Ynlieding ta de searje preken oer Fryske sprekwurden
Pake Hinne en beppe Oeke wienen myn pake en beppe fan memmekant. Yn 1982 wienen se 50 jier troud. Ik wie doe 20 jier en hie krekt in pear jier ferkearing. Doe ‘t wy simmers in kear yn it lân rûnen te kijopheljen, frege ik pake: ‘Pake, hoe hawwe jim dat sa lang folhâlden? Wol 50 jier lang! Hawwe jim dêr in geheim foar?’ Pake spruts doe de wurden: ‘Laat de zon niet ondergaan over uw toorn’. Ik fûn dat antwurd mar nuver mar krige gjin fierdere útlis. Ik moast it mei dy wurden dwaan.
Jierren letter kaam ik de wurden fan pake tsjin yn de Bibel. Dat wie in eye-opener foar my. Pake syn wurden kamen dus út ‘e Bibel, dêrom hie hy it ek yn it Hollânsk sein. Pake spruts ommers noait ien wurd Hollânsk, útsein wannear’t hy middeis nei it iten út ‘e Bibel foarlies. Yn Efeziërs 4 vers 26 stiet: ‘Gean net mei in lilke holle de nacht yn’. De Nederlandse Bijbel Vertaling fan 2004 hâldt it ticht by de âlde Statenvertaling dy’t pake sitearre: ‘Laat de zon niet ondergaan over uw boosheid’.
Doe’t ik letter dosint Afrikaanske teology wie oan it Prebyterian Theological Seminary yn Kumba (Kameroen) moast ik wol gauris oan pake tinke. De studinten dy’t ynteresse hienen yn Afrikaanske teology besochten teology te beöefenjen yn de Afrikaanske kontekst. Se woenen gjin Westerske teology kopiearje, mar oanslúte by de eigen kultuer. Spitigernôch binne dy eigen tradisjonele kultuer en godstsjinst foar in grut part weirekke yn de koloniale tiid. Dy eigen tradysjes waarden ommers as efterlik en heidensk beskôge. De studinten moasten dêrom net allinne de Bibel en it Kristendom bestudearje, mar likegoed moasten sy wer leare te harkjen nei de tradysjes fan de foarâlden. Guon gongen dêrom werom nei harren doarpen mei pinne en papier (opname apparaten wienen der hast net en mobile telefoanen ek noch net) om de ferhalen te sykjen en te boek te stellen. Sa ûntdutsen se dat in soad wiisheid stjurre wie yn sprekwurden en siswizen. Mar se ûntdutsen likegoed dat dy wurden net ‘los’ en ‘suver’ beskikber bestienen. Lagen fan ferskate tradisjonele kultueren en godstsjinsten wienen oer elkoar hinne skood, mei dêroerhinne noch wer flarden fan Kristendom en Islam. Ien fan de earste kristlike teologen dy’t studint waard fan de eigen Afrikaanske tradysjes wie John Mbiti út Kenia. Ien fan ús eigen studinten publisearre letter in boekje (yn it Ingelsk) oer sprekwurden yn de taal fan syn eigen tradysje [1].
No’t ik alwer jierren werom bin yn Fryslân groeit it langstme om oan de gong te gean mei Fryske sprekwurden en siswizen. Ik sil sykje om de wiisheid fan ús foarâlden dêryn. Dy wiisheid wol ik dan besykje yn petear te bringen mei de wiisheid fan de Bibelske skriuwers. Yn tsjerke preekje wy oer de wiisheid fan ús Bibelske foarâlden. Mar wêrom soe de wiisheid fan ús Fryske foarfaars net de muoite wurdich wêze om oer te preekjen en mei yn petear te gean? En dy te fergelykjen mei de Bibelske wiisheid? Dêrom sil ik sa no en dan preekje oer in Frysk sprekwurd, en dat hieltyd yn relaasje ta in Bibelgedielte. Spitich dat pake Hinne dit net mear meimakket. Doe’t ik dit plan opfette, doe libbe Pake al net mear. Hy stoar yn 2003, fjouwernjoggentich jier âld en nei in haulik mei beppe Oeke fan mear as 70 jier.
Hinne Wagenaar
(Jorwert, 2014)
[1] John Mbiti, African religions and philosophy (1969); Babila Fochang, Wisdom of the ancients. Some African proverbs, witty sayings and their interpretations drawn mostly from Bali Nyongha in the North West Province of Cameroon (2001).
[…] Lês fierder by Hinne Wagenaar […]