Oer God en Jorwert

08-Nijkleaster-AnneTerpstraOer God en Jorwert

It is hast trije jier ferlyn dat Nijkleaster yn Jorwert begûn as pioniersplak, in plak om op fernijende wize om te gean mei tsjerke, leauwe en spiritualiteit. Dit pioniersplak wurdt droegen troch de tsjerklike gemeente Westerwert yn de doarpen Jellum-Bears, Weidum en Jorwert (dêr’t ik ek gemeentedominy fan bin), de stifting Nijkleaster en de ôfdieling Missionair Werk fan de lanlike Protestantse Kerk in Nederland. Yn dizze trije jier ha wy besocht in plak te kreëarjen fan ‘stilte, besinning en ferbining’. By alle aktiviteiten hawwe wy in koarte fiering, moetsje wy elkoar en geane wy nei bûten mei de saneamde kleasterkuier. Dat lêste is suver al in begryp wurden en wy ha murken dat op ferskate plakken yn Fryslân en Nederlân dat oernommen wurdt. Prachtich. Wy hawwe yn dizze hast trije jier in soad flecht op ‘e koai hân. Mear dan dat wy ea ferwachte hienen. En dêr binne wy bliid mei en tankber foar.

Ien fraach komt hieltyd wer op it aljemint: ‘Bringe jimme God no wer werom yn Jorwert?’ Of somtiden is it hielendal gjin fraach mar in konstatearring. Yn de parse is al gauris de kop brûkt: ‘God keert terug in Jorwert.’ Dat komt fansels fanwege de titel fan it ferneamde boek fan Geert Mak ‘Hoe God verdween uit Jorwerd. Een Nederlands dorp in de twintigste eeuw’  út 1996. En hoe logysk it ek klinke mei, it kloppet net. Ik krij der hieltyd wer in bytsje pine yn ‘t liif fan. Wêrom? No, omdat it útgiet fan ferâldere konsepten en gedachten oer tsjerke en maatskippij. De titel fan Mak’s boek sloech op de grutte feroaringen op it plattelân yn de twadde helte fan de tweintichste ieu. Alles feroare en der ferdwûnen winkels, boerebedriuwen, skoallen, banken ensafuorthinne. Ek it tsjerklik libben en de ieuwenâlde tsjerklike struktueren gienen foar in grut part teloar.

Efter de fraach ‘Komt God no wer werom yn Jorwert?’fiel ik in restauraasje gedachte. It giet net allinne oer ‘God’ mar oer de tsjerklike struktueren. Soe it dochs noch goed komme en soe it tsjerklike systeem fan eartiids wer hersteld wurde kinne? Mar dan stoareagje wy ús blyn op it ferline mei syn struktueren. Dat wolle wy no krekt net! Want dan liket it as soe God ôfhinklik wêze fan dy struktueren. Krekt as soenen wy de tsjerke rêde moatte of kinne. Nee, wy wolle by Nijkleaster op in nije wize prebearje te sjen nei minsk en maatskippij. Wy biede in iepen romte oan minsken fan alderhande snit en tradysje om oan de slach te gean mei har eigen libben en leauwen. En dan blykt der hiel wat geande te wêzen op it mêd fan leauwe en spiritualiteit. Wy merke dat minsken it wurdearje dat wy de struktuer oanbiede en har alle frijheid jouwe om sels stil te wêzen, har te besinnen en ferbining te sykjen mei oaren, mei de natuer of mei God. Wy sizze it net foar en wy hawwe it net foar it sizzen.

Dat wy God werom bringen soenen yn Jorwert is, as jo trochtinke, heechmoedich. Yn it earste plak nei God ta. Dy giet ús ommers boppe de macht! Mar ek nei de minsken fan it doarp Jorwert ta. Krekt as soenen wy as nijkommers it de minsken foarsizze kinne: ‘Jim wienen it efkes kwyt, mar no komme wy om it jim werom te bringen.’ Nee, krekt oarsom! Wy wolle prebearje te lústerjen. En dat is hielendal net sa maklik. Wy wolle oanslute by de iepenheid fan de minsken en de iepen romte fan ‘e greide en ‘e loften. Wy bringe God net, wy besykje God te finen! Of miskien noch better: wy besykje ús fine te litten.

En by eintsjebeslút, dit ferhaal giet net allinne oer Jorwert, in Frysk doarp yn ‘e ienentweintichste ieu, mar likegoed oer it doarp of de stêd dêr’t jo wenje.

HINNE WAGENAAR (Jorwert, simmer 2015)

Geef een reactie