‘It bjusterbaarlike foarfal fan de frou
dy’t miende dat se in hûn wie’.
Markus 7: 24-30
Psalm 139 (Oosterhuis, 150 psalmen vrij)
1. Hoe’t it begjint
Bêste minsken, it is altyd in moai en yngewikkeld proses om te kommen ta de túnpreek (as refleksje op it Jorwerter Iepenloftspul, dit jier mei as titel: ‘It bjusterbaarlike foarfal fan de hûn yn de nacht’). Wy wiene al yn in betiid stadium mei de tarieding begûn, tegearre mei Karin, mar it slagge net om te kommen ta in plan dêr’t ik mei út ’e fuotten koe. Ek it lêzen fan it boek fan ’t simmer hat my net holpen. Dan is der safolle om op yn te gean. Ik moat it stik earst sjen, belibje en priuwe. Dan begjint it kreative proses op gong te kommen. En wat moai dat jimme ek altyd nijsgjirrich binne wêr’t ik mei komme sil. Hoe faak ik dy fraach net krij… Doe’t ik it spul op de Jorwerter jûn seach doe kamen der daliks twa punten omheech driuwen. No probearje ik my yn in preek altyd te beheinen ta ien punt of tema, mar dit kear wol ik beide punten graach beneame.
2. Earlik wêze of lige?
Us briljante haadpersoan Kristian Johan Frâns Boonstra kin net lige. Hieltyd seit hy wer ‘ik liich net’. Net dat dat in kar is, hy kin net lige. Dat stiet yn skrinend kontrast mei de oare minsken, de ‘grutte’ minsken, yn it stik dy’t wol lige. Faak miene se dat se dat dogge út goederbêstens. Mar meast is it omdat se de realiteit net ûnder eagen doare te kommen. It docht faak sa sear, dat wy miene dat wy dat oaren besparje moatte. It hiele ferhaal fan It bjusterbaarlike foarfal fan de hûn yn de nacht draait om leagens. Wa hat de hûn fermoarde? Wêr is mem en wêrom is mem samar stoarn? Wy sjogge yn it stik hiel moai hoe’t de leagens in bern folslein yn e war bringe. En dat jildt echt net allinne foar autistyske bern! It ferswijen fan de wierheid jout altyd swierrichheden, gruttere of lytsere. Want ‘al is de leugen nog zo snel, de waarheid achterhaalt ze wel’. Mar as dat net bart, dan wurdt it faak noch slimmer. Dan wurdt leagen op leagen steapele en komst op it lêst út by resultaten dy’t neat mear te krijen hawwe mei goederbêstens, alle goede bedoelingen dy’tst hân hast oan it begjin.
Ik sis dit net omdat ik as dominy no sa graach jimme bepreekje wol dat wy net lige meie, ‘want it stiet ommers yn de Bibel’. Nee, it stiet yn ’e Bibel omdat it ús ellinde bringt, omdat ligerij ús libben yn swier waar bringt. En omdat it slim skea docht oan ús relaasjes mei oaren.
3. Byldzjende taal
De taal fan it leauwe brûkt byldzjende taal, krekt as de taal fan keunst, literatuer en poëzy. En ek as de taal fan de leafde. It giet ommers net om eksakte wittenskip, mar om it sykjen nei wurden en bylden om it geheim, it mystearje, it ûnsisbere te benaderjen. It is noait 100% raak. Wy besykje om de hertstocht fan it hert, de sieleroerselen fan de siel te bedjipjen. Yn ’e taal fan tsjerke en leauwe tilt it op fan bylden, metafoaren, oerdrachtlik (figuerlik) taalgebrûk.
Sjoch mar ris nei de wurden fan Psalm 139 sa’t Trijntje Oosterhuis de fertolking fan har heit sjongt.
