Radio útstjoering: Nachtboek van een kerkuil

tsjerkeJorwertYn Buro de Vries (Radio Omrop Fryslân) wie op snein 16 maart 2014 in reportaazje te beharkjen oer het boek fan ds. Bas van Gelder ‘Nachtboek van een kerkuil‘. As lettere opfolger fan Van Gelder mocht ik ‘syn stim’ fertolkje. Dat ha ik mei wille dien:  Buro de Vries, 16 maart 2014 (6e item)      

It boek is skreaun troch Bas van Gelder, dy’t yn de oarlochsjierren dûmny wie yn Jorwert. Hy beskriuwt dy jierren yn in soarte fan deiboek.
Yn it earstoan ferrint dy oarloch yn Jorwert rêstich en letter wurdt it folle grimmitiger. Sa grimmitich dat Bas van Gelder, dy’t anti-dúts preket en ûnderdûkers oan skûlplak helpt, ûnderdûke moat. Dat docht hy yn syn eigen Jorwerter tsjerke, tusken it ferwulf en it dak.
Yn de radioreportaazje komt Douwe de Bildt oan it wurd. Hy hat in protte praten mei dûmny van Gelder en wit in protte fan it boek. Fierder fertelt Gais Meinsma oer har oantinkens oan de oarloch en dûmny van Gelder en ús hjoeddeistige dûmny, Hinne Wagenaar, lêst fragminten foar út it boek.
“Nachtboek van een Kerkuil” wurdt dit jier opnij útbrocht troch de Friese Pers Boekerij. Om befrijingsdei hinne sil it yn de winkels lizze.

Geef een reactie