster  kunt u terecht op de website van Hinne Wagenaar (www.hinnewagenaar.frl). Na de zomer zal de website van Nijkleaster (www.nijkleaster.nl) ook vernieuwd worden.

Met een hartelijke groet, namens het hele bestuur, Henk Kroes.

Hout mei in ferhaal….

Bêste minsken,

Ofrûne snein 1 july hawwe wy mei de ferbyntenis en yntree fan ds. Hinne Wagenaar in earste stap setten mei Nijkleaster, in besinningssintrum dêr’t eltsenien dy’t  siket nei rêst en besinning wolkom is, foar in pear oerkes, in dei, in wykein of noch langer, om wer op azem te kommen.

Salang’t Nijkleaster noch gjin eigen húsfesting hat, sil de Jorwerter tsjerke as útfalsbasis fungearje. De kommende moannen wurdt de ‘foartsjerke’ fan de Jorwerter tsjerke ferboud om dizze romte geskikt te meitsjen foar gearkomsten fan lytse groepen minsken. Tagelyk bliuwt dizze foartsjerke dan in (doarps)mienskipsromte wêr’t net allinne Nijkleaster in plakje krijt mar wêr’t de hiele mienskip gebrûk fan meitsje kin.  It liket ús aardich om foar dizze mienskipsromte in spesjale mienskipstafel te meitsjen, wêr’t eltsenien in persoanlike bydrage oan jaan kin.

Dêrom dogge wy dizze oprop oan alle gemeenteleden fan Westerwert yn Jorwert, Weidum, Jellum en Bears, oan alle bewenners fan Jorwert en oan de freonen fan Nijkleaster: Wa hat der hout mei in ferhaal om te brûken as materiaal foar dizze mienskipstafel? Wy doele hjirby op in planke, kiste, meubelstik, ark (of neam mar op) fan hout mei in (foar jo) besûndere betsjutting en ferhaal. It mei ek wol wat oars wêze sa as in munt, in plaatsje mei in opskrift of bgl. in medaille. Jimme kinne dit mei it ferhaal derby, mooglik mei foto of yllustraasje, úterlik 1 septimber ynleverje (it ferhaal leafst digitaal) by: Germ en Tineke Hallema, M. Fopmawei 18 yn Jorwert (graach earst efkes skilje of maile: tillef. 058-2519504, email:  germ.tineke@hetnet.nl).

De ferneamde meubelmakker Hindrik Wester fan Earnewâld sil dan besykje om fan al dit materiaal (of stikjes der fan) in grutte mienskipstafel te meitsjen. De ferhalen dy’t der by hearre wurde bondele yn in boekje. De tafel en de ferhalebondel kinne dan, by de offisjele start fan Nijkleaster op snein 28 oktober 2012, troch eltsenien bewûndere wurde.

Mei freonlike groetnis

It bestjoer fan Nijkleaster

 

Geef een reactie