Op zondag 18 augustus 2013 was in het programma ‘Prelude’ van Omrop Fryslân (radio) deze meditatie te horen, naar aanleiding van het 10-jarige jubileum van Tsjerkepaad. Tsjerkepaad was op zaterdag 17 aug. te gast bij Nijkleaster in Jorwert. De meditatie gaat over de betekenis van het ‘kleaster-kuierjen’, over wandelen en spiritualiteit.
Bêste minsken,
dit jier bestiet it Fryske Tsjerkepaad 10 jier. Doe’t ik dat hearde tocht ik, ‘hee dat is apart. It fielt as of it Tsjerkepaad der altyd al west hat’. Sa is tsjerkepaad blykber al yn 10 jier ta in ynstitút wurden. Gelokkich, sa binne de tsjerken op sneontemiddei ek ris ‘gewoan’ iepen. Want dy ferhipte tsjerken hast altyd op slot, dat stiet my sa tsjin, dat wearzget my.
Fanwege dat 10-jierige jubileum organisearret it Tsjerkepaad dit jier 4 rûntsjes om it Jabikspaad hinne, it pylgerpaad fan St. Jabik yn Noard Fryslân nei Santiago de Compostella yn Noard Spanje. Juster wie Tsjerkepaad te gast by Nijkleaster yn Jorwert, dat ek oan it Jabikspaad leit. It programma wie sa’t it programma faak is by Nijkleaster. Wy begûnen mei in moarnsgebed yn dat âlde, serene Godshûs fan Jorwert. Mei muzyk, lêzing en gebed, mar foaral ek mei in soad stilte. Dêrnei kofje. Nei kofje en útlis oer Nijkleaster binne wy op paad gien foar de kleaster-kuier. Krekt sa’t wy dat eltse wike dogge, eltse woansdeitemoarn.
No binne der wol gauris minsken dy’t my freegje: ‘Dominee, dat rinnen by Nijkleaster, is dat no wier nedich? Sa’n kleaster-kuier, is dat net in nijmoadrige útfining? Froeger gongen de minsken dochs gewoan nei tsjerke ta foar it leauwe?’
No kin ik sa’n fraach fansels goed beäntwurdzje mei in pear Bibelske foarbylden. Godsels kuiere yn de koelte fan de jûn yn syn hôf. Henoch kuiere mei God. Dat betsjut dat Henoch ticht by God libbe. En bekend is ek de tekst út Micha dêr’t de minsken freegje wat se yn himelsnamme dwaan moatte om God te tsjinjen. En dan wurdt as antwurd jûn:
Der is dy minske, hiel dúdlik makke wat goed is en wat God fan dy freget, nammentlik: rjocht dwaan, de trou heech hâlde en nederich kuierje mei God. (Micha 6:8)
Mar ynstee fan in Bibelsk antwurd, kin ik ek in persoanlik antwurd jaan op dy fraach oft dat kuierjen wichtich is. Wannear’t ik oan de slach gean mei de wyklikse preek foar snein, dan slagget my dat min efter myn buro. Tillefoan, e-mail en alderhande boeken en briefkes hâlde my by myn preek wei. Dat ik gean altyd nei bûten ta te rinnen. Us bern sizze dan wannear’t der immen bellet: ‘Heit is te preekrinnen’. Wannear’t ik dan bûten rin dan is it earst drok yn myn holle. Mar stadichoan wurdt it stiller en kin ik my konsintrearje op myn tekst of tema. De wyn faget my de holle skjin. De natuer docht syn hieljende wurking. De Geast jout my de ynspiraasje. De ideeën wurde my jûn en hast altyd falt alles nei in skoft op syn plak. Thús noch efkes de punten op in rychje sette en de preek is klear.
Sa giet it faak ek mei ús libben, tink ik. Yn de deistige drokte en beslommeringen falt it net ta om skerp te hâlden wêr’t it yn ús libben om giet. Oft en hoe gelokkich en tankber wy binne.. En wêr’t ús pine sit, ús fertriet of mismoedigens. Wannear’t wy kuierje, komme wy oan sokke fragen ta. De kleaster-kuiers binne altyd yn trije parten. De earste twa rinne wy yn stilte. Dan komme wy ta oan úsels, it eigen libben. Hoe doch ik rjocht? Hoe bin ik trou oan mysels en oan oaren. Doar ik it oan om te kuierjen, earst mei mysels en alles dat der spilet yn myn libben. Dan ek noch mei oaren, en har libbensferhalen. En eintsjebeslút: sil ik kuierje mei God?
Moat soks, dat kleaster-kuierjen en dy Jabiksrûntsjes fan it jubilearjende Tsjerkepaad? Nee fansels net, neat moat! It giet der allinne mar om, om in foarm te finen om te wurken oan jo libben en leauwen. Dat kin op alderhanne manieren. It kleaster-kuierjen is sa’n foarm: ûntspanning en ynspanning, gebed en meditaasje, wille en ferbining ynienen. It bringt ús ta de djippere lagen fan it bestean. Kuierje mei God: it giet oer rjocht yn de maatskippij, oer trou yn ús libben mei de minsken om ús hinne, en oer ús nederige mar yntime relaasje mei God.
(Hinne Wagenaar. Meditaasje foar it programma ‘Prelude’ fan Omrop Fryslân op snein 18 augustus 2013)
Geef een reactie