Sûnt juster, 31 desimber 2012, bin ik gjin bestjoerslid fan it KFS mear. It Kristlik Frysk Selskip bestiet nammentlik net mear. Op snein 30 desimber hat it KFS de lêste gearkomste organisearre. Liuwe Westra hat in tiidrede hâlden mei as titel ‘Maya’s yn Fryslân: it Kristlik Frysk Selskip op ’e jongste dei’. Yn de Krústsjerke fan Burgum wie in ôfslutende fesper wêryn’t ik de foargonger wie. Gerrit Breteler song twa fan syn prachtige Preker -lieten. Foar ympresjes sjoch yn de Ljouwerter krante en it Friesch Dagblad fan 31 desimber 2012. LC: ‘Op naar ‘in fanselsplak’ voor Fries’. FD: ‘Jins eigen taal is in earste libbensbehoefte’ en ‘Ofskie nimme en fleurich fierder gean’. Lês hjir fierder: it blog fan Wiep Koehoorn oer dizze dei. De tiidrede fan dr. Liuwe Westra en de ympresje yn de Ljouwerter krante.
It blog fan Wiep Koehoorn:
http://wiepkoehoorn.blogspot.nl/2012/12/ofslutende-gearkomste-fan-t-kristlik.html
De tiidrede fan dr. Liuwe Westra:
http://www.kruspunt.nl/fr/hiemside/ofskied-fan-it-kfs-op-30-12-2012.html
De ympresje yn de Leeuwarder Courant.
Geef een reactie