Ivige God,
wy tankje Jo foar de wet, de tsien wurden fan leafde. Wy bidde dat dy wurden oeral op ierde klinke meie: yn alle lannen en by alle folken. Dat se dien en libbe wurde. En wêr’t dat net sa is, lit dêr himmele wurde. Wy soene hast bidde wolle: de swipe deroer en de biezem dertroch!
Ivige God,
wy tankje Jo foar de wet, de tsien wurden fan leafde.
Wy bidde dat dy wurden klinke meie yn ús maatskippij:
yn ús doarpen en tsjerken, thús en op it wurk.
Dat se dien en libbe wurde.
En wêr’t dat net sa is, lit dêr himmele wurde.
Wy soene hast bidde wolle:
de swipe deroer en de biezem dertroch!
Ivige God,
wy tankje Jo foar de wet, de tsien wurden fan leafde.
Wy bidde dat dy wurden klinke meie
Net allinne yn de wrâld fier fuort en de maatskippij om ús hinne,
mar dat se ek dien en libben wurde yn ús eigen persoanlike libben.
En wêr’t dat net sa is yn ús libben, lit dêr himmele wurde.
Wy soene hast bidde wolle:
de swipe deroer en de biezem dertroch!
Vanmorgen (5 maart 2018) heb ik het gebed dat ik gister (zo ongeveer) gebruikte tijdens de vieringen op papier gezet. De dienst ging over de 10 woorden, de tien richtingaanwijzers voor het leven. In de preek had ik die de vreugde van Israël genoemd. De woorden die ons voeren op de weg van een liefdevol leven met de mensen om ons heen, met onszelf en met God. Vervolgens ging de preek over de tempelreiniging (n.a.v. het evangelie van Johannes 2: 13-22) Dat Jezus zo boos was omdat het heilige van de tempel werd gecorrumpeerd. Want de wet werd immers bewaard in het heilige der heiligen van de tempel!
Geef een reactie