Inkelde bylden:
– Ogen die door de zon heen kijken
– Een stoel op het water
– Een raam waarlangs opklarend weer voorbij vaart
– Ik ben jouw zuiverste zelf
– Dat ik geen licht geef
– dat geen bron ontspringt in mijn diepte
Kristian Johan Frâns Boonstra soe hjir hielendal mâl fan wurde. Wat moat hy mei sokke byldzjende taal? It is foar him gjin geheimtaal, mar earder folsleine ûnsin. En der binne yn ús maatskippij mear en mear minsken (dy’t net autystysk binne) dy’t opgroeie mei mar ien laach oan taal. Dan is de taal fan leauwe en tsjerke ûnsin. Mar al gau sil blike dat men de taal fan keunst, literatuer en poëzy ek net ferstiet. En ik hâld it hert fêst as it giet om de taal fan de leafde…
4. De frou dy’t miende dat se in hûn wie
It ferhaal fan de Syro-Fenisyske frou is in bysûnder Bibelferhaal. Jezus komt foar it earst bûten de grinzen fan Israel nei’t hy mot krigen hat mei de skerp slypjende skriftgelearden. Hy hat rêst nedich en komt yn ‘heidensk’ gebiet. Mar dêr litte se him ek net mei rêst en daliks komt der in frou by him dy’t om help freget. Der stiet dúdlik by, se wie gjin Joadinne. En Jezus jout in antwurd dat hielendal yn ’e sfear is fan dy tiid. De Fryske fertaling ferguodliket it noch wat troch it brûken fan it wurd ‘hûntsjes’: ‘Lit no earst de bern har gerak krije; it jout gjin foech en nim de bern it brea ôf en smyt it de hûntsjes foar.’ Mar letterlik stiet der dat de bern earst te iten krije moatte en dat it iten net foar de hûnen smiten wurde moat. Mei oare wurden, de joaden binne de bern fan God. De oaren binne as de hûnen. No wie in hûn net in húsdier as by ús. Nee, in hûn wie in ferdjerlik skepsel dat omstrúnde en it iten dat op ’e grûn foel wei pikten. In skop krije, dat koene se.
Jezus jout eins in ferskriklik denigrearjend antwurd oan de frou. Hy jout har suver in skop mei, wylst sy om ûntferming smeket foar har dochter dy’t siik is. Wat in aaklik foarfal. Mar wat docht dizze frou? Sy wurdt net lilk en seit net: ‘Wat hawwe jimme it hert heech sitten’ of: ‘hoe doare jo my te fergelykjen mei in hûn?’ en se rint ek net lilk fuort (want dat wie allegearre terjochte en begryplik west) mar se giet mei yn de taal fan de sprekker, blykber wol went oan sokke fernederjende taal. Se wol har, om it heil fan har dochter, wol fernederje litte: ‘Sa is it, Hear, mar de hûntsjes ûnder de tafel ite dochs ek fan ’e bern har krommels.’
Mei oare wurden, fergelykje my mar mei in hûn, mar sels yn dat byld falt der altyd wol wat op ’e grûn foar de hûn dy’t dêr omstrúnt. Ik wol dy hûn wol wêze, as myn dochter mar better wurdt. Yn it parallelle ferhaal fan Mattéus seit Jezus dan: ‘Frou, wat is jo fertrouwen grut.’ En by oare fergelykbere ferhalen seit hy ek: ‘Sa ’n grut leauwe ha ik yn Israel net fûn.’ Dat stiet der hjir net by mar de betsjutting is gelyk. Jezus sjocht dat hy in ferkeard, hast rasistysk antwurd jûn hat. En hy lit him bekeare. De frou dêr’t hy fan miende dat se in as in hûn wie, iepenet him de eagen. Wat in bjusterbaarlik foarfal.
5. De kwetsberens fan taal
Ek dit ferhaal soe foar ús briljante haadpersoan Kristian Johan Frâns Boonstra net maklik te begripen wêze. En dat is him te ferjaan. Hy kin der ommers neat oan dwaan. Hy kin de minsken net ‘goed lêze’ en hy kin har taal net altyd goed begripe. Dat heart by syn ‘kwaal’ yn it autistyske spektrum. Ik nim my foar om dêr yn ’e takomst mear rekken mei te hâlden. Dat net elkenien maklik de taal fan byld, metafoar en oerdrachtlik (figuerlik) taalgebrûk begrypt.
