Aai-sykje, net ‘Eier-rapen’

It soe ferbean wurde moatte om yn Fryslân aaien ‘te rapen’. It aaisykjen moat lykwols bestean bliuwe. Dan kinne minsken yn Fryslân noch altyd it frije fjild yn!

In lytse 10 jier ferlyn kamen wy wer yn Fryslân te wenjen. As bern wie ik grutwurden op in pleats yn de polder fan Hoitebuorren tusken Nije- en Aldemardum yn. It aaisykjen learde ik fan myn omke. Yn de 70er jierren tilde it dêr op fan de ljippen (en oare greidefûgels). Doe’t ik yn 2003, nei jierren yn it bûtenlân, foar it earst wer op ’n paad gie skrok ik slim. Wêr wienen de fûgels bleaun? No nei krapoan 10 jier is it noch de helte slimmer wurden. Eltse maitiid rin ik mei pine yn it hert troch it lân.

It hat bliken dien dat de BFVW (Bond Friese Vogel Wachten) foaral de lobby is fan eierrapers. Sy hawwe ynset op de taktyk en terminology út ’e jagerskringen: goede soarch, beheinde rispinge. Mei oare wurden: wannear’t wy goed foar de fûgels soargje, meie wy ek aaien sykje en meinimme. Dat klinkt redelik en oannimlik. Mar dat is it perfoarst net.

It aaisykjen wie lange jierren (nei’t it earder ek in breawinning wie) in folkssport yn Fryslân. It wie ferbûn mei de maitiid en de frijheid yn it fjild. Minsken mochten oeral it fjild yn om te aaisykjen. Troch de sterke efterútgong fan de greidefûgels  moasten der maatregels komme. De BFVW hat altyd striden foar it ‘eierrapen’. Se hawwe alderhande maatregels akseptearre om dat ‘eierrapen’ mar te beskermjen. It gefolch is dat allinne in beheinde groep minsken it lân noch yn mei (de nei-soargers). It gefolch wie ek dat sy akseptearje moasten dat der in sms-systeem komme moast om de aaien ‘oan te jaan’. Foar de measte aaisikers is dat fansels folslein bespotlik. It is spitich dat de BFVW gjin oare wegen socht hat. Myn oprop is om it sykjen bestean te litten en it rapen te ferbieden. Sa kin de leafde foar de fûgels en de frijheid fan it fjild bewarre bliuwe. Sa kinne alle minsken yn de maitiid frij it fjild yn om aaien te sykjen en de maitiid te belibjen. Lit ús stride foar de takomst fan de  fûgels en de frijheid om yn it fjild om te toarkjen. Lit ús net, krekt as de BFVW, fjochtsje om de aaien fan in kwetsbere fûgel te ‘rapen’.

It ûndersteande stik is in oprop út 2004 yn de Ljouwerter krante dat ik doe skreaun ha mei twa freonen.

Wol Aaisykje, niet Eierrapen

Ofrûne wike binne wy wer op paad west. In pear dagen mei syn trijen te aaisykjen. As heit en as dûmny skuorre wy ús, alle trije, los fan ús gesin en gemeente om it Fryske fjild yn te gean. Om de fûgels te sjen en te hearren; om ôfskied te nimmen fan ’e winter en it foarjier te begroetsjen; om dweiltrochwiet en kâld ta op ’e bonken thús te kommen; om oer teology te praten efter de hikke. Mear spesifyk binne wy fansels dwaande mei de fûgel Gods, de Ljip. Wat ha wy “de Hij” moai op ’e sturt stean sjoen; wat ha wy “it Sijke” moai op it nêst gean sjoen; wat ha wy se moai sjoen by it trêdzjen (feilen), by it striesmiten, by it roekejeien, by it pikken op ’e mok. En wat ha de ljippen ús wer te fiter hân. Hoefolle aaien ha wy net fûn? Wy binne oars wol aardich tûk, mar ek beskieden. Us twadde broedsje fûnen wy pas by de twadde loop. De earste kear hiene wy it dochs moai oer de kop sjoen.

Wy fiele ús aaisikers. Wy fiele ús net thús by de Nederlânske betiteling fan “Eierrapen”. Wy sykje en fine de aaien, mar nimme de aaien net mei nei hús. Fansels, it is in hearlik gefoel om de aaien yn ’e pet mei te nimmen. It is it gefoel fan de jager dy’t syn befochten bút meinimt om dy grutsk thús sjen te litten. Mar al sûnt in protte jierren nimme wy se net mear mei en litte we de aaien lizze, krekt as wannear wy aaien fine fan de skries, de tsjirk of de strânljip. Yn de lêste tsien jier ha wy, mei pine yn it hert, de grutte efterútgong fan de fûgels sjoen. En ek al wite wy wol dat dizze feroarings net yn it earste plak feroarsake binne troch it aaisykjen, dochs kinne wy net trochgean krekt as is der neat bart. Wy kinne it net mear oer ús hert krije om de aaien mei te nimmen wylst der noch mar sa’n bytsje fûgels binne fergelike mei tsien jier werom (om mar net te praten oer 20, 30 en 50 jier werom). Ek it lizze litten fan de aaien jout in hearlik gefoel!

