Túnpreek 2017

Hanna Varghese (Lord, help me)

‘It bjusterbaarlike foarfal fan de frou
dy’t miende dat se in hûn wie’.

Markus 7: 24-30
Psalm 139 (Oosterhuis, 150 psalmen vrij)

 

1. Hoe’t it begjint
Bêste minsken, it is altyd in moai en yngewikkeld proses om te kommen ta de túnpreek (as refleksje op it Jorwerter Iepenloftspul, dit jier mei as titel: ‘It bjusterbaarlike foarfal fan de hûn yn de nacht’).  Wy wiene al yn in betiid stadium mei de tarieding begûn, tegearre mei Karin, mar it slagge net om te kommen ta in plan dêr’t ik mei út ’e fuotten koe. Ek it lêzen fan it boek fan ’t simmer hat my net holpen. Dan is der safolle om op yn te gean. Ik moat it stik earst sjen, belibje en priuwe. Dan begjint it kreative proses op gong te kommen. En wat moai dat jimme ek altyd nijsgjirrich binne wêr’t ik mei komme sil. Hoe faak ik dy fraach net krij… Doe’t ik it spul op de Jorwerter jûn seach doe kamen der daliks twa punten omheech driuwen. No probearje ik my yn in preek altyd te beheinen ta ien punt of tema, mar dit kear wol ik beide punten graach beneame. [Lees meer…]

Midsimmer!

St. Janskrûd

Midsimmer!

It is in ljochte en stille simmerjûn. Op it hôf fan de Jorwerter tsjerke is it rêstich krekt as hast altyd. De toerswellen fleane gierend om de tsjerke hinne en oer de dakken fan de huzen. In inkelde ûle begjint ûnrêstich te wurden en wachtet op in bytsje mear tsjusterens. Dan wurdt de rêst fersteurd troch minsken dy’t tsjin njoggen oere nei tsjerke ta opgeane om by Nijkleaster de midsimmer te belibjen en de Canto Ostinato fan Simeon ten Holt te beharkjen. De Canto sil op twa fleugels spile wurde troch de artysten Wiebe Kaspers en Johannes Hibma. In bytsje nei njoggenen is de tsjerke oant de lêste stoel beset. Ik hjit de minsken wolkom, doch inkelde meidielingen en stek tsien kearzen oan op de foarste rige fan de hearebanken. En twa kearzen by elk fan de pianisten. Dat is harren ljocht jûn by de partituer. Under de Canto wurdt twa kear in midsimmer-meditaasje útsprutsen wylst de muzyk ferstille trochgiet. De helte fan de kearzen wurde dwêste nei de meditaasjes. Tsien minuten foar de ein wurde de fjouwer kearzen fan de pianisten ek dwêste. It rint dan nei midsimmer en it is folslein tsjuster wurden yn tsjerke. De artysten spylje mei sa’n passy dat wy hast betsjoene wurde. Immen skreau de oare deis: ‘En toen die slotcadansen! Diepe ontroering. Toen voelde ik: met het licht in de rug kun je het duister aan. En als ook de muziek dooft, dan houden we even de adem in en zeggen luidkeels: dank je wel!’

[Lees meer…]

Cursus Leauwe yn Fryslân

De cursus Leauwe yn Fryslân (Geloven in Fryslân) voor predikanten, pastores en priesters begint met een nieuwe inhoud en opzet in september 2017. De locatie is steeds bij Nijkleaster te Jorwert. Informatieochtend: 28 juni om 09.30 uur. Het nieuwe programma gaat over theologie in Friesland in breed perspectief en gaat niet alleen over taal. Er wordt een driejarige cyclus (2017-2020) aangeboden die ook per jaar te volgen is. Per jaar zijn er 4 cursusdagen. Deze cursus is erkend voor de permanente nascholing binnen de PKN.

Alle informatie: Folder Frysk en Folder Nederlands

 

Willen we een dood of levend landschap?

Deze column van Koos Dijksterhuis is me uit het hart gegrepen.

NATUURDAGBOEK (Koos Dijksterhuis, Trouw/22 maart 2017)

De VVD wil aan natuur verdienen en het CDA heeft de natuur afgeschaft. In Trouw lees ik dat deze partijen als belangrijkste beleidsplan hebben: ruimte voor de boeren! Zouden ze een hoekje hebben ontdekt dat nog niet is doodgespoten?

Als ik door Nederland fiets, wandel of rijd, word ik verdrietig van de doodsheid van het platteland. Tachtig procent van ons land bestaat uit platgewalste turbograsvlakten of bespoten veevoervelden. De bodem is vergeven van diarree van miljoenen vetgemeste dieren, de akkers van chemische plantenverdelgers. [Lees meer…]

Theologie en Volkscultuur

Op 23 maart 2017 wordt een symposium ‘Theologie en Volkscultuur’ gehouden naar aanleiding van het werk van Henk Vreekamp. Ik zal een workshop verzorgen onder de titel ‘Een eigen Friese theologie?’ Collega Jan Dirk Wassenaar scheef een artikel als vooruitblik: Theologie en volkscultuur, een spanningsvolle relatie

 

 

Tsjin hope op hope

image-un_swords_into_plowshares_statuePreek foar Advint 2016

Lêzingen:

Jesaja 2: 1-5 of Jesaja 11: 1-10
Brief oan de Romeinen 13: 8-12 [Lees meer…]

In Fryske teology sûnder bloedbannen mei Grutte Pier

Grutte_PierYn it algemien-kultureel opinyblêd De Moanne (jiergong 15/nûmer 3/juny 2016) stiet in resinsje fan Eppie Dam oer myn boek Op ús eigen wize. Doe’t ik de útjefte bespruts mei útjouwer Steven Sterk wie syn kommentaar:’Wagenaar, it is in moai projekt, mar jo witte it sels wol. De kombinaasje fan Frysk en teology, dat lêst gjin hûn’. Dat liket spitigernôch somtiden ek noch wier te wêzen. Dêrom bin ik ferhipte wiis mei in resinsje yn De Moanne en noch folle wizer mei de ynhâld derfan. Jo hawwe gjin ‘Pierbewiis’ nedich foar dizze Fryske teology. De tekst fan de resinsje kinne jo hjir lêze. Sjoch ek op www.demoanne.nl. It boek is te krijen yn de boekhannel (útjouwerij Bornmeer)

Resinsje E. Dam (De Moanne, juny 2016)

In skûlplak yn Jorwert

1 maaie 2016Taspraak dy’t ik hâlden ha op snein 1 maaie ta gelegenheid fan in tsjerketsjinst fan de gemeente Westerwert yn de tiid dat it toanielstik ‘Skûlje yn Jorwert’ yn ‘e Jorwerter tsjerke spilet en yn de wike fan deadebetinking en befrijingsdei 2016.

De ‘Gang van de dienst’ en de toespraak fan ds. Bas van Gelder van de Bevrijdingsdienst op 19 april 1945 binne bewarre bleaun. Ik ha foar in part de lêzingen en lieten brûkt fan dy tsjinst. Ek de taspraak is yn twa dielen, krekt as doe. De ‘Gang door de dienst’ fan 19 april 1945 en de ‘Oarder fan de tsjinst’ fan 1 maaie 2016 fine jo ûnder de ûndersteande taspraak.

In skûlplak (taspraak 1 maaie 2016)

(Under de tsjinst lei op de liturgyske tafel in doaske sigaren fan it merk ‘de Acht Zaligheden’. Elkenien waard útnoege om nei de kofje in sigaarke te smoken op it hôf as in hommage oan ds. Bas van Gelder. De foto is makke by dy gelegenheid)