Mar it binne net allinne de autisten dy’t de taal net begripe. Sjoch, de taal fan leauwe (krekt as de taal fan keunst) is kwetsber. De taal fan religieuze boeken is kwetsber. De taal fan de Bibel is kwetsber. As wy dit ferhaal fan hjoed beskôgje, dan binne der minsken dy’t fine dat Jezus noait wat ferkeard sizze kin. Dy nimme de taal fan de tekst letterlik. Se lêze de wurden fan Jezus ‘dat it net goed is om de bôle te jaan oan de hûnen’. En dus lêze se dat de minsken fan bûten (yn dit gefal de Syro-Fenisyske frou) as hûn behannele wurde kinne. Dan duorret it net lang mear en kin sein wurde dat Jezus ek fynt dat frjemde folken, de oare godstsjinsten en oare rassen bûtensletten wurde moatte, der net by heare en gjin rjocht hawwe op ús eigen ‘bôle’. En dat is presys de tsjinoerstelde betsjutting as wat mei it ferhaal bedoeld is!
Bêste minsken, ik hear wol gauris dat guon fine dat godstsjinsten it libben op dizze ierde bepaald net better meitsje. Dat is altyd giet om striid en tsjinstellingen, krústochten en oarloggen. En net te ferjitten terrorisme. Wy kinne de saneamde hillige boeken mar better ferbrâne, hearde ik koartlyn. Ik begryp soks wol, mar likegoed snijt sa’n opmerking my troch de siel. De taal fan leauwe is kwetsber. It giet yn dy taal ommers net om eksakte wittenskip, mar om it sykjen nei wurden en bylden om it geheim, it mystearje, it ûnsisbere te benaderjen. Wy besykje om de hertstocht fan it hert, de sieleroerselen fan de siel te bedjipjen. En moatte wy ús dan oerjaan oan al dy ‘autisten’(ekskús no brûk ik it wurd ferkeard) dy’t de taal fan leauwe en keunst net begripe? En dy’t it misbrûke al wie it eksakte kennis? Dy’t presys witte hoe’t it sit mei libben en leauwe? Dy de hillige teksten brûke om geweld en striid te rjochtfeardigjen? Dy’t, foar’t se in tekst lêzen ha, al wite wat der stiet? Dy’t miene God yn ’e bûse te hawwen? En soe it dan mar better wêze om alle hillige boeken te ferbrânen? Want dêrnei giet de taal fan de keunst der oan. En fan literatuer en poëzy. En sels de kwetsbere taal fan ’e leafde wurdt dan fertocht. Nee, dan komme wy yn in iendiminsjonale, platte en lege wrâld telâne.
Mei alle respekt foar ús briljante haadpersoan Kristian Johan Frâns Boonstra, ik wol dizze somtiden ûnbegryplike, mysterieuze en kwetsbere taal net kwyt. Ik begryp dat it foar immen yn it autistyske spektrum muoilik is. Dêr moatte wy rekken mei hâlde want der is yn de wrâld fan leauwe en keunst altyd plak foar alle ‘vreemde snuiters’. Want wy binne allegearre op ús eigen wize in ‘vreemde snuiter’ en ek allegearre autistysk op ús eigen wize. Wy werkenne allegearre wol wat fan Kristian Johan Frâns Boonstra.
Mar ik ha minder kleminsje foar dy oare soarte fan ‘autisten’ dy’t allinne mar iendiminsjonale en platte teksten begripe. Dy’t ús hillige teksten mei de ratio lêze en misbrûke. De hillige teksten binne per definysje kwetsber. Dêr kin ik net sûnder yn myn libben. Dan kies ik derfoar om leaver kwetsber te wêzen as ûnkwetsber. Dan bin ik mar leaver as in hûn ûnder de tafel…
Amen.
Hinne Wagenaar
17 sept. 2017)
Geef een reactie