Wy wolle ús stim no, sa tsjin it ein fan it aaisykjen, hearre litte en in oprop dwaan oan alle aaisikers fan Fryslân om foar de takomst in oare wei yn te slaan. Lit ús aaisikers wêze, aaien sykje en fine, mar lit ús stopje mei “eierrapen”.

It giet ús hjirby net allinne om it feit dat der hyltyd minder fûgels binne. It giet ús ek om de takomst fan it aaisykjen! It giet ek om dizze Fryske tradysje. Op it stuit wurdt it aaisykjen mear en mear omfieme mei regels. It aaisykjen wurdt hyltiten in stikje fierder weikringe. No meie allinnich noch minsken mei in neisoarchpas it lân yn. Oare minsken meie it lân net mear yn en binne bang foar in bekeuring. Wat sille wy no ha? It Fryske fjild net mear frij foar de Friezen? Wy binne fan betinken dat dit “spesjalisearen” (dat allinnich nei-soargers it lân yn meie) in útstel fan eksekúsje is. Noch in pear jier en de netten fan de wet binne tichtlutsen. Dan meie ek de spesjalisten (de nei-soargers) it lân net mear yn. Dat is dan de ein fan in ieuwenlange Fryske tradysje en faaks ek fan de leafde foar de (greide)fûgels. Wy wolle dat der in ein komt oan de “tsiisskaafmetoade” (hyltyd wer nije regels om it besteande aaisykjen mar te bewarjen) en wolle dêrom in nije stap meitsje. Dy nije stap betsjut dat eltsenien wer frij it fjild yn mei; dat we sykjen bliuwe om it earste aai (fan provinsje, gemeente, doarp en stêd); dat we genietsje kinne fan de maaitiid, de fûgels en de natoer; dat we de aaisikerstiid net mear hoege yn te koartsjen; en fansels, dat we aktyf bliuwe mei neisoarch.

Wy binne it ús bewust dat dit foarstel in breuk besjut mei it ferline. Fansels hawwe aaisikers yn Fryslân de bút altyd yn de pet (of op ’e hoed) meinaam. Wy fine it spitich dat dit feroarje moat troch de feroarings yn maatskippij en natoer. It is spitich de aaien net mear yn de pet te fielen. Mar it is ferskriklik as wy it lân net mear yn meie. It soe ús tige begrutsje as wy net mear aaisykje meie. En dy kant giet it út! We moatte no mei in kleare kop betinke wat wy wolle. We moatte ús no net liede litte troch ús ynstinkt en emoasje dat wy de aaien mei nei hús nimme wolle. Wy moatte no kieze foar de takomst fan de ljip (en de fûgels en natoer yn it gehiel) en foar de takomst fan it aaisykjen. As wy no net mei ferstân handelje dan sil it net lang mear duorje en de tradysje fan it aaisykjen is foarby.

Foar ús is it wichtich dat der takomst is foar de Ljip. Foar ús is it wichtich om yn frijheid it lân yn te lûken. Om de fûgels te sjen en te hearren. Om frij te wezen en net benearre troch regels en wetten. Wy wolle letter mei ús bern en pakesizzers it lân yn kinne om harren de leafde foar de fûgels en de natoer by te bringen. Wy wolle net de wei op fan regels. De Fryske grûn moat foar eltsenien frij wêze om te gean en te stean.

Wy fiele ús alle trije Frysk, frij en from. Dy binne ús, alle trije, tige nei oan it hert. Wy witte, as dûmny’s, ek goed dat it from-wêzen hyltyd fierder fuortsakket, ek yn Fryslân. Foar ús betsjut from-wêzen, wat it aaisykjen oanbelanget, dat wy ús bewust binne dat de hiele skepping ús jûn is. We dogge meastentiids wol krekt oft wy de ierde, de grûn, it wetter en de loft yn ús besit hawwe, mar dat is dochs net sa. Wy ha alles fergees krigen. Wy meie it brûke en mei inoar diele. Mar eintsjebeslút is it allegearre net fan ús: “Fan de Heare is de ierde mei al wat derop is” (Psalm 24:1) Dêrom kinne wy de aaien ek hiel goed lizze litte. Se binne net fan ús en wy ha se ek net nedich. Lizze litte dus dy ljipaaien! Foar de takomst fan de ljip en foar de takomst fan it aaisykjen.

Maitiid 2004

Winschoten,    ds. Jurjen Hilverda
Wurdum,         ds. Hinne Wagenaar
Skylge,             ds. Sytze Ypma

Reacties

  1. Jurjen Hilverda zegt:

    Hoi Hinne,
    nog steeds een heel goed stuk!
    Jurjen

Geef een